Keith Allen
Keith Philip George Allen (Swansea, 2 juny 1953) is in Britsk komyk, akteur en presintator. Hy is de heit fan sjongster Lily Allen.
Akteur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Allen spile yn ferskate, meast koartswilige, films en TV-rigen fan begjin jierren 80 ôf. Hy ferskynde ûnder oaren yn Twin Town (film regisearre troch syn broer Kevin Allen), I Love Keith Allen (TV-rige op satellytstjoerder BSB), Shallow Grave (thriller fan Danny Boyle út 1994) en Trainspotting (ek fan Danny Boyle, út 1996).
Yn 2000 spile er mei yn twa toanielstikken fan Pinter.
Yn 2001 en neifolgjende jierren siet er yn tal fan Britske searjes, sa as Murder in Mind, Black Books, Bodies en Robin Hood.
Muzyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ein jierren 70 wie Allen lid fan de Londenske punkband The Atoms en letter fan de gelegenheidsgroep Fat Les en skreau mei oan New Order har Britske nûmer 1-hit, "World In Motion". Hy trede ek út en troch mei dy groep op.
Privee
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Allen seit sels (desimber 2007 yn it BBC autoprogramma Top Gear) dat er seis bern hat by fjouwer ferskillende froulju. Hy hat twaris troud west, mei Nira Park en Alison Owen en hie ûnder oaren ferhâldingen mei Julia Sawalha en Tamzin Malleson. Mei de lêste krige er in dochter, Teddie, berne yn 2006. Sjongster Lily Allen is syn dochter út it houlik mei Alison Owen. Keith is fûleinich supporter fan de Londense fuotbalklup Fulham FC en wie belutsen by ferskate temasongs wat fuotbal oanbelanget.
Boek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Grow Up, Ebury Press, 2007