Springe nei ynhâld

Ferrin fan de Earste Wrâldkriich

Ut Wikipedy

De kriichshannelings dy't it ferrin fan de Earste Wrâldkriich foarmen kinne neier beskreaun wurde:

Yn de rin fan 1914 seagen de minsken fan regearingskringen yn Jeropa de katastrofe tichteby kommen, benammen nei't op 28 juny de Eastenrykske aartshartoch Frans Ferdinand fermoarde wie troch de Servjer Gavrilo Princip. De Donau-monargy Eastenryk-Hongarije wist him stipe troch it machtige Dútske keizerryk en seach einlik in oanlieding om Servje te anneksearjen. Yn Dútslân gou it dat Dútslân syn bûngenoatskiplike ferplichtings neikomme soe. Neffens de stimming yn Ruslân wie it lykwols sa dat Ruslân yn it Eastenryksk-Servyske konflikt net wurkleas tasjen koe. Perslot hie Ruslân Servje al twa kear earder sitte litten, dat dat koe net wer. Op 28 july ferklearre Eastenryk-Hongarije de oarloch oan Servje. In dei letter bombardearren de legers fan de dûbelmonargy Belgrado. Dêrmei wie in nije oarloch yn Jeropa in feit wurden.

It 'sniebaleffekt’ yn koart bestek: Op 30 juny mobilisearre Ruslân, beskermer fan Servje. In dei letter folge op in Dútsk ultimatum om dy mobilisaasje yn te lûken gjin antwurd út Sint-Petersburch, wêrnei’t Dútslân daliks de mobilisaasje ôfkundige en op 1 augustus Ruslân de oarloch ferklearre. Dat wie de oanlieding foar Ruslâns bûngenoat tsjin Dútsklân, Frankryk, om ek te mobilisearjen. Dútslân ferklearre Frankryk de oarloch en begûn mei it útfieren fan it Von Schlieffenplan – it wie yntiden 3 augustus. De opmars troch Belgje wie de dan wer de casus belli dy't Grut-Brittanje, dat ferklearre hie dat it boarch stie foar de neutraliteit fan Belgje, brûke koe doe't it besletten hie dat it foar de Britske ekonomy better wie om Dútsklân tsjin te wurkjen. Yn ien wike tiids wienen hast alle Jeropeeske grutmachten mei inoar yn oarloch.

Belgyske flechtlingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Dútske ynfal flechtsje miljoenen Belgen. Hûnderttûzenen gienen oer Oostende en Zeebrugge nei Ingelân. Likefolle lutsen fierder nei Frankryk. Mear as 1 miljoen flechtlingen gienen nei Nederlân. Under dizze flechtlingen wienen ek in 35.000 militêren, dy’t ynterneard waarden. Tûzenen “motivearden” fan harren soenen ûntsnappe om fia Grut-Brittanje en Frankryk op’en nij mei te fjochtsjen yn de oarloch.

It grutste diel fan de boargerflechtlingen kaam foar de ein fan it jier wer thús. Mear as 100.000 Belgen bleaunen lykwols yn Nederlân. Fan dizze groep waarden dejingen dy’t net foar harsels soargje koenen (ûngefear 20.000) ûnderbrocht yn flechtoarden yn Gouda, Uden, Nunspeet en Ede dy’t ûnder tafersjoch stienen fan de Nederlânske oerheid, en wêr’t de Belgen oan de ein fan de oarloch ta yn goede omstannichheden húsfeste waarden. Ynspeksjes fan it yntenasjonale Reade Krús fan Switserlân,hawwe dit meardere kearen útwiisd.

De flechtlingen yn Grut-Brittanje stiften werklik hiele Belgyske koloanjes mei oalles der op en der oan. Typearjend binne de katolike tsjerken en mienskippen yn in oer it generaal protestantsk lân. Folle tûzenen Belgyske bern sille harren earste of plechtige kommuny yn Grut-Brittanje dwaan. It Belgyske libben gie dêr gewoan troch. De flechte Belgen dy’t net nei it front moasten, gienen oan it wurk yn harren gastlân.

Yn it hiele Britske Ryk en yn in bulte neutrale lannen waarden ynsamlings hâlden om de earme Belgen te helpen. Frouljusorganisaasjes yn Austraalje, Nij-Seelân en Kanada samlen jild yn foar de Belgen. Se bakten keek dy’t se op’e merk ferkochten, wylst harren manlju en soannen by boskjes sneuvelen yn Flaanderen.

