Lolkje de Jong-van den Berg
Lolkje de Jong-van den Berg | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Lolkje Theodora Wilhelmina de Jong-van den Berg | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 2 novimber 1947 | |
berteplak | Westhim | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
jierren aktyf | 1998-2013 Heechlearaar sosjale farmasy en farmako-epidemiology |
Lolkje Theodora Wilhelmina de Jong-van den Berg (Westhim, 2 novimber 1947) wie heechlearaar sosjale farmasy en farmako-epidemiology oan de Ryksuniversiteit Grins.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn har stúdzje farmasy yn Grins keas De Jong foar de rjochting farmakology, mar har al gau krige se mear niget oan fraachstikken oer 'farmasy en maatskippij'. Nei har stúdzje krige sy in oanstelling by de subfakulteit Farmasy om it fak farmakoterapy te jaan en trije jier letter as koördinator fan de wittenskipswinkel foar genêsmiddels.
Yn 1985 folge in oanstelling by de ôfdieling Farmasy & Mienskip, dêr 't se nije maatskippijrjochte ûndersyks - en ûnderwiisprogramma's opsette. Se wie belutsen by ferskate maatskiplike diskusjes oer genêsmiddels en by de praktyk fan de apotekers, dêr 't se nau mei gearwurke. Tusken 1998 en 2013 wie se heechlearaar oan de RUG.
Yn 2015 waard se beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Undersyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kearn fan it ûndersyk fan De Jong gie oer it effekt fan genêsmiddelgebrûk troch swangere froulju op embryo's en bern. Dat waard ek it tema fan har promoasje-ûndersyk dat resultearre yn it proefskrift Drug utilization studies in pregnancy; what can they contribute to safety assessment? yn 1992.
De resultaten fan har ûndersyk makken dat se in nasjonaal en ynternasjonaal erkende autoriteit waard op it mêd fan risiko's fan genêsmiddelgebrûk en swierwêzen. Sy wie belutsen by de Europeeske organisaasje EUROCAT (European Congenital Anomalities and Twins-registraasje), dy't har dwaande hâldt mei registraasje fan oanberne ôfwikingen. Yn 2002 waard sy foarsitter fan de Working Group Drugs in Pregnancy fan dy organisaasje.
Har ûndersyk rjochte him ek op de langetermyneffekten fan genêsmiddelegebrûk op bern ûnder de ferwachting. Letter wie se ek belutsen by ûndersyksprojekten oer de ekonomyske aspekten fan genêsmiddelgebrûk, it brûken fan medisinen, drugs en alkohol op bern en jongerein en risikokommunikaasje om medisinen hinne.
Underwiis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tegearre mei oaren binnen har fakgroep Sociale Farmacie en Farmacoepidemie soarge De Jong derfoar dat maatskippijrjochte fakken as farmasy en mienskip en sosjale genêskunde in plak krigen yn de farmasyoplieding. Neffens har moast de apoteker behalve oer yngeande farmaseutyske kennis ek beskikke oer feardichheden dy 't bydroegen oan in goed gebrûk fan genêsmiddels. Mei troch har ynset kaam der yn de oplieding mear omtinken foar kommunikative feardichheden en pasjintesoarch.
Maatskiplik belutsen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn har hiele karriêre liet De Jong in sterke maatskiplike belutsenens sjen. Sy rôp bygelyks studinten en ûndersikers op kritysk te wêzen op de farmaseutyske yndustry. De Jong sels hat neffens eigen sizzen altyd ôfhâldend west by it oannimmen fan ûndersyksjilden troch dy bedriuwstûke.
Se hie 20 jier lang ferskate funksjes by it Geneesmiddelenbulletin. Ek wie se meiwurker of redakteur by twa standertwurken oer genêsmiddels; Geneesmiddelen in Nederland, rjochte op in breed publyk, en Het Geneesmiddel, bedoeld foar studinten Farmasy en Genêskunde. Ek skreau se artikels yn de fakpers en populêre media.
De Jong joech ferskate kearen advys oer oanpassing fan it medisyngebrûk. Se hat der bygelyks altyd foar pleite dat foliumsoer tatsjinne waard oan froulju, inkelde wiken foardat se swier waarden om foar te kommen dat ôfwikingen fan de neurale buis ûntstean soene. Mei troch har ynspanningen wurdt dit advys yn Nederlân fan 1993 ôf jûn en dêrnei ek yn oare lannen. Dêrneist binne mei troch har tadwaan ûnder mear dokters en apotekers yn Nederlân kritysker sjoen nei de sûnenseffekten fan pilgebrûk troch froulju boppe de 50 jier.
Publikaasjes (in kar)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Horst P.G. ter, Bos H.J., Jong-van den Berg L.T.W. de & Wilffert B. (2013) In utero exposure to antidepressants and the use of drugs for pulmonary diseases in children, Eur J Clin Pharmacol 69(3) 541-547.
- Bijlsma M.J., Hak E, Bos H.J., Jong-van den Berg L.T.W de & Janssen F. (2012) Inclusion of the birth cohort dimension improved description and explanation of trends in statin use, J Clin Epidemiol 65, 1052-1060.
- Bock G.H. de, Musters R.F., Bos H.J., Schroder C.P., Mourits M.J. & de Jong-van den Berg L.T.W. (2012). Psychotropic medication during endocrine treatment for breast cancer, Support Care Cancer. 20(7) 1533–1540.
- Crijns, H.J., van Rein, N., Gispen-de Wied, C. C., Straus, S. M. & Jong-van den Berg, L.T.de (2012) Pharmacoepidemiology and Drug Safety 21(10) 1060-1066.
- Buurma, H., Beudeker, H. J., Jong-van den Berg, L.T.W. de & Leufkens, H.G.M. (2005) Het geneesmiddel, Elsevier/Bunge, Maarssen.
- Reijnders, Lucas, Bouvy, Marcel, Buurma, Henk, Jong, Lolkje de & Arnold Vulto (2004) Geneesmiddelen in Nederland. Van Gennep, Amsterdam.
- Haaijer, F.M., Ruskamp, L.T.W. de Jong-van den Berg & N.F. Wieringa (1998) Betaalbare kwaliteit in de geneesmiddelenvoorziening; achtergrondstudie Raad voor de Volksgezondheid en Zorg, Zoetermeer.
- Jong-van den Berg, Lolkje T. M. de, Corinne S. de Vries (1997) Farmacotherapie overleg in de praktijk, Werkgroep Sociale Farmacie en Farmacoepidemiologie, Afdeling Farmacie, Rijksuniversiteit Groningen, Groningen,
- Brug,J., L.T.W. de Jong-van den Berg & M.C.J.M. Sturkenboom (1994) Psoriasis; gebruik van voeding en (zelf)medicatie door psoriasispatiënten, Ryksuniversiteit Grins, Grins.
- Jong-van den Berg, Lolkje T. W. de (1992) Drug utilization studies in pregnancy; what can they contribute to safety assessment? Proefskrift Grins, Styx, Groningen.
- Jong-van den Berg, Lolkje de & Corrien Waardenburg (1991) Geneesmiddelengebruik tijdens zwangerschap, Styx, Grins.
- Koning, Heleen de, Jong-van den Berg, lolkje de & Nicolien Wieringa (1987) Een kijkje in de apotheek, Koninklijke Nederlandse Maatschappij ter Bevordering der Pharmacie, De Haach.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |