Karel de Bazel
Karel Petrus Cornelis de Bazel (De Helder, 14 febrewaris 1869 - Amsterdam, 28 novimber 1923) wie in Nederlânske arsjitekt, graveur, tekener, meubelûntwerper, tapytûntwerper, glêskeunstner en boekebânûntwerper. Hy wie learaar fan Adriaan Frederik van der Weij en de earste foarsitter fan it Bûn fan Nederlânske Arsjitekten (BNA).
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jeugd en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Karel de Bazel wie in soan fan Karel Pieter Cornelis de Bazel, konsjerzje fan it Ministery fan Marine, en Petronella Elisabeth Koch. De Bazel kaam út in ienfâldich fermidden en besocht allinne mar de legere skoalle. De Bazel begûn as learfeint by in timmerman.
Nei de jûnsoplieding boukunde oan de Keninklike Akademy fan Byldzjende Keunsten yn Den Haach waard er tekener by in 1888 Haachsk arsjitekteburo. Yn 1889 waard De Bazel tekener op it buro fan P.J.H. Cuypers yn Amsterdam. Bekend út dizze perioade binne syn perspektyftekeningen fan de Sint-Vitustsjerke te Hilfertsom en de Sint-Bavokatedraal yn Haarlim. Cuypers wie tige optein oer dit wurk dat hy befoardere De Bazel ta opsichter en letter ta sjef de bureau. Doe't De Bazel lykwols yn 1894 lid wurden wie fan de Teosofyske Feriening kaam it ta in brekken mei de katolike Cuypers. Yn 1895 foarme De Bazel tegearre mei Johannes Ludovicus Mathieu Lauweriks in eigen firma.
Ferneamdens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1904 stifte er it ferneamd wurden Amsterdamske meubelatelier De Ploeg. Letter wie er ek tegearre mei Hendrik Petrus Berlage, foaroanman fan in boustyl opkaam krekt foar de Earste Wrâldkriich: it Rasjonalisme. De ûntwerpen fan De Bazel út dy tiid litte easterske ynfloeden sjen. Dan folgje:
- Kantoargebou foar de Nederlandsche Handel-Maatschappij, boud fan 1919-1926, oan de Vijzelsttjitte 32 yn Amsterdam. It gebou wurdt De Bazel neamd.
- It gebou fan de Nederlânske Heidemaatskippij yn Arnhim.
- De Synagoge fan Ynskedee, in ûntwerp dat earst nei syn dea realisearre waard.
Ek ûntwurp er yn 1905 foar de Stichting foar Ynternasjonalisme in achthoekige Wrâldhaadstêd, justjes bûten Den Haach. Dit plan waard lykwols net útfierd. Ynstee waard it Fredespaleis dêr set. It oarspronklike plan waard wol opnaam yn Berlage syn Utwreidingsplan foar Den Haach 1908, mar ek dit plan waard nea realisearre.
Yn 1921 krige De Bazel fan de gemeente Bussum de opdracht om in nije wenwyk te ûntwerpen, it Brediuskertier. Dit waard ién fan de moaiste en meast kompleet bewarre foarbylden fan in wen/filla wyk yn de styl fan de Amsterdamske Skoalle yn Nederlân. Op 17 novimber 2006 is de wyk offisjeel beskerme doarpsgesicht wurden.
De Bazel hâlde him ek dwaande mei it ûntwerpen fan meubels en gebrûksfoarwerpen. Bekende foarbylden dêrfan binne de yn1909 makke widze fan prinses Juliana en in Pulchrikast dy't er by gelegenheid fan it houlik fan Keninginne Wilhelmina mei prins Hendrik yn 1901 ûntwurp.
Dan de postsegels ta eare fan it iuwfeest fan it keninkryk yn 1913 wiene ek fan De Bazel. Dêrfoar portrettearre er de keninginne en har trije foargongers.
De Bazel makke yn Amsterdam tusken 1913 en 1916 in stikmannich arbeiderswenten yn de Spaarndammerbuorren. De Bazel wie teffens ien fan de ûntwerpers fan it glêsfabryk yn Leardaam, dêr't er tige mei opfoel. Dat fabryk beluts fan 1915 ôf keunstners by it ûntwerpen fan gebrûks- en sierglês. Arsjitekten sa as Berlage en Frank Lloyd Wright hearden ek ta de ûntwerpers fan it Leardamer glês.
De ein
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Karel de Bazel stoar doe't er 54 jier âld wie yn 'e trein ûnderweis nei de begraffenis fan kollega-arsjitekt Michel de Klerk. Hy makke de foltôging fan ien fan syn wichtichste ûntwerpen - it gebou fan de Nederlandsche Handel-Maatschappij - yn 1925 net mear mei.
Foarbylden fan ûntwerpen fan Karel de Bazel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Untwerp Menko-van-Dam hûs yn Ynskedee
-
Menko-van-Dam hûs
-
Kast foar it pear Menko-van Dam
-
Entree fan in filla yn Ynskedee
-
synagoge fan Ynskedee
-
lampe yn 'e synagoge fan Ynskedee
-
Ytkeamer foar it pear Schuurman-Gentis
-
Diel glêsservys fan Glêsfabryk Leardaam