De neutrale Skandinavyske lannen dienen itselde, krektas de Noard- en Súd-Amerikanen. De Deenske regearing bygelyks, betelle alle kosten foar ien fan de flechtlingenkampen yn Nederlân.

Nei de oarloch sille de meast foaroansteande universiteiten noch in grutte ynsamling hâlde, om de universiteitsbibliotheek fan Leuven wer op te bouwen. Yn maaie 1940 dienen de Dútsers spitigernôch harren ferneatigjende wurk nochris oer.

Earm, lyts, dapper Belgje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Belgje hâlde him oan de ôfspraak om neutraal te bliuwen en de Dútsers net troch te litten.

Op 25 augustus hawwe Dútske troepen, by in strafekspedysje tsjin de stêd Leuven, 218 boargers fermoarde en de stêd foar in part platbaarnd. Fan de likernôch seistûzen huzen binne der 2117 yn de jiske lein. De universiteitsbibleteek is ek opbrând. In kwart miljoen boeken, wêrûnder tûzenen ûnferfangbere midsiuwske manuskripten giene ferlern.

De Dútsers beslisten ta de ôfgryslike represaille neidat se, nei eigen sizzen, troch boargers besketten waarden. Foar grouwélige ferjildingsmaatregels wie dat argumint al mear oanfierd. Yn totaal binne by de ferovering fan Belgje mear mear as 5.000 boargers deade, wêrûnder froulju en bern. It is dan ek te begripen dat de Britske propaganda oan de Dutske wredens in fette klobbe hie. De Dútsers waarden foarsteld as “Hunnen mei pinhelmen”, barbaren út it easten. It Britske Ryk soe it as in hillige plicht sjen, it lytse Belgje by te stean. De werklike grûn foar ynminging yn de Dútske striid wie lykwols proazaysker: It Britske regear besleat dat Dútslân ekonomysk tefolle profijt hawwe koe fan de kriich, en dat der dêrom yngrypt wurde moast.

De 'leffe en barbaarske dieden' soargen foar in massale rekrutearring op frijwillige basis yn it Britske Ryk. Nije manskippen ronselen om it útinoar sketten beropsleger oan te foljen wie yn it earstoan gjin probleem. Yn 1914 wie it Britske Ryk noch hiel wat grutter as it hjoeddeiske Feriene Keninkryk. It hie doe noch in soad koloanjes, protektoraten en semy-ûnôfhinklike gebieten, dêr’t út rekrutearre wurde koe.

Massale rekrutearren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It gemak, de omfang en het entûsjasme dêr’t dat (yn it earstoan) mei gie, wekt op syn minst fernuvering. Ut alle kontininten koenen se manskippen werve foar "it grutste aventoer" dat jonge manlju leverje koenen. Soks wie benammen yn it Britske Ryk opmerklik, omt dêr (noch) gjin tsjinstplicht wie.

De drang nei aventoer sil grif ien fan de belangrykste driuwfearren west ha yn in tiid dat men it gefoel hie him bot te ferfelen, wylst de echte wrâld earne oars lei. By de befolking hearske noch in romantisearre byld fan de oarloch. De sosjale druk om mei te dwaan, mei perfoarst net ûnderskatten wurde. Ronselers sprutsen harren ta yn de fabriken, skoallen, yn ‘t tsjerke en op merkepleinen. Wa’t net meidie soe der letter "net mear by hearre". Wegerders krigen wite fearren fan harren faam, symboal foar leffens (de ferkearing wie hjirmei daliks út). Men fûn ek dat men yn ruil foar de sterk ferbettere sosjale regels, bêst “wat werom dwaan koe”. Wa’t wegere waard mei de nekke oansjoen en bytiden ek wol ûntslein.

