Lily Carter
Lily Carter | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Lili Carter, Lily B. Navaeh Lee | |
echte namme | Nicole Wood | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 15 april 1990 | |
berteplak | Yoncalla (Oregon) | |
etnisiteit | Iersk Ingelsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2010 – no | |
offisjele webside | ||
lilycarter.com |
Lily Carter, echte namme: Nicole Wood (Yoncalla (Oregon), 15 april 1990), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Iersk-Ingelsk etnysk komôf. Har hjoeddeiske skûlnamme wurdt ek wol (mis)stavere as Lili Carter, en hja hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Lily B. en Navaeh Lee. Carter sette yn 2010 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en is dêrmei tige súksesfol. Yn 2013 wûn se sawol de AVN Award, de XRCO Award as de Xbiz Award yn 'e kategory bêste aktrise.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Carter waard yn 1990 berne yn Yoncalla, yn 'e Amerikaanske steat Oregon. Yn 2010, doe't se tweintich jier wie, sette se útein mei in karriêre as webcamgirl wêrby't se solosekssênes die. Dêrby wurke se earst ûnder de skûlnamme Naveah Lee, mar naam se letter de skûlnamme Lily Carter oan. Dy basearre se op 'e namme fan mainstream-aktrise Lynda Carter, dy't yn 'e 1970-er jierren ferneamd waard yn 'e rol fan 'e superheldinne Wonder Woman.
Nei ferrin fan tiid begûn Carter ek lesbyske sênes te dwaan, en dêrnei folgen sênes mei manlike akteurs, hoewol't se úthâldt dat se eins lesbiënne is. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt 2010 yn mear as 180 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Jules Jordan Video, Elegant Angel, New Sensations, Digital Sin, Devil's Film, Wicked Pictures, Evil Angel, Diabolic Video en Red Light District.
Dêrnjonken hat Carter ek wol yn 't spier west foar minder bekende studio's, lykas Pure Play Media, West Coast Productions, Mile High Media, Girlfriends Films en Third Degree Films. Ek hat se in protte wurke foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers, Naughty America, BlacksOnBlondes en Muffia. Yn 2013 wûn Carter de AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory bêste aktrise, foar har rol yn 'e film Wasteland. Foar dyselde rol wûn ek XRCO Award en de Xbiz Award foar bêste aktrise. Carter har leafhawwerijen binne kuierjen, tennis en lêzen.
Lichemsskaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lily Carter is blank, mei blauwe eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.60 m lang, mei in gewicht fan 47 kg, en in natuerlike kupmaat 32B. Se hat gjin piercings, mar wol twa tatoeaazjes fan stjerren op har ûnderbúk, tusken har nâle en har fagina yn.
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2012 | AVN Award | nominearre | bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Skin Diamond en Criss Strokes) | Slut Puppies 5 |
nominearre | bêste nije stjer | n.f.t. | ||
Los Angeles International Underground Film Festival Award |
wûn | bêste aktrise | Wasteland | |
XRCO Award | nominearre | bêste nije stjer | n.f.t. | |
2013 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske sekssêne (mei Skin Diamond) | Interracial Lesbian Romance |
nominearre | bêste lesbyske sekssêne (mei Lily Labeau) | Wasteland | ||
nominearre | bêste lesbyske groepsekssêne(mei Bree Daniels, Zoey Holloway en Prinzzess) | Please Make Me Lesbian! 7 | ||
nominearre | bêste orale sekssêne (mei Lily Labeau) | Wasteland | ||
nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (mei Erik Everhard) | Sport Fucking 9 | ||
nominearre | bêste POV-sekssêne (mei Riley Reid en Jules Jordan) | Ultimate Fuck Toy: Riley Reid | ||
nominearre | bêste anale sekssêne (mei Mick Blue) | Best New Starlets 2012 | ||
nominearre | bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Eva Angelina en Mick Blue) | Evalutionary 2 | ||
nominearre | bêste triosekssêne (f/m/m) (mei Jon Jon en Prince Yahshua) | Lily Carter Is Irresistable | ||
nominearre | bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Mick Blue en Ramón Nomar) | Lily Carter Is Irresistable | ||
nominearre | bêste groepsekssêne (mei Lily Labeau, Mick Blue, David Perry, Ramón Nomar en Toni Ribas) | n.f.t. | ||
nominearre | froulike artyst fan it jier | n.f.t. | ||
wûn | bêste aktrise | Wasteland | ||
Xbiz Award | nominearre | froulike artyst fan it jier | n.f.t. | |
wûn | bêste sekssêne yn in feature-film (mei Lily Labeau, Mick Blue, Ramón Nomar, David Perry en Toni Ribas) | n.f.t. | ||
wûn | bêste aktrise (dield mei Lily Labeau) | Wasteland | ||
XCritic Fans Choice Award | wûn | bêste aktrise | Wasteland | |
XRCO Award | nominearre | froulike artyst fan it jier | n.f.t. | |
wûn | bêste aktrise | Wasteland | ||
wûn | wiete dream (cream dream) | n.f.t. | ||
2014 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske sekssêne (mei Molly Bennett) | Meow! 3 |
nominearre | bêste groepsekssêne (mei Bill Bailey, James Deen, Erik Everhard, Alex Gonz, Jon Jon, Ramón Nomar en Toni Ribas) | Performers of the Year 2013 |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Lily Carter
- (in) Biografy en filmografy fan Lily Carter yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Lily Carter yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
- (in) Biografyske gegevens fan Lily Carter op FreeOnes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|