Springe nei ynhâld

Hûnsdagen

Ut Wikipedy
Sirius A en B (Tekening)

De dagen tusken 20 july en omtrint 20 augustus hinne wurde de Hûnsdagen neamd. Yn dizze perioade, dy'soms ek wol wat earder of letter begjint, komt de heldere stjer Sirius fan it stjerrebyld de Grutte Hûn tagelyk mei de Sinne op. Sadwaande is Sirius (neffens de Grykske mytology de hûn fan de jager Orion) net te sjen. Doe't Orion stoar, krige hy mei syn hûn Sirius in plak oan de himel. De perioade fan de Hûnsdagen is it hichtepunt fan de simmer, de heechsimmer. Yn Nederlân is Sirius op syn gaust op 25 augustus wer sichtber. In soad minsken assosjearje de Hûnsdagen mei de oanwêzigens fan in protte ynsekten, benammen neven en miggen.

De Griken en Romeinen seagen de Hûnsdagen as de perioade fan de grutte hjitte. Ek foar Nederlân jilt dat: de tiid fan de Hûnsdagen is de waarmste fan it jier. It etmelgemiddelde fan de temperatuer is dan 17°C en middeis is 19 oant 24 graden hiel gewoan. Ek komme yn dizze dagen de measte hjitteweagen foar.

Foar de âlde Egypteners foelen de Hûnsdagen gear mei de jierliks weromkommende oerstreaming fan de Nyl. Dy folge altyd sa'n 15 dagen neidat Sirius wer sichtber wurden wie. Neffens Ptolemaeus is yn Egypte de kâns om stjerren fan it earste grutte opkommen te sjen, it grutst trije kertier foar sinneopkomst. Weromrekkenjend foar 30° NB koe Sirius neffens dizze easken yn de Juliaanske kalinder yn 500 f.Kr., op 19 july sjoen wurde. Neffens de Gregoriaanske kalinder soe dat 14 july wêze.

Doe't de Nassermar noch net bestie, wienen de oerstreamingen it gefolch fan seizoenreinen yn Etioopje, de súdlike Sûdan en benammen de omkriten fan de Victoriamar. Yn Egypte sels falt it hiele jier troch kwalik rein.

In oerstreamingsperioade, wêrby't rivieren bûten harren ouwers trede, is der by ús net. Mar de waarmte kin wol maklik liede ta tongerbuoien mei in soad rein yn koarte tiid en lokale wetteroerlêst. In fochtich waarm en brodzich waartype mei sa no en dan in pear stevige buoien is karakteristyk foar de Hûnsdagen. Foar ús foarâlden, dy't noch gjin koelkasten hienen, wie dat ek de tiid wêryn fiedsel en molke earder bedoarnen.

Yn ferskeidene lannen hie men eartiids de gewoante om hûnen yn de Hûnsdagen de bekbân om te dwaan út eangst foar hûnsdûmens. Mar de Hûnsdagen hawwwe fierders neat te krijen mei hûnen, al kin it yn in tongerbuoi hûnewaar wêze. It wurd hûnewaar is ôflaat fan it âld-Nederlânske wurd ondeweer, dat min waar betsjut. Yn it Frysk hawwe wy it wurd 'ûngetiid', dat wie de simmerperioade yn de haaiïnge.

  • Earder gie men der fan út dat it waar yn de Hûnsdagen it waar yn de neisimmer en hjerst foarsizze koene. Sa is der in siswize dat seit:

Komme de Hûnsdagen mei in soad rein, dan geane wy minne tiden temjitte, mar komme de Hûnsdagen helder en blier, ferwachtsje dan mar in geunstich jier

  • In oare folkswiisheid dat dat nei de hûnsdagen noch trije kattedagen komme dy't oer it generaal noch wiffer binne as harren foargongers.
  • De earste dei fan de Hûnsdagen, 20 july, wurdt ek wol pisgryt neamd en dit is in merkeldei.
  • Durk van der Ploeg publisearre in roman mei de titel 'De Hûnsdagen'.