Springe nei ynhâld

Marknesse

Ut Wikipedy
Marknesse út de loft wei

Marknesse is in doarp yn de Noardeastpolder, ten easten fan it haadplak Emmeloard. It doarp leit oan de wei fan Emmeloard nei Vollenhove en is mei hast 4000 ynwenners (3.892 yn july 2007) nei Emmeloard it grutste plak yn de Noardeastpolder.

Marknesse ûntstie yn 1942 as it barakkekamp doarp B. In jier letter waard it omdoopt yn Marknesse, nei Marcnesse of Maronesse, in doarp dat yn de Midsiuwen yn de buert fan Urk en Skoklân lein hawwe moat. Yn 1948 begûn de bou fan it eigentlike doarp, nei in ûntwerp fan de Direksje Wieringermar (Noardeastpolderwurken).

Opfallend foar it doarpsplein binne de noard-súd rinnende strjitten. Brede griene leanen kuse de strjitten. Der binne ferskate basisskoallen, sportfjilden, tennisbanen, in sporthal en in iisbaan te finen. Sûnt 1992 is der in fersoargingstehûs. It doarp hat in oantal ferienings en in doarpsferiening dy't alle jierren in doarpsfeest organisearret.

Marknesse kaam yn maart 2005 yn it nijs troch de kâldste maart-nacht ea yn Nederlân. Yn de nacht fan 3 op 4 maart 2005 sakke de temperatuer by it KNMI-mjitstasjon Marknesse ta -20,5 graden. Dat is in ferbettering fan it rekord fan 7 maart 1971, doe't -18,7 graden mjitten waard yn Wageningen. De kjeld yn Marknesse wie neffens it KNMI it gefolch fan de heldere himel, it dikke pak snie dat op 2 en 3 maart fallen wie en in hast folsleine wynstilte. De útsûnderlike kjeld yn dy nacht feroarsake grutte skea oan de pleatslike fruittylt. Blomknoppen rûnen ûnherstelbere skea op, sadat de fruchten net ta ûntwikkeling komme koene.

By Marknesse sit in festiging fan it Nasjonaal Lucht- en Romtefeartlaboratoarium, de Stifting Dútsk-Nederlânske Wyntunnels en it Geomaticapark. By Marknesse is in soad lânbou en túnbou.

De wichtichste ferbiningen fan it doarp binne de snelwei A6 tusken Lelystêd en De Jouwer en de autowei N50 tusken Emmeloard en Kampen. It doarp hat busferbiningen mei Emmeloard (line 71, 75, 76 en 171), Zwartsluis (line 71-171), Vollenhove (line 71-171), Skerpenseel (line 76), Swol (line 171-71) en Stienwyk (line 75 en 76). Op 15 minuten riden lizze de natoergebieten fan de Kop fan Oerisel.

Bekende Marknessers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]