Springe nei ynhâld

Magnentius

Ut Wikipedy
Ofbylding fan Magnentius op munt

Flavius Magnus Magnentius (303 - 11 augustus 353) wie in Romeinske keizer fan 18 jannewaris 350 oant 11 augustus 353. Hy hie feitlik gjin rjocht op de troan, en waard troch de oare keizers Konstâns I en Konstantius II yn 350 as sadanich net erkend. Dêrom wurdt hy in usurpator neamd.

Magnentius, wie net fan Romeinske komôf, hy wie berne yn Samarobriva. Hy hie in Britske heit en in Frankyske mem. Neffens de boarnen hie hy as laetus opgong makke yn it leger. Hy wie troud mei Justina, dy't letter opnij trouwe soe mei keizer Valentinianus I. Magnentius waard generaal yn it leger en wie yn Galje doe't hy by in banket op 18 jannewaris 350 troch legerofsieren as tsjin-keizer útroppen waard. Hy kaam op it goeie moment yn aksje, want Konstantius II hie yn dy tiid te meitsjen mei tsjinslaggen yn in it easten. Doe't Konstans hearde fan de opstân flechte hy nei Spanje, wêr't hy deamakke waard troch Magnentius yn febrewaris 350. De oerwinner hie al gau de kontrole oer de measte gebieten fan Konstans.

Konstantius krige pas letter, yn de winter te hearren oer de dea fan syn broer. Hy wie ûnwis wat er dwaan moast, omdat hy midden yn in fjildtocht siet tsjin de Perzen. Syn frou Konstantina lykwols helle Vetranio oer him as keizer te beneamen. Ventranio woe ûnderhandelje mei Konstantius, mar dizze seach dat net sitten. Vetranio ferbûn him ferfolgens mei Magnentius, om sa te berikken dat Konstanius him erkenne soe. Konstantsius lykwols luts tsjin Ventanio ten stride en twong Vetranio ôf te treden. Yn juny 350 wie der opnij in opstân, diskear fan Nepotianus yn Rome, mar dizze waard fuort delslein troch Magnentius.

De folgjende winter beneamde Magnentius Magnus Decentius, mooglik syn broer, as Caesar om de Ryn en Galje te beskermjen. Konstantsius beneamde syn neef Flavius Claudius Constantius Gallus yn it easten as Caesar, sadat hy sels ôfrekkenje koe mei Magnentius.

Yn septimber kaam it ta in grutte slach by Mursa tusken Magnentius en Konstantsius, wêrby't Magnentius in soad soldaten ferlear. Hy luts him tebek yn Noard-Itaalje en letter yn Galje. Mar Konstantsius liet it der net by sitte en foel him fannijs oan. Magnentius syn leger waard ferslein by Mons Seleucy, en Magnentius flechte nei Lyon. Syn soldaten seagen gien heil mear yn de striid en woenen Magnentius oerdrage oan Konstantius. Mar sa fier kaam it lykwols net, om't Magnentius himsels op 11 augustus fan kant makke.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]