Feedriuwerij
In feedriuwerij is it (fierhinne histoaryske) proses fan opdriuwen fan fee fan it iene plak nei it oare oer oansjenlike ôfstannen. It fee bestie dêrby almeast út kij, mar it koe ek gean om hynders, bargen, skiep, geiten, guozzen of oare domestisearre bisten. It byld dat de measte minsken tebinnen komme sil by it hearren fan it wurd 'feedriuwerij' is dat fan 'e cowboy dy't yn it Wylde Westen fan 'e Feriene Steaten op syn hynder in keppel kij opdriuwt.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Feedriuwerijen besteane al sûnt minskewitten. Yn 'e Midsiuwen waarden by jierlikse feedriuwerijen Hongaarske grize kij oer de rivier de Donau brocht om 'e stêden fan Dútslân fan fleis te foarsjen. Yn 'e sechstjinde iuw wiene der feedriuwerijen dy't fleiskij oer de Sint-Gotthardpas nei de fleismerken fan Bellinzona en Lugano ta brochten, yn Lombardije. Dêr kaam omtrint 1700 in ein oan doe't men yn Switserlân oerstapt wie fan nomadyske fetweiderij op sedintêre molkfeehâlderij. Yn Ingelân waarden oant fier yn 'e njoggentjinde iuw feedriuwerijen holden wêrby't Ierske bargen en guozzen út 'e havenstêd , oan 'e Ierske See, dwers troch it lân nei Londen ta dreaun waarden om dêr slachte te wurden.
Tagelyk mei de kolonisaasje fan 'e westlike helte fan 'e Feriene Steaten, yn 'e njoggentjinde iuw, waarden dêr ek grutskalige feedriuwerijen holden, benammen yn 'e tiid fan it Wylde Westen. Fan 1865 oant 1895 dreau men grutte keppels fleiskij fan Teksas nei de westlike útein fan it spoar, yn Kansas, dêr't se op 'e trein set waarden nei de slachthuzen fan St. Louis en Chicago. Stedsjes as Abilene, Ellsworth, Wichita en Dodge City ûntstiene as sokke 'feestedsjes', dy't faak yn it earstoan berucht wiene om harren wetteleazens. De feedriuwerij ferrûn oer fêste rûtes, lykas it ferneamde Chisolm Trail, mar ek oer it Shawnee Trail en it Great Western Trail. Oer it Goodnight-Loving Trail waarden fierders keppels kij út Teksas wei nei merken yn it Amerikaanske Súdwesten ta dreaun.
Grutte feedriuwerijen fûnen ek (en fine noch wol) plak op 'e Argentynske pampa's en yn lannen as Kolombia en Fenezuëla. Yn Austraalje kamen se yn it ferline ek in soad foar. Yn 1885 sette bygelyks in Patsy Durack út Queenslân ôf nei de Kimberley, it noardlike part fan West-Austraalje, mei in keppel fan 8.000 kij, oer in ôfstân fan 4.800 km. Hy kaam dêr twa jier en twa moannen letter oan mei likernôch de helte fan 'e kij. En yn maart 1883 setten twa Australyske famyljes fan Skotsk komôf, de MacDonalds en de McKenzies, mei 670 kij, 32 oksen en 86 hynders ôf út Nij-Súd-Wales. Nei in reis fan reis fan trije jier en fjouwer moannen, dy't mank gie mei it trochkrusen fan rivieren dêr't it optilde fan 'e krokkedillen en it ôfslaan fan oanfallen fan 'e Australyske Aborizjinals, kamen se yn july 1886 einlings en te'n lêsten yn 'e Kimberley oan. Dat wie ynsafier bekend de langst duorjende feedriuwerij út 'e skiednis.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |