G-Phoria Glow Award
Appearance
G-Phoria Glow Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | fideospultsjes | |
útrikt troch | G-Phoria | |
frekwinsje | 1x jiers | |
1e útrikking | 2003 | |
offisjele webside | ||
gjint |
De G-Phoria Glow Awards of Glow Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier takend wurde foar de bêste fideospultsjes. Dizze prizen wurde útrikt op 'e jierlikse G-Phoria-show, dy't produsearre wurdt troch de tillefyzjestjoerder G4. De earste útrikking fûn plak yn 2003. De earste trije jier wie it in echte galaseremoanje mei in read tapyt en tuskentiidske muzykoptredens, dat presintearre waard troch ferneamde personaazjes, lykas de modellen Anna Nicole Smith en Carmen Electra, en akteur Wilmer Valderamma. Fan 2006 ôf is it fersobere ta in ienfâldige priisútrikking. De prizen wurde takend op grûn fan in demokratyske stimming ûnder de fans.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |