Springe nei ynhâld

Kuorbalferiening DFD

Ut Wikipedy
DFD
Oprjochte: 6 jannewaris 1981
Plak: Oentsjerk
Kompleks: Kaetsjemuoiwei
Tal leden: 210
Tenu
webstee DFD

Kuorbalferiening DFD wie in feriening út Oentsjerk. DFD stiet foar De Fiif Doarpen: Oentsjerk, Gytsjerk Aldtsjerk, Mûnein en Readtsjerk. Sûnt 1 july 2017 is de feriening fuseare mei kuorbalferiening Tytsjerk ta kuorbalferiening De Wâlden.

De feriening is oprjochte op 6 jannewaris 1981. Foar dy tiid waard der ek al kuorballe yn Oentsjerk en omkriten, mar doe ûnder de namme sportferiening Trynwâlden, mei ûnder oare in fuotbal- en gymnastykclub Nei wat bestjoerlike problemen besleat de kuorbalferiening selsstannich fierder te gean.

DFD spilet yn in oranje/swart shirt mei in swarte broek/rok. Kuorkepraat is it klubblêd.

In 2004 krige de feriening in keunstgersfjild op sportkompleks Kaetsjemuoilân oan de Van Haersmasingel yn Oentsjerk. Yn de wintermoannen wurdt spile yn sporthal De Hege Wâlden yn Oentsjerk. Yn 2011 hat DFD mear as 200 leden. It earste team waard kampioen en promovearre yn de jierren '90 fan de lanlike 3e klasse nei de lanlike 1e klasse, letter wurd ek de stap nei de Oergoangsklasse makke, dêr't it yn 2011 noch yn spilet op it fjild, yn de seal spilet it wer 1e klasse.

Yn de koarte skiednis, it is ien fan de jongste kuorbalferienings yn Nederlân, binne ferskate jeugdteams Frysk kampioen wurden. Se hawwe boppedat meidien oan de NK. De D's, C's, B's, en de A's hawwe boppedat meidien oan NK seal- en fjildkampioenskippen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]