Boeresoannen út Austraalje en Nij Seelân, dêr’t de jiermerk yn de doarpen it hichtepunt fan it jier wie, dreamden fan in prachtich unifoarm en Frânske fammen. Hja sille mei-inoar de Anzac-ienheden foarmje en tegearre stjerre oan in tempo dat folle heger lei as dat fan de Britten. 18.000 Nij-Seelanners op 110.000 en 59.000 Austraaljers fan de ûngefear 300.000 frijwilligers. Se krigen faak de meast hopeleaze opdrachten mar droegen it aureoal fan dappere mar rokkeleaze soldaten dy’t wiis wiene mei harren imago

Jonge fabryksarbeiders en mynwurkers út Skotlân, Wales en Ingeland seagen in útstapke nei Parys ek wol sitten (sa tochten harren Dútske tsjinstanners der trouwens ek oer). Yn Kanada wie it earste foaropstelde kontingint fan 20.000 man daliks folsetten. 430.000 soenen noch folgje. Yn totaal soenen der 60.000 Kanadezen sneuvelje.

Tûzenen Amerikanen út de noch neutrale USA, melden harren yn Kanada, yn de earste wiken fan de oarloch. Wol 5000 Amerikanen, allegearre út Texas. In rike "mecenas" bekostige de útrissing foar in hiel rezjimint (de Princess Patricia's Light Infantry).

Undanks it konflikt tusken Ingelsken en Ieren mei in soad folksopstannen, behindere it net dat der neist protestantske Ieren dy’t de Ingelsken wol goedwillich wienen, tsientûzenen katolike Ieren harren oanmelden foar it Britske beropsleger. Der soenen fan de 200.000 Ierske frijwilligers yn it Britske leger, úteinlik sawat 30.000 Ieren sneuvelje.

De Ingelsken seagen de Ieren (krekt as trouwens de Skotten) as “woaste krigers” dy’t mits de “krekte” lieding troch benammen Ingelske ofsieren, goed fan pas kamen by party koloniale konflikten, wylst Ieren en Skotten it leger seagen as harren breahear dy’t boppedat ek noch “aventoer” op ”eksoatyske plakken’’ yn it foarútsjoch stelde.

Nuveraardich wie de bydrage fan de “Súd-Afrikaners”. Se hienen noch mar krekt tsien jier bluodderige oarloch efter de rêch mei de Britten en no wienen se al bûnsmaten tsjin in fijân dy’t se allinnich fan hearren sizzen koenen.

Britske “kleurde” koloniale troepen út Aazje en sels Jamaika waarden mei dubieuze beloften nei Jeropa dirigearre. Mar dy’t fanwege it klimaat al ridlik gau fan it front weromlutsen waarden, om yn waarmere gebieten ynsetten te wurden.

Al mei al waard de oarloch beskôge as eat dat de nasjonale en ynternasjonale ferhâldings rjochtsette soe, de geast fan de jongerein suverje soe, harren opfiede soe en echte manlju fan harren meitsje soe. Boppedat ferwachte men “wer thús te wêzen as de blêden falle”.

Rinfuorgestriid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Rinfuorge

It Dútske opperbefel hie in kriichsplan klear dat harren rêdde moast at Frankryk en Ruslân harren yn de tange nimme soenen, it Von Schlieffenplan. Doe't dat 3 augustus útfierd waard, en de Dútske legers Belge binnenfoelen, ferklearre Grut-Brittanje lykwols dat it hâlden wie om Belgje by te staan. Grut-Brittanje fierde dêrfoar it Ferdrach fan Londen op, it ferdrach dat de skieding regele fan Nederlân en Belgje, dêr't yn stie dat Belgje neutraal bliuwe moast. De Britkse polityk lei dat no út as stie der dat Belgje neutraal litten wurde moast.

De Dútske legers marsjearden troch Belgje en Noard-Frankryk. Se teagen op oant flakby Parys, hoewol’t dizze stêd net it doelwyt wie fan de oanfal. De Frânsken fierden ûnderwilens yn de Elzas in oanfal út neffens harren eigen Plan XVII en waarden bloedich ôfslein. Massa's ynfantery teagen op oan de Dútske rinfuorgen ta, wêr’t se lykwols delsjitten waarden mei mitrailleurs. Mei harren felblau-felreade unifoarmen foarmen hja libbene sjitskiven.

De siselfoarmige opmars fan de Dútsers troch Belgje en Noard-Frankryk like yn it earstoan aardich neffens plan te ferrinnen. Luik en de sirkel fan ûnbidige forten deromhinne waarden binnen in pear dagen beset, en yn de Slach om de Grinzen waard de Britske BEF (British Expeditionary Forces) ferslein. De Dútsers teagen op oan de rivier de Marne ta, wêr’t de Frânsken besochten har op te kearen. De Frânsken kleemden de oerwinning mar neffens in soad historisy waard de Slach by de Marne, as der al in winner wie, earder troch de Dútsers as troch de Frânsken wûn. De nerveuze Generale Stêf, dy’t earder al lytse ôfwikings fan it plan konstatearre hie, besleat lykwols it Dútske leger weromlûke te litten op Chemin des Dames. It front groeide troch omlûkende bewegings fan beide partijen nei it westen oant de Noardseekust, (de Rees nei de See).

