Springe nei ynhâld

Maria Jacoba Delbaere-Prins

Ut Wikipedy

Maria (Marie) Jacoba Delbaere-Prins (1896 - ?) wie de skriuwster fan in tal nasjonaalsosjalistyske mearkes.

Delbaere-Prins wie partijfunksjonaris by de Nasjonaal-Sosjalistyske Frouljusorganisaasje (NSWO) en freondinne fan de oprjochster dêrfan, frou Julia op ten Noort. Sy wie boaske oan dokter Louis Delbaere en arbeide mei him op yn de kontakten mei de Oxfordgroep. Fierders siet hja mei Elisabeth Keers-Laseur en Geertruida Monsees-van der Veen yn de opstelried (redaksjeried) fan it alle twa wiken ferskinende NWSO-tydskrift De Nationaal-Socialistische vrouw (1940-42).[1]

Yn 1943 publisearre útjouwerij De Schouw fan har Het geluk is overal, in útjefte mei trije mearkes mei yllustraasjes fan D.J. du Croo.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Dat 1943 fuortset waard as Nederlandsch vrouwenleven: tijdschrift voor de Nederlandsche vrouw en 1944 as N.S.V.O. nieuws.