Springe nei ynhâld

Gravity (film)

Ut Wikipedy
Gravity
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Alfonso Cuarón
produsint Alfonso Cuarón
David Heyman
senario Alfonso Cuarón
Jonás Cuarón
kamerarezjy Emmanuel Lubezki
muzyk Steven Price
filmstudio Heyday Films
Esperanto Filmoj
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Sandra Bullock
George Clooney
byrollen Ed Harris
Orto Ignatiussen
Phaldut Sharma
Amy Warren
Basher Savage
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Feriene Keninkryk
premiêre 4 oktober 2013
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-
   skrillerrampefilm
taal Ingelsk (ek wat Grienlânsk)
spyltiid 91 minuten
budget en resultaten
budget $100-130 miljoen
opbringst $723,2 miljoen
prizen 7 × Oscar
1 × Golden Globe
6 × BAFTA
1 × Hugo Award
5 × Saturn Award
3 × Satellite Award
2 × Empire Award

Gravity is in Amerikaansk-Britske science fiction-skriller en rampefilm út 2013 ûnder rezjy fan Alfonso Cuarón, mei yn 'e haadrollen Sandra Bullock en George Clooney. De titel betsjut "Swiertekrêft". It ferhaal giet oer de Amerikaanske astronaute Ryan Stone, dy't strâne rekket yn in baan om 'e Ierde nei't har romteskip ferneatige is troch romte-ôffal. De film folget har by har wanhopige krewearjen om werom te kearen nei de Ierde. Gravity waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje yn augustus 2013. De film krige oer it algemien tige positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie yn 'e bioskopen in grut kommersjeel súkses. Gravity wûn sân Oscars, in Golden Globe, seis BAFTA's en ferskate oare wichtige prizen.

De space shuttle Explorer, in romtefear fan 'e Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA, ferkeart yn in baan om 'e Ierde. Under de bemanningsleden binne astronaut Matt Kowalski, in feteraan fan in stikmannich romtemisjes, en dr. Ryan Stone, foar wa't it de earste misje is. Hja is meistjoerd as spesjaliste mei de taak om op 'e misje STS-157 hardware-upgrades út te fieren oan 'e Hubble-romteteleskoop. Wylst de astronauten dwaande binne mei in romtekuier, ûntfange se fan Mission Control fan 'e NASA yn Houston in driuwende warskôging. In Russysk besykjen om mei in raket in âlde satellyt út te skeakeljen dy't in probleem wurden wie, hat by fersin troch in keatlingreäksje resultearre yn in grutte en úttynjende wolk romte-ôffal, dy't mei ûnbidige faasje om 'e Ierde draait. De astronauten moatte fuortendaliks werom nei de Explorer om werom te kearen nei de Ierde.

De kommunikaasje mei Mission Control giet koart dêrnei ferlern as de wolk romte-ôffal almar mear kommunikaasjesatelliten ferneatiget. Ear't de astronauten de Explorer wer berikke kinne, wurde ek it romtefear en de Hubble-teleskoop troffen troch it romte-ôffal, wêrby't Stone losskuord wurdt en de romte yn tommelet. Kowalski rêdt har troch in Manned Maneuvering Unit (MMU) te brûken (sis mar in jetpack foar yn 'e romte), en tegearre keare se werom nei de Explorer. Dêr ûntdekke se dat alle oare bemanningsleden deadlik rekke binne, wylst it romtefear sels katastrofale skea oprûn hat en ûnbrûkber is. Kowalski en Stone besluten om harren MMU te brûken om it Ynternasjonaal Romtestasjon (ISS) te berikken, dat yn in baan om 'e Ierde draait op in ôfstân fan 1.450 km fan harren ôf. Kowalski rûst dat se 90 minuten hawwe ear't de wolk mei romte-ôffal om 'e Ierde hinne draait is en harren wer bedriigje sil.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underweis nei it ISS beprate de beide astronauten it libben fan Stone foar't se astronaute waard, wêrby't Stone fertelt dat se in jong dochterke hie dat omkommen is by in ferkearsûngemak. As se tichter by harren bestimming komme, sjogge se dat de bemanning fan it ISS nei de Ierde weromkeard is yn ien fan 'e beide Russyske Sojûz-romtefearen, wylst fan 'e efterbleaune Sojûz by de gaoatyske evakuaasje by fersin de parasjute foartidich útsmiten is, sadat it foar Kowalski en Stone ûnbrûkber is om mei nei de Ierde werom te kearen. Kowalski oppenearret om 'e Sojûz te brûken om mei nei it Sineeske romtestasjon Tiangong te gean, dat nochris 100 km fierder is. Dêr kinne se dan hooplik in Shenzhou-romtefear brûke foar harren weromkear nei it ierdoerflak.

Wylst Stone har lucht en de branje fan 'e MMU frijwol op is, besykje de beide astronauten, dy't folle mear faasje hawwe as it ISS, yn it foarbygean it romtestasjon fêst te gripen. Stone har skonk heakket fêst yn in koarde fan 'e parasjute fan 'e Sojûz, en sy pakt it tsjoar fan Kowalski syn romtepak beet. Lykwols, it docht al rillegau bliken dat de koarde brekke sil om't se tegearre tefolle gewicht en faasje hawwe. Tsjin alle protesten fan Stone yn makket Kowalski him fan har los, sadat er sels de romte yn sweeft, wylst sy troch de min oft mear elastyske parasjutekoarde weromskuord wurdt nei it ISS. Dêrmei rêdt er har libben troch syn eigen op te offerjen. Kowalski hâldt oan mei syn kommunikaasje mei Stone, wêrby't er har kalmearret en oanfiteret, oant er úteinlik bûten berik fan harren radioferbining rekket.

Stone giet it ISS binnen en besiket om 'e nocht mei Kowalski of de Ierde te kommunisearjen, wêrnei't se konkludearret dat sysels no de iennichste oerlibjende astronaut yn 'e romte is. As der oan board fan it romtestasjon brân útbrekt, bejout se har fluch-fluch nei de Sojûz, mar as se fuort sil, heakje de koarden fan 'e parasjute efter in útstykjend diel fan it stasjon. Se wurdt twongen in romtekuier út te fieren om 'e koarden troch te snijen. Dat slagget har krekt foar't de wolk romte-ôffal wer foarby fljocht en dêrby it ISS ferneatiget. Stone wit mei de Sojûz oan it romte-ôffal te ûntkommen, en rjochtet it fear op 'e Tiangong, mar ûntdekt ta har frustraasje al rillegau dat de Sojûz net oer branje beskikt, sadat se nearne hinne giet.

Fannijs besiket Stone mei de Ierde te kommunisearjen, en diskear slagget it har kontakt te krijen, mar dejinge mei wa't se praat is in Inûyt-fisker dy't Grienlânsk sprekt, sadat it petear sinleas is. Neitiid leit Stone har del by har lot en slút de soerstoffoarrie fan 'e Sojûz ôf om selsmoard te dwaan. As se it bewustwêzen begjint te ferliezen, komt Kowalski ynienen it romtefear binnen en beskrobbet har om't se it opjûn hat. Hy seit dat se retroraketten foar in sêfte lâning omkeare moat om 'e Sojûz yn beweging te krijen nei de Tiangong. Hoewol't Stone beseft dat de hommelse ferskining fan Kowalski mar in hallusinaasje wie dy't opwekke waard troch har eigen soerstofgebrek, jout it foarfal har wer de wil om fierder te gean. Se set de soerstoftafier wer oan en bringt it plan mei de retroraketten yn 'e praktyk.

De Tiangong blykt ûnderwilens stadichoan út syn baan oan it fallen te wêzen, en sil mei koarten opbrâne as er de atmosfear fan 'e Ierde binnenkomt. Om't Stone de Sojûz net oan it stasjon fêstmeitsje doar, fiert se in nije romtekuier út, wêrby't se harsels troch te spuitsjen mei in brânblusser yn 'e juste rjochting stjoert. Se wit de Tiangong yn te kommen op itselde stuit dat it romtestasjon de boppeste atmosfear yngiet. Krekt op 'e tiid slagget se mei de Shenzhou fuort, foar't it stasjon ûndergiet. Yn it Sineeske romtefear wit Stone mei súkses de atmosfear binnen te kommen, mar by it omleech gean rekket de Shenzhou skansearre troch brokstikken fan 'e útinoarfallende Tiangong. Fan gefolgen brekt der brân út yn 'e kapsule. As de kapsule yn in mar delkomt, moat Stone dan ek sjen dat se der halje-trawalje út komt. Under wetter klaut se har swiere romtepak út en swimt dan nei de marsigge. Nei't se boppe har de restanten fan 'e Tiangong opbrânen sjocht yn 'e atmosfear, set Stone har earste wiffe stappen op 'e Ierde.

Sandra Bullock.
George Clooney.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
dr. Ryan Stone Sandra Bullock
luitenant Matt Kowalski George Clooney


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Mission Control, Houston (Teksas) Ed Harris (as stimakteur)
Aningaaq Orto Ignatiussen (as stimakteur)
Sharif Dasari Phaldut Sharma (as stimakteur)
gesachfierder fan 'e Explorer Amy Warren (as stimakteur)
gesachfierder fan it Ynternasjonaal Romtestasjon ISS Basher Savage (as stimakteur)

Orto Ignatiussen spile yn Gravity as stimakteur de rol fan Aningaaq, in Grienlânske Inûyt-fisker dy't Stone har berjochten opfangt. Hy spile dyselde rol ek as akteur yn 'e koarte film Aningaaq, regissearre troch Gravity-senarioskriuwer Jonás Cuarón, wêryn't syn petear mei Stone út syn perspektyf wei toand wurdt.