Mei útsûndering fan Spanje en Skandinavyske lannen, Switserlân en Nederlân, waarden úteinlik alle Jeropeeske lannen by de Earste Wrâldkriich belutsen. Algemien waard ferwachte dat it in koarte oarloch wurde soe. Wer thús as de blêden falle, waard in soad sein. Mar it waard in net earder meimakke lange en wrede oarloch wêrfan’t de fronten al oardel moanne letter fêstleinen. Wat folge wie in sinleaze Rinfuorgestriid dy’t miljoenen slachtoffers koste. Op ien slachfjild lykas by de Slach by Ferdun of oan de Slach oan de Somme mear deaden en ferwûnen as by alle fjildslaggen fan de iuw dêrfoar mei-inoar (by de Somme 600.000 alliearden en 750.000 Dútsers).

Tige stadich seagen de militêre befelhawwers yn dat yn dizze oarloch, dêr’t se de oanfal as ienige wei yn seagen, ferdigeners altyd yn it foardiel wienen. Oanfallers sneuvelen by boskjes trochdat snelfjoer en granaatbombardeminten de âlde gefjochts- en wapentechnyk hopeleas âlderwetsk makke hienen.

De grutte slaggen oan it Westfront wienen:

Soldaten yn in rinfuorge

Ferdigeningslynjes waarden foarme troch: De earste liny, mei foarposten, mitrailleursnêsten ensfh., dan de haadliny, de eigentlike rinfuorge mei de soldaten en dan it efterlân. Fan de haadlinen rûnen lytse rinfuorgen nei beide oare parten, en nei it efterlân soms ek spoarwegen. Tusken de partijen lei it nimmenslân, in stripe omploege modder. It ienige dat groeide op it nimmenslân en in de rinfuorgen wie de klaproas. Fandêr dat dy symboal stiet foar de Earste Wrâldkriich.

Soldaten yn in rinfuorge.

It libben yn de rinfuorgen wie ferskriklik. Utsein de simmer wie it oan de knibbels ta dridze. Alles waard fochtich en smoarch, liken leinen hjir en der en foarmen in boarne fan ynfeksjes. Op itensresten kamen rôten ôf. Ferdigeners stienen dagen oanien oan artillerybombardeminten bleat. Dan waard oanfallen, mar at dat late ta in saillant koenen goed alle oanfallers ôfslachte wurde. Neist alle smoargens dy’t ek in soad syktes meibrochten, wienen ek saken as kontinuë eangst, iensumens en ientoanigens in hel foar de soldaten.

De krystbestannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om Krysttiid 1914 hienen de waarsomstannichheden de oarlochshannelingen hast ûnmooglik makke. Beide legers leinen tsjin inoar oer yn de rinfuorgen. In sfear fan "libje en libje litte" ûntstie. Om de Krystdagen fierden guon soldaten sels by de fijân Krysttiid yn de rinfuorgen, om in krystbeam hinne, en waarden kado’s útwiksele. De dei dêrnei folge in fuotbalwedstryd yn it nimmenslân (dy’t de Dútsers wûnen). De singeliere sitewaasje oan dizze fronten duorre mar in pear dagen. Fral de heitelânstrou fan de soldaten wie sterker: Doe’t de maaitiid ienris begûn wie, fjochten deselde soldaten wer fierder. Dôchs noadigen de Dútske soldaten de Alliearde manskippen op’en nij út foar in krystbestân doe’t Krysttiid 1915 nadere. Undanks drigeminten fan ofsieren gienen de soldaten hjirop yn, en fannijs wienen der taferielen fan feriening. Yn de hjerst fan 1916 drige de legerlieding de artillery op de ynfantery te rjochtsjen as dy harren freonskiplik mei de fijân ynliet. Dútske of alliearde soldaten dy’t mei de krystdagen 1916 it nimmenslân betrieden of kontakten sochten mei de fijân fleagen de kûgels no om’e earen. Der kaam gjin Krystbestân dat jier, en likemin yn 1917.

