Springe nei ynhâld

Tatra (berchtme)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hege Tatra)
Tatra
  berchtme
De Hege Tatra yn Poalen.
De Hege Tatra yn Poalen.
geografy
diel fan de Karpaten
regio East-Jeropa
lân Poalen
Slowakije
sifers
oerflak 785 km²
lingte 80 km
heechste punt Gerlach
hichte 2.499 m
geology
yndieling heechberchtme
kaart
De Hege Tatra yn Poalen.
De lizzing fan 'e Tatra yn Poalen en Slowakije.

De Tatra of Hege Tatra (Poalsk: Tatry; Slowaaksk: Tatry) is in berchtme dat de natuerlike grins foarmet tusken de Eastjeropeeske steaten Slowakije en Poalen. It is makket eins ûnderdiel út fan 'e gruttere berchkeatling fan 'e Karpaten, wêrfan't it it heechste diel foarmet.

De Hege Tatra moatte ûnderskaat wurde fan 'e Lege Tatra, dy't súdlik derfan, yn Slowakije lizze. De Hege Tatra beslacht in gebiet fan 785 km², wêrfan't sa'n 610 km² (of 77,%) yn noardeastlik Slowakije leit, en likernôch 175 km² (22,3%) yn súdeastlik Poalen. It heechste punt is de Gerlach, mei in hichte fan 2.655 m, dy't benoarden de stêd Poprad oan 'e Slowaakske kant fan 'e grins leit. It heechste punt yn Poalen is de Rysy, mei in hichte fan 2.499 m, dy't besuden de stêd Zakopane leit.

De Tatra rint oer in lingte fan 80 km fan 'e Huciańska-pas (905 m) yn it westen nei de Zdziarska-pas (1.081 m) yn it easten. It berchtme is mar 19 km breed. Tsjintwurdich is it in beskerme natoergebiet, dêr't twa nasjonale parken oaninoar grinzgje, te witten: it Slowaakske Nasjonaal Park de Tatra en it Poalske Nasjonaal Park de Tatra.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.