Springe nei ynhâld

Grosset & Dunlap

Ut Wikipedy
Grosset & Dunlap
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier New York (New York)
oprjochte 1898
eigner Penguin Group
mem G.P. Putnam's Sons
dochters Charter Books
offisjele webside
www.us.penguingroup.com/.../grosset.html

Grosset & Dunlap is in Amerikaanske útjouwerij dy't fêstige is yn New York. It bedriuw jout likernôch 170 nije titels jiers út, benammen fiksje en berneboeken, mar ek wol non-fiksje. Grosset & Dunlap is tsjintwurdich in ymprint fan 'e Penguin Group.

Grosset & Dunlap waard oprjochte yn 1898, en ûntjoech him al rillegau ta in foaroansteand bedriuw yn 'e Amerikaanske útjouwersbrâns, benammen op it mêd fan berneboeken. Sa ferskynden by Grosset & Dunlap û.m. de searjes oer de Hardy Boys en Nancy Drew. Dêrnjonken waarden benammen ûnder de ymprint Charter Books yn 'e santiger en tachtiger jierren ek in protte detektiveromans útjûn, lykas werprintingen fan The Saint, fan auteur Leslie Charteris. Fierders kaam ûnder de titel RN: The Memoirs of Richard Nixon yn 1978 ek de opsjochjaande autobiografy fan 'e Amerikaanske âld-presidint Richard Nixon by Grosset & Dunlap út.

Yn 1974 kaam de útjouwerij yn 'e hannen fan Filmways, en doe't dat yn 1982 oernommen waard troch Orion Pictures, waard Grosset & Dunlap trochferkocht oan G.P. Putnam's Sons. Yn 1996 waard Putnam oernommen troch de Penguin Group, sadat Grosset en Dunlap doe in ymprint fan dy grutte Britske útjouwerij waard. Sûnt 2013 falt it ûnder Penguin Random House, in joint venture fan 'e Penguin Group mei it Amerikaanske Random House.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and references, op dizze side.