Gemyske en biologyske oarlochsfiering

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de earste moanne fan de oarloch, augustus 1914, fjurren Frânske soldaten triengas (ksylylbromide) nei de Dútsers en waarden dêrmei dus de earsten dy’t gifgas brûkten. It Dútske leger wie dêr tjsinoer de earste dy’t serieus stúdzje die nei gifgas, en wie de earste dat it yn 1915 op grutte skaal brûkte.

Oan it Russyske front waard yn de Slach by Warschau troch de Dútsers foar de earste kear ksylyl-bromide ynsetten, mar it gas kondinsearre troch de lege temperatuer en befrear sels. Letter waarden foar it earst op lytse skaal oan it Eastfront gloargassilinders ynsetten. De fernuvere ofsieren seagen harren soldaten yn griene wolkens ferdwinen en delfallen. In oantal draafde werom, razend dat de Dútsers harren mei in "griene mist" fergiftigen.

Nei dit eksperimint brûkten de Dútsers it gas yn de Twadde Slach om Yper. Mear as 5000 silinders gloargas waarden iepensetten. De Frânske ferdigenjende rezjiminten rekken befangen troch it gas der ûntstie in gat fan 6 km. Mar de Dútsers hienen dizze oanfal ek as eksperimint bedoeld, en hiene nea op sa’n súkses rekkene. Der wienen dan ek gjin soldaten foarhannen om troch te stjitten. Nei dit súkses ûntstienen ferskate soarten gemyske wapens. Der waarden tests útfierd mei mostergas. Dútske en letter ek Frânske wittenskippers besochten letter syktekimen yn ferskate bommen te stopjen. Benammen de pest wie populêr yn dit selskip. De earste stappen yn 'e rjochting fan serieuze biologyske oarlochsfiering wienen set.

De wapens waarden letter ek troch de Alliearden brûkt. Der kamen gasmaskers en nijere gassen, en bettere metoaden om se op it slachfjild yn te setten. De earste gasmaskers wienen primityf (bygelyks in lape drinze yn wetter of urine) en holpen kwalik. Pas nei goed ûndersyk ferbetteren de gasmaskers, wat de effektivens fan de tige djoere gemyske wapens net te goede kaam.

Nei oanlieding fan de ferskuorrende ferliezen, net allinnich yn de earste grutte slaggen, mar ek troch de ferliezen fan talleaze lytsere slaggen, bruts by de Frânske soldaten it besef troch dat domwei oanfallen lyk stie oan selsmoard. Dochs wist de legerlieding gjin bettere taktyk te betinken. In soad soldaten kamen derom yn 1917 yn ferset, bytiden mei hiele rezjiminten tagelyk, en wegeren oarders út te fieren.

Dit brocht de alliearden yn grutte panyk. As de Dútsers hjir efter kamen en fuortdaliks oanfalle soenen, soenen se fuort it hiele front fan Amiens oant Ferdun oprôlje kinne, om dan op Parys oan te gean. Generaal Pétain, de nije opperbefelhawwer, besleat mei de soldaten te praten. Dit die hy troch oan ’e iene kant loyale artillery op rebelske rezjiminten te rjochtsjen, mar oan de oare kant in bettere ferlofregeling te ferlienen en it Frânske leger net mear yn te setten foar offensiven. Tûzenen muiters binne fermoedlik omkomd of eksekutearre, mar de Dútsers binne der net efter komd. Pétain hold wurd en der waarden troch it Frânske leger gjin grutte offensiven mear útfierd.

Al rekkene it Von Schlieffenplan de Russen in mobilisaasjetiid fan 42 dagen ta, dochs foelen twa Russyske legers dochs noch yn augustus 1914 East-Pruisen binnen. Nei de earste panyk waarden de legers troch de nije befelhawwer Paul von Hindenburg ynmakke by Tannenberg en de Mazuryske Marren. De Dútske aksjes bleaunen yn it earstoan beheind ta ferdigenjen en foarsichtich oanfallen, al as net om de Eastenrykske bûnsmaat by te stean. Oan it Eastfront kamen ek rinfuorgen foar, mar dizze leinen fierder útinoar en hienen it karakter fan in tydlike ferdigeningsliny. De Dútsers brûkten hjir foar it earst gifgas (triengas) tsjin de Russen.

