Henri Damas Bonhomme
Henri Damas Bonhomme (Maastricht, 10 septimber 1747 - Surhuzum, 7 febrewaris 1826) wie in militêr, patriot, Nederlânsk minister ûnder Loadewyk Napoleon en gûverneur.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bonhomme, soan fan in legerkaptein, kaam al mei 11 jier yn it leger en makke dêryn karriêre. Hy wie kaptein doe’t er yn 1787 ûntslein waard meidat er him yn de Bataafske Revolúsje as patriot oppenearre. Hy flechte nei Frankryk en waard 1788 kaptein yn it Frânske leger.
Nei de foarming fan de Bataafske Republyk yn 1795 waard er generaal-majoar. By de fjildtocht yn Noard-Hollân yn 1799 wie er difyzjekommandant en op 10 septimber naam er it heechste befel oer. Hy waard foar syn bêst optreden troch de nasjonale fergadering ûnderskieden op foardracht fan generaal Brune, de heechste befelhawwer fan it Gallo-Bataafsk leger.
Yn 1803 waard er befoardere ta luitenant-generaal. Fan 29 july 1806 oant 24 novimber 1806 wie er troch kening Loadewyk Napoleon beneamd ta minister fan Oarloch. Dêrnei waard er gûverneur-generaal fan it Departemint East-Fryslân ûnder de gûverneur-generaal fan it Keninkryk Westfalen. Bonhomme krige dêr de lestige taak belestingheffing op gong te bringen en maatregels ta it befoarderjen fan it Kontinintaal Stelsel troch te fieren. Hy hâlde dy funksje oant 16 febrewaris 1807 en gie dêrnei it leger wer yn dêr't er it bêst op syn plak wie. Hy fielde him yn it foarste plak ek militêr.
Bonhomme waard beneamd ta kolonel-generaal fan de kavalery, grutoffisier fan it Keninkryk en in skoftke letter ek ta ien fan de kapteins fan de keninklike garde. Teffens waard er ûnderskieden mei it Grutkrús fan de Oarder fan de Uny fan Hollân. Nei syn pinsjoen luts er him werom op syn bûtenpleats Woudlust yn Surhuzum dêr't er fan 1 jannewaris 1812 ôf oant 1 jannewaris 1814 maire fan de gemeente Surhuzum wie en nei it ôfskaffen fan dy funksje, bleau er as skout oant 1 oktober 1816 haad fan it gemeentebestjoer. Ek krige er doe tiid foar syn grutte hobby, hynders.
Nei syn ferstjerren yn 1826 liet er in grut part fan syn erfskip nei oan goede doelen. Hy wie troud mei Hermanna Hillegonde Geertsema (1760-1799) en hie gjin bern.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- J.M.G.A. Dronkers, De generaals van het Koninkrijk Holland, 1806-1810 (De Haach 1968) 47-48.
- Mémoires du général Dirk van Hogendorp. Utj. troch D.C.A. van Hogendorp (De Haach 1887).
- Geert van Uythoven, Voorwaarts, Bataven! De Engels-Russische invasie van 1799 (Zaltbommel 1999).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
- Nederlânsk generaal
- Nederlânsk militêr yn de Napoleontyske Oarloggen
- Nederlânsk amtner
- Nederlânsk politikus
- Nederlânsk minister fan Oarloch
- Nederlânske adel
- Frysk generaal
- Frysk militêr yn de Napoleontyske Oarloggen
- Frysk amtner
- Frysk politikus
- Patriot
- Nederlânsk persoan fan Waalsk komôf
- Frysk persoan fan Nederlânsk komôf
- Frysk persoan fan Waalsk komôf
- Limburchsk persoan
- Persoan stoarn yn Surhuzum
- Persoan berne yn 1747
- Persoan stoarn yn 1826