Springe nei ynhâld

Mandala

Ut Wikipedy

De Mandala (Sanskryt: मण्डल foar sirkel) is in generike term út de Tibetaanske keunst en it Tibetaansk boeddhisme foar in plan, kaart of geometrysk patroan dat metafysysk of symboalysk de kosmos útbyldet. It konsept hat in hindoeïstyske oarsprong, mar wurdt ek in soad yn it Tibetaansk boeddhisme brûkt.

In bysûndere foarm is de sânmandala dy't, omjû mei rituele seremoanjes, wikenlang oan yn minusjeus detail makke wurdt mei lytse kerreltsjes sân, wêrnei't it letter wer seremoanjeel ferneatige wurdt en oan de natoer (streamend wetter) werom jûn wurdt.

De psychiater Carl Gustav Jung seach de mandala as foarstelling fan it ûnbewuste sels.