De Russen organisearren letter mear offensiven om harren westlike bûnsmaten te ferlichtsjen. De Broesilov-offensiven tsjin de Eastenrikers yn Galysje wienen hjirfan de bekendste en meast súksesfolle. Roemeenje keas hjirop de kant fan de alliearden, mar waard troch Dútslân, Eastenryk en Bulgarije binnenfallen en beset. De Russyske offensiven rûnen úteinlik fêst mei grutte ferliezen oan minskelibbens.

In Ruslân brutsen hjirop de revolúsjes fan 1917 út, wêrnei’t de kommunisten mei de Dútsers begûnen te ûnderhanneljen. De Russyske legers wieren yntiden útienfallen en de Dútske besetten sûnder slach of stjit de Oekraïne. De kommunisten sleaten op’t lêst de frede fan Brest-Litovsk mei de Dútsers, dy’t hjirtroch de beskikking krigen oer in rige fazalsteaten en de hannen frij krigen yn it westen. Nei de wapenstilstân moasten dizze gebieten lykwols ûntromme wurde, en by it Ferdrach fan Versailles waard it Ferdrach fan Brest-Litovsk neatich ferklearre. Teffens moast al it Russyske en Roemeenske yn beslach nommen goud weromjûn wurde.

De Balkan en Itaalje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eastenryk-Hongarije, dat ommers de oarloch tsjin Servje begûn wie, besocht it lân trije kear te besetten. Trije kear waarden de Habsburgers weromdreaun. In 1915, na de tatreding fan Bulgarije en Turkije ta de Sintralen waard Servje fan Eastenrijk-Hongarije en Bulgarije út ûnder Dútske superfyzje beset. Bulgarije hâlde der doe mei op. Sa’t in generaal sei: "Wy hawwe wat wy wolle (Masedoanje), wy dogge neat mear." De lêste Servyske en alliearde troepen waarden nei Korfoe en Thessaloniki ferjage. Dy lêste stêd waard troch de Bulgaren omsingele. Yn de einfaze fan de oarloch waarden de Sintralen troch de Alliearden weromdreaun nei harren begjinpunt.

Itaalje wie foar de beloften fan de Allieerden omlizzen gien. De Sintralen seagen dit as ferrie, omt Itaalje mei Eastenryk en Dútslân it Trijebûn hie. Mar Itaalje wie mear in lêst as in help; it ekonomysk swakke lân moast troch Grut-Brittanje fan stienkoal en kredyt foarsjoen wurde en de Italjaanske soldaten moasten hyltiten holpen wurde troch Frânske soldaten. Boppedat woenen se allinnich fjochtsje foar de Eastenrykske gebieten dy’t se op it each hienen, hja wiene dus út op eigen gewin. De Piemontezen fersetten har fûleindich, mar de Súditaljaanske troepen misten de motivaasje om te fjochtsjen.

Yn de Alpen rûnen de Italjanen mei harren Frânske bûnsmaten harren stikken op de Eastenrykske stellings. De Sintralen drigen sels troch te brekken. Uteinlik waarden de Eastenrikers by Vittorio Veneto yn 1918 ferslein.

It Ottomaanske Ryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foardat de oarloch útbruts hie it Ottomaanske Ryk goede kontakten mei ûnder oaren de Britten. It Ottomaanske Ryk waard doe regearre troch it trijemanskip fan de Jonge Turken. Enver Pasja hie in sterke foarkar foar Dútslân en op 2 augustus 1914 tekenen de Turken en Dútsers in geheime oerienkomst. Op 5 novimber ferklearren de Turken de alliearden de oarloch.

De Turken strieden op twa fronten: yn it Heine Easten tsjin it Feriene Keninkryk en op de Kaukasuss de Kaukasuskampanje tsjin Ruslân. Hja rôpen, op Dútsk oantrunen, in jihad út tsjin de alliearden, om sa de help fan de Arabieren en oare moslims te krijen. Dit hie lykwols net folle súkses. De Arabieren wienen slim ûntefreden oer de Turkske oerhearsking en reagearren hast net. (Letter kamen hja fanwege harren eigen nasjonalistyske ambysjes yn opstân komme tsjin de Turkske oerhearsking.)

