Springe nei ynhâld

Jens Juel

Ut Wikipedy
Jens Juel, selsportret (1766)

Jens Jørgensen Juel (Balslev op Funen; 12 maaie 1745 - Kopenhagen, 27 desimber 1802) wie in Deensk keunstskilder.

Jens Juel waard learling fan Johann Michael Gehrman yn Hamburch, gie dêrnei nei de Keninklike Deenske Keunstakademy yn Kopenhagen, dêr't er, nei in seisjierrich ferbliuw yn Itaalje en Switserlân, hofskilder, lid, dan professer en úteinlik direkteur waard.

Jens skildere karakteristyk opsette portretten yn noflik oandwaande kleuren, dêr't in hast libbensgrut ôfbyld fan de kopergraveur Clemens, Klopstock en Kristian VII fan Denemark ûnder binne. Fierders skildere er ek lânskippen en sjenrestikken.

Ta syn learlingen hearden de Dútske skilder Caspar David Friedrich (1794-98) en Philipp Otto Runge (1799-1801).

Jens Juel makke reizen nei:

In kar: