Springe nei ynhâld

Holpryp

Ut Wikipedy

Holpryp is in buorskip yn de gemeente De Waadhoeke. Holpryp leit benoardwesten Tsjom. De dyk Holpryp rint fan Tsjom nei de Lollumerwei.

De Hottinga State, tekene yn 1723 troch Jacobus Stellingwerf

De namme Holprijp kaam yn 1433 foar it earst foar op in lânkaart.[1] Yn 1414 waard it rjochtsgebiet noch oantsjut as Ripera fiarndel. Holprijp ferwiist nei de wetternamme 'Holp' en 'ripa'.

Yn de buorskip stie eartiids in frijwat wichtige stins, de Hottinga State. Dy wie de reden dat it plak yn 1433 neamd waard, mar de stins wie fan earder datum. Yn 16e iuw waard Hottinga in aadlik hûs. Teffens hie de buorskip noch de Sybranda State, dy't ta deselde (grutte) famylje behearde. Hottinga State is ôfbrutsen; op it stee stiet no in pleats.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Beeld van oud-Tzum (Henk Kreger), s. 219