De Alliearden besochten troepen lanje te litten yn Turkije. Winston Churchill hie hjirfoar it plak útkeazen en de Alliearden waarden dêr ferslein yn de Slach om Gallipoli. De Turken fochten mei wikseljend súkses tsjin Ruslân. In soad Armeenjers kamen yn opstân tsjin de nasjonalistyske Jong-Turken. Oare Armeenjers fochten yn it Russyske leger. Dit late ta de Armeenske folkemoard, dy’t nei skatting 0,5 miljoen oant 1,5 miljoen slachtoffers makke.

Nei de Russyske Revolúsje besette it Turkske leger de Kaukasus, mar it moast him yn 1918 dochs oerjaan.

Yn Araabje slagge it de Britten om Hoessein ibn Ali, de Sjarif fan Mekka, oer te heljen om oan harren kant mei te fjochtsjen. Yn de Arabyske Opstân ferdreaunen de Arabieren, mei help fan de beroemde Lawrence of Arabia, tegearre mei de Britten de Turken.

Op de Balkan wisten de Alliearden yn septimber 1918 troch te brekken. Yn Servje rukten se op nei de Donau, wylst Britske troepen by de kust lâns opteagen nei Istanbûl.

Kriich yn 'e loft

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it earstoan spile de loftoarloch in beskieden rol. Fleantugen waarden, lykas yn de Balkanoarloggen, allinnich mar ynset foar ferkenningsflechten. It earste loftgefjocht wie doe’t yn augustus 1914 in Servysk fleantúch in Eastenryksk-Hongaarsk tastel tsjinkaam. De piloat luts in revolver en skeat op it Servyske tastel. Fuort krigen alle piloaten in revolver, letter folgen boardmitrailleurs.

Ferkenning wie en bleau it foarnaamste doel fan de fleantugen. Bombardeminten kamen ek foar, mar hjirfoar moast de piloat de bom tusken syn fuotten hâlde, en sels it tastel útwurkje. Der waarden ek wol seppelins ynsetten. Dizze kolossen koenen mear bommen ferfiere, en waarden troch de Dútsers in soad ynsetten om Londen te bombardearjen. Mar se wienen ek in maklik doelwyt en tige kwetsber, omt se sa grut wienen en mei wetterstof fold wienen. Neist ferkenning en bombardeminten, wie yntimidaasje fan de befolking in doel fan fleantugen en seppelins.

Bekend wienen de folle "dogfights" tusken de Dútske en Alliearde fleanders. Manfred von Richthofen, oftewol de Reade Baron, helle 80 oerwinnings. De Frânsman René Fonck bleau hjir mei 75 net fier efter. Hermann Goering, de lettere loftmaarskalk en nazy-partijbûns, wie ek oarlochsfleander.

Dútslâns (beskieden) koloniale ryk waard relatyf maklik ûntmantele. Oeral wienen de Dútsers numeryk fier yn de minderheid, en hja waarden ôfsnien fan harren memmelân. Dútsk Togolân, Kameroen en Dútsk Súdwest-Afrika waarden yn 1914 en begjin 1915 al troch de Alliearden beset. In leger fan 60.000 Japanners omsingele it lytse Dútske garnizoen fan Kiautschou. Ek ferskste eilannen yn 'e Stille Oseaan waarden troch de Japanners beset, wylst de Britten fan Austraalje út Keizer Wilhelmsland en de Salomonseilannen besetten. Inkeld yn Dútsk East-Afrika, it lettere Tanzania, hâlden de Dútsers ûnder lieding fan Paul von Lettow-Vorbeck stân oant nei de wapenstilstân fan 1918. Sina ferklearre Ruslân de oarloch en stjoerde tûzenen arbeiders nei de rinfuorgen foar stipend wurk. Japan stjoerde nei de besetting fan de Dútske koloanjen en konsesjes gjin man mear nei it front, mar stelde wol in ultimatum oan Sina (de Alliearden kearden Japan trouwens). It tawizen fan de Dútske konsesjes yn Sina oan aartfijân Japan is Woodrow Wilson troch de Sinezen, en ek troch in soad Amerikanen tige kweaôf nommen.

Amerikaanske oarlochsdielname

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Soldaten fan de Australyske 4e Difyzje op in rinbrêge, Yper, 1917.