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gravity waard regissearre troch Alfonso Cuarón nei in senario fan himsels en syn soan Jonás Cuarón. As produsinten wiene Cuarón en David Heyman by it projekt belutsen foar de filmstudio's Heyday Films en Esperanto Filmoj. Foar de film wie in budget beskikber fan nei skatting $100 oant 130 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Emmanuel Lubezki, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Steven Price. De opnamen setten yn maaie 2011 útein yn Ingelân, dêr't yn 'e Pinewood Studios yn Buckinghamshire en de Shepperton Studios yn Surrey alle romtesênes filme waarden. De sêne wêryn't Stone úteinlik op 'e Ierde lânet, waard op lokaasje opnommen by de Powellmar yn Arizona, op itselde plak dêr't yn 1968 ek de lâningssêne filme waard fan 'e film Planet of the Apes.

De sêne wêryn't Stone úteinlik op 'e Ierde weromkeart, waard film by de Powellmar yn Arizona.

De distribúsje fan Gravity waard fersoarge troch Warner Bros. De film waard op 28 augustus 2013 foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje, wêrnei't er op 31 augustus ek te sjen wie op it Filmfestival fan Telluride, yn Colorado. Gravity kaam op 4 oktober fan dat jier yn 'e Amerikaanske bioskopen en op 8 novimber iepene er yn 'e Britske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum waard op 1 oktober 2013 útbrocht troch platemaatskippij WaterTower Music. De film kaam op 11 febrewaris 2014 beskikber as digitale download en ferskynde op 25 febrewaris fan dat jier op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Gravity oer it algemien tige positive resinsjes. Sa krige er fan Matt Zoller Seitz fan 'e webside RogerEbert.com en fan Peter Travers fan it tydskrift Rolling Stone 4 fan 4 stjerren, en fan Peter Bradshaw fan 'e Britske krante The Guardian 5 fan 5 stjerren. Yn it bysûnder hiene de kritisy lof foar de kamerarezjy fan Emmanuel Lubezki, de rezjy fan Alfonso Cuarón, de filmmuzyk fan Steven Price, it aktearjen fan Sandra Bullock en de special effects, dy't produsearre wiene troch it bedriuw Framestore.

De Ierde sjoen út it Ynternasjonaal Romtestasjon ISS.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Gravity in tige heech goedkarringspersintaazje fan 95%, basearre op 328 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] fan Alfonso Cuarón is in grizelinge, spannende science fiction-skriller, dy't masterlik regissearre en fisueel ferbjusterjend is." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Gravity in goedkarringspersintaazje fan 96%, basearre op 49 resinsjes.

Gravity brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $274,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $449,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $723,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan nei skatting $100 oant 130 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $593,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. It online-tydskrift Deadline Hollywood rûsde dat de skjinne winst úteinlik $209,2 miljoen bedroech. Gravity wie dêrmei de op sân nei meast opbringende film fan 2013, ien fan 'e súksesfolste science fiction-films út 'e filmskiednis en de meast opbringende film út 'e karriêres fan sawol Sandra Bullock as George Clooney.

Filmprodusint David Heyman, haadrol-spylster Sandra Bullock en regisseur Alfonso Cuarón yn 2013 op 'e San Diego Comic-Con.

Gravity waard yn 2014 nominearre foar 10 Oscars, wêrûnder de prizen yn 'e kategoryen bêste film, bêste aktrise (Sandra Bullock) en bêste produksje-ûntwerp. De film wûn 7 Oscars, foar bêste regisseur (Alfonso Cuarón), bêste kamerarezjy (Emmanuel Lubezki), bêste orizjinele filmmuzyk (Steven Price), bêste filmmontaazje (Alfonso Cuarón en Mark Sanger), bêste lûdsmontaazje (Glenn Freemantle), bêste lûdsmixing (Skip Lievsay, Niv Adiri, Christopher Benstead en Chris Munro) en bêste special effects (Tim Webber, Chris Lawrence, David Shirk en Neil Corbould).

By de Golden Globes waard Gravity nominearre yn 4 kategoryen, wêrûnder bêste dramafilm, bêste aktrise yn in dramafilm en bêste orizjinele filmmuzyk. De film wûn de Golden Globe foar bêste regisseur. By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Gravity nominearre yn 11 kategoryen. De film wûn 6 prizen, foar bêste Britske film, bêste regisseur, bêste kamerarezjy, bêste orizjinele filmmuzyk, bêste lûd en bêste special effects. Ek wûn Gravity de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje (lange foarm).

By de Saturn Awards waard de film nominearre yn 8 kategoryen en wûn er 5 prizen, foar bêste science fiction-film, bêste regisseur, bêste aktrise (Bullock), bêste filmmontaazje en bêste special effects. By de Satellite Awards waard Gravity ek yn 8 kategoyen nominearre en wûn trije prizen, foar bêste orizjinele filmmuzyk, bêste lûd en bêste special effects. Fierders wûn de film 2 Britske Empire Awards, 2 Australyske AACTA International Awards, 7 Critics' Choice Awards en 3 People's Choice Awards. Ek wiene der noch nominaasjes foar in César du Cinéma, in Grammy, twa Kids' Choice Awards, in MTV Movie Award en in Screen Actors Guild Award.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.