Springe nei ynhâld

Fleantúchmemmeskip

Ut Wikipedy
It fleantúchmemmeskip de USS Curtiss yn 1940.

In fleantúchmemmeskip of fleantúchtender is in marineskip dat ta tarist is foar it ferfier, it ûnderhâld en de befoarrieding (mei brânstof en munysje) fan wetterfleantugen. Dit type skip kin sjoen wurde as in foarrinner fan it bekendere fleandekskip, hoewol't de beide skipstypen fan 'e ein fan 'e 1910-er oant it begjin fan 'e 1950-er jierren njonkeninoar yn gebrûk wiene.

It ferskil tusken in fleandekskip en in fleantúchmemmeskip is dat in fleandekskip tarist is mei in fleandek. De fleantugen dy't sa'n skip ferfiert, kinne streekrjocht fan dat dek opstiigje en der ek wer op lânje. In fleantúchmemmeskip ferfierde syn fleantugen lykwols allinnich mar. Dêrby gie it om wetterfleantugen (ornaris mei ynklapbere wjukken om romte te beheinen), dy't foarsjoen wiene fan driuwers: langwerpige boeien dy't mei lucht folle wiene en befêstige wiene op it plak dêr't by in fleantúch normaalwei de tsjillen sitte. Sokke wetterfleantugen waard op it plak fan bestimming fan board takele, wêrnei't se fan it oerflak fan 'e see opstigen en der letter ek wer op lânen om dan wer oan board takele te wurden. It takeljen barde mei kranen dy't spesjaal foar dat doel op it skip oanbrocht wiene.

In Seagull III-wetterfleantúch mei ynklapte wjukken op it dek fan 'e HMAS Albatross fan 'e Keninklike Australyske Marine.

It earste fleantúchmemmeskip wie de Foudre, fan 'e Frânske Marine, út 1911. Under de Earste Wrâldoarloch waard troch de Wakamiya, in fleantúchmemmeskip fan 'e Keizerlike Japanske Marine, de earste loftoanfal útfierd dy't fan in skip ôfkomstich wie. Dêrby bombardearren de wetterfleantugen fan 'e Wakamiya de Eastenryksk-Hongaarske kruser SMS Kaiserin Elisabeth en de Dútske kanonnearboat Jaguar yn 'e Baai fan Jiaozhou by Tsingtao (wêrby't trouwens net ien fan beide skippen rekke waard). Ek de Britske Keninklike Marine hie doedestiden fleantúchmemmeskippen yn 'e tsjinst.

Yn it Ynterbellum lieten de marines fan ferskate oare lannen fleantúchmemmeskippen bouwe. Ien fan 'e grutsten wie de HMAS Albatross fan 'e Keninklike Australyske Marine, dy't in deplassemint fan 4.900 ton hie, tarist wie mei trije kranen en romte hie foar njoggen wetterfleantugen. Yn it foarste diel fan it skip wiene ûnderdeks hangaars foar de fleantugen, wylst it efterskip yn gebrûk wie foar de brêge, de skipsmotors en ferbliuwen foar de bemanning en de piloaten. Ek de marines fan 'e Feriene Steaten, Itaalje en Japan hiene doedestiden ien of mear fleantúchmemmeskippen yn 'e feart.

Under de Twadde Wrâldoarloch boude de Amerikaanske Marine fleantúchmemmeskippen fan 'e Curtiss-klasse, folge troch guon fan 'e Currituck-klasse. Dy lêsten wiene 14.000 ton grut en beane romte oan 25 wetterfleantugen. Fuort nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch kamen by de Amerikaanske Marine de lêste fleantúchmemmeskippen, fan 'e Barnegat-klasse, yn 'e feart. Dy waarden brûkt oant omtrint 1954 de ynset fan wetterfleantugen yn oarlochssitewaasjes folslein efter de tiid rekke wie en dêrom ek de fleantúchmemmeskippen ôftanke waarden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.