Springe nei ynhâld

Hjerbeam

Ut Wikipedy
Hjerbeam
Sicht op Hjerbeam
Sicht op Hjerbeam
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
Sifers
Ynwennertal 270 (1 jannewaris 2023)
Oerflak 3,05 km², wêrfan:
- lân: 2,97
- wetter: 0,08 km²
Befolkingsticht. 88 ynw./km²
Oar
Koördinaten 53° 11' N 5° 29' E
Offisjele webside
FB-side
Kaart
Hjerbeam (Waadhoeke)
Hjerbeam

Hjerbeam is in doarp dat yn de gemeente De Waadhoeke leit. Hjerbeam leit eastlik fan Mullum, noardeastlik fan Harns en westlik fan Frjentsjer. De doarpskearn leit noardlik fan de Rykswei rûn de Niklaastsjerke. De buorskip Kystersyl heart foar in part ek by Hjerbeam.

Op 1 jannewaris 2023 hie Hjerbeam 270 ynwenners.

It doarp ûntstie op in terp. Yn de 13e iuw waard it 'Herbadingum' neamd, yn 1400 'Heerbadigim', yn 1417 'Herbaynghum', yn 1433 'Herbadeghum' en yn 1505 'Herbaeyum'. De plaknamme soe it wenplak (hiem/um) fan de famylje Herbadinga betsjutte.

It doarp krige fral yn 'e rin fan de 20e iuw wat útwreiding oan de noardlike kant, wylst de iepen romte tusken de twa stêden oan it begjin fan de 21e iuw troch de oanlis fan nije yndustryterreinen yn Harns en fral Frjentsjer lytser waard.

Tegearre mei Mullum hie Hjerbeam oan it spoar Stiens-Harns fan 1 oktober 1903 oant 15 maaie 1935 de halte Mullum-Hjerbeam.

Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waarden op 18 novimber 1944 oan 'e Rykswei by Hjerbeam trije finzenen troch de nazys stânrjochtlik eksekutearre yn it ramt fan 'e represailles by Hjerbeam en Menaam út wraak foar aksjes fan it Fryske ferset.

Oant 31 desimber 2017 hearde it doarp by Frjentsjerteradiel. Sûnt 1 jannewaris 2018 falt Hjerbeam ûnder de doe nije gemeente Waadhoeke. Yn itselde jier krige Hjerbeam as earste doarp fan Nederlân in buertmûne.[1]

Sûnt 2018 leit Hjerbeam yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it yn de gemeente (nij) Frjentsjerteradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Frjentsjerteradiel (sudertrimdiel).

De Wikipedy hat ek in side Niklaastsjerke (Hjerbeam).

De tsjerke komt út de midsiuwen, nei alle gedachten út de twadde helte fan de 13e iuw. It gebou waard ûnder begelieding fan arsjitekt P.J. Jaarsma yn 1872 fernijd. De noardmuorre bleau by de fernijing sparre en bestiet foar it meast út giele kleastermoppen, hjir en dêr reparearre en oanfold mei lytse giele Fryske trijeling-stientsjes. De toer is nei alle gedachten yn de jierren 1920 op de westgevel boud en hat in ynsnuorre, achtkante mei laaien dutsen spitske.

Sickemastate yn 1722

Yn it doarp stie de Sickemastate, dy stins bestie al yn de 15e iuw. Sicco van Goslinga waard dêr berne. De state bestie út twa efter en oan elkoar boude steatlike huzen. Dy waarden om 1749 hinne ôfbrutsen. Op it stee waard letter in pleats boud. De poarte is wol bewarre bleaun en is in ryksmonumint.

Oant Moarn Kafee

It doarpshûs fan Hjerbeam hjit 'De Punt', it doarpskrantsje hjit 'Alledeisk'. De Feestkommisje Hjerbeam organisearret alle jierren it doarpsfeest 'Merke'.

Niklaastsjerke

De iepenbiere basisskoalle 'De Moskflapper' waard fanwegen te min bern yn 2011 sletten.[2][3]

Pleats Rykswei 11

Ferneamde ynwenners

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1973 2006 2015
Ynwenners 215 278 273 255 290 241 294 252
Jier 2020
Ynwenners 255

Buorren, Feringastrjitte, Jan Zeinstrastrjitte, Kiestersyl, Leane, Miedleane, Paradyske, Rykswei, Siccamastrjitte, Tsjerkestrjitte.

  • Henk Kreger "Beeld van Oud-Herbaijum, Kie en Kiesterzijl"

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De Telegraaf, 9 maart 2018
  2. Frjentsjer Aktueel, 9 april 2009
  3. Ljouwerter Kranten, 28 maart 2011