Dútslân beantwurde de seeblokkade fan de alliearden mei dûkboaten. Dútske dûkboaten strúnden de seeën ôf en torpedearren keapfarders. Behalve alliearde skippen, waarden ek wolris neutrale skippen troffen, lykas de Lusitania. Dit waard de Dútsers troch in soad neutralen tige kwea ôf nommen.

Yn 1917 sette Dútslân yn op in ûnbeheinde dûkboatoarloch, dy't Ingelân isolearre moast en sa ta oerjefte twingen moast. Dit om't Dútslân him nei de seeslach by Jutlân net mear op iepen see weage, mar dochs eat hawwe moast dat de sitewaasje feroarje koe. Om't hja de kâns rûnen sa de Feriene Steaten tsjin harren op te setten besochten hja Japan en Meksiko by de Sintralen oanslute te litten om sa de Amerikanen ôf te lieden. In telegram mei dizze strekking (Zimmermanntelegram) waard lykwols ûnderskept. Nei oanlieding hjirfan, en fan de ûnbeperkte dûkboatoarloch, ferklearren de Feriene Steaten Dútslân op 6 april 1917 de oarloch. De Meksikanen hienen krekt in boargeroaloch efter de rêch en hienen gjin behoefte oan in nije oarloch, en Japan hie al posysje keazen.

De Amerikaanske oanwêzigens hie, benammen yn it begjin, allinnich in psychologyske wearde. Sa kolossaal as de Amerikaanske marine wie, sa lyts wie harren lânleger. Der wie mankrêft genôch, mar der wie net genôch wapening. Kanonnen moasten fan de Britten liend wurde. De Dútsers krigen in nij leger tsjinoer harren dat hieltyd fierder oangroeide. Harren dûkboaten wienen net by steat om de oarlochskonvoaien op te kearen. De tiid wurke yn harren neidiel: Hieltyd mear troepen streamden Jeropa oer, en de Amerikaanske wapenfabriken draaiden op folle toeren.

Yn de simmer van 1918 besleaten Hindenburg en Ludendorff noch ien kear alles op alles te setten. De Dútsers foelen ommers op trije punten oan:

  1. In offensyf oan de Marne tsjin de Frânsken;
  2. In offensyf oan de Somme om in kile te driuwen tusken de Frânsken en Britten;
  3. In offensyf tsjin de Britten en Belgen by Iper yn Flaanderen.

Op it earste gesicht wienen dizze offensiven súksesfol: de rinfuorgen waarden ferlitten en in grutte terreinwinst waard ferkrigen. De troepen wienen lykwols oan de ein fan harren krêften (nei in offensyf plonderen se bygelyks earst de fijanlike fiedseldepots), en efter it front wienen ek noch in soad fijanlike troepen. De offensiven rûnen alle trije fêst yn moddder, bloed, en in muorre fan frisse Amerikanen. Oer it hiele front waarden de Dútsers yn de hjerst fan 1918 weromdreaun.

Hindenburg en Ludendorff wisten dat it ôfrûn wie. De legers hienen oan alles gebrek en der drige revolúsje. Troch generaal Wilhelm Groener lieten hja de keizer witte dat hja net langer op de trou fan it Duitse leger rekkenje koenen. In ferstiving fan de wjerstân yn Flaanderen wie mar skyn: der wie ferlet fan alles, oan unifoarmen ta. De rebelskens fan matroazen sloech oer nei it hiele lân. By de Sintrale bûnsmaten, dy ‘t no op alle slachfjilden ferslein waarden, wie de sitewaasje noch slimmer omdat Dútslân harren ekonomysk útsûge en as koloanjes behannele. In Bulgaarsk rezjimint skamme him sa foar syn klaaiinge, dat it him yn ûnderklean foar de generaal presintearre. De boargers hienen it noch slimmer en stoaren by boskjes fan 'e honger. Yn de hjerst fan 1918 sleaten Turkije en Bulgarije wapenstilstannen. Eastenryk-Hongarije folge op 3 novimber, sadat Dútslân no oan de súdkant ûnbeskerme wie. De keizer flechte nei Nederlân, en de republyk waard útroppen. Der kamen ûnderhannelingen en in wapenstilstân waard oerienkomd. De Oarloch waard op de 11e fan de 11e 1918 (11 novimber 1918) om 11 oer 11 oere yn in treinwagon yn Compiègne beëinige. Oant de lêste minút foelen de 'ferneatigingsskotten' troch de artillery oer en wer.