Springe nei ynhâld

Entrapment

Ut Wikipedy
Entrapment
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Jon Amiel
produsint Sean Connery
Michael Hertzberg
Rhonda Tollefson
senario Ronald Bass
William Broyles jr.
kamerarezjy Phil Meheux
muzyk Christopher Young
filmstudio Regency Enterprises
20th Century Fox
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Catherine Zeta-Jones
Sean Connery
byrollen Ving Rhames
Will Patton
Maury Chaykin
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Feriene Keninkryk
Dútslân
premiêre 30 april 1999
foarm langspylfilm
sjenre heistfilm
taal Ingelsk
spyltiid 113 minuten
budget en resultaten
budget $66 miljoen
opbringst $212,4 miljoen

Entrapment is in Amerikaansk-Britsk-Dútske heistfilm út 1999 ûnder rezjy fan Jon Amiel, mei yn 'e haadrollen Catherine Zeta-Jones en Sean Connery. De titel betsjut "Utlokking". It ferhaal giet oer fersekeringsûndersykster Viginia "Gin" Baker, dy't besiket de berucht ynbrekker en dief Robert "Mac" MacDougal út te lokjen sadat se him op 'e die trappearje en arrestearje litte kin. Yn dizze saak blykt lykwols neat te wêzen wat it liket. De film krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar groeide yn 'e bioskopen út ta in oansjenlik kommersjeel súkses.

Virginia "Gin" Baker is in fersekeringsûndersykster foar de Amerikaanske fersekeringsmaatskippij Waverly Insurance, dy't yn desimber 1999 Robert "Mac" MacDougal op it spoar komt as der yn New York op yngenieuze wize in Rembrandt ter wearde fan $40 miljoen út in wolkekliuwer stellen wurdt. Mac is in masterynbrekker en dief dy't spesjalisearre is yn it stellen fan ynternasjonale keunst, en Gin is derfan oertsjûge dat hy efter de dieverij fan it skilderij sit. Se kriget har baas, Hector Cruz, safier dat se undercover gean mei om Mac út te lokjen. Gin docht har foar as ynbrekster dy't in Sineesk masker fan ûnskatbere wearde op it each hat om te stellen út it swierbewekke Paleis fan Bedford, yn Ingelân. Dêrfoar hat se ferlet fan 'e help fan Mac.

Dyselde hat wol earen nei har plannen, mar it earste wat er docht is Gin har revolver ôfpakke, want sa seit er, as je in fjoerwapen by je drage, soene je ris yn 'e ferlieding komme kinne om it te brûken. Fierders makket er de tsjeppe Gin, dy't wend is har uterlik yn 'e striid te smiten om har sin te krijen, dúdlik dat harren oerienkomst poer saaklik bliuw moat en dat der gjin sprake wêze kin fan it ûntstean fan in romantyske relaasje. Mac nimt har mei nei syn isolearre kastiel yn Skotlân, dêr't se syn fertrouwen wint troch him te fertellen hoe't sy yn New York de Rembrandt út 'e wolkekliuwer stellen hat. Se fertelt derby dat se it skilderij yn in koker rôle hat en yn it gebou sels op 'e post dien hat nei Maleizje. Mac seit dat er alles leaut dat se him ferteld hat; dêrop hellet er itselde skilderij foar 't ljocht en fertelt dat it foar him hiel ienfâldich wie om dat út 'e postkeamer yn 'e wolkekliuwer te stellen.

Wylst Mac Gin ûnderwerpt oan in bikkelhurde training foar de yngewikkelde ynbraak yn it paleis, arrivearret Aaron Thibadeaux, dy't skynber de iennichste hantlanger is yn wa't Mac fertrouwen stelt, mei foarrieden dy't nedich binne om 'e ynbraak ta in goede ein te bringen. As Mac letter dwaande is mei de lêste tariedings, nimt Gin út 'e iene tillefoansel wei yn it doarp by it kastiel kontakt op mei Cruz, dy't se op 'e hichte hâldt fan 'e foarútgong fan har ûndersyk. It docht lykwols bliken dat Mac de tillefoansel fan ôflústeringsapparatuer foarsjoen hat, dat hy kin yn it kastiel it hiele petear folgje.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De ynbraak yn it Paleis fan Bedford giet sa't se pland hiene. De beide ynbrekkers kringe fia de slotgrêft troch yn in ûnder wetter steande geheime gong dy't yn in fier ferline troch ien fan 'e hartoggen fan Bedford oanlein wie om syn mêtresse te besykjen. Ienris yn it paleis blaze se mei lichte eksplosiven in gat yn 'e flier wylst de grutte klok tolve slacht, sadat it leven gearfalt mei de klokslaggen. Dêrnei wringt Gin har tusken de laserstrielen troch nei it plak fan it masker, dat se fan syn plak hellet nei't se it drukalaarm ûnskealik makke hat mei wat kaugom. Werom yn 'e slotgrêft hâldt Mac lykwols Gin har holle ûnder wetter oant se him fertelt wat der no eins geande is. Gin bychtet op dat alles draait om in oare ynbraak dy't se yn Maleizje útfiere wol. Om har dêrfoar ta te rieden hat se ferlet fan 'e tsjinsten fan 'e krimineel Conrad Greene, dêr't se foar betelje wol mei it skilderij en it masker. Har baan by de fersekeringsmaatskippij is inkeld om oan 'e koades te kommen dy't se nedich hat foar dy ynbraak. In lêste ding dat se nedich hat, is de ekspertize fan Mac. Dyselde beslút har te leauwen, of alteast it spultsje mei te spyljen en te sjen wat derfan komt.

Twaresom reizgje se nei de Maleizyske haadstêd Kuala Lumpur, dêr't Gin fertelt dat har grutte ynbraak draait om it stellen fan $8 miljard oan digitaal jild fan 'e International Clearance Bank, dy't fêstige is heech yn 'e noardertoer fan 'e Petronas Towers, it heechste gebou fan 'e wrâld. De ynbraak moat oer twa dagen al plakfine, want hy moat gearfalle mei de milenniumwiksel fan it jier 2000. Gin wol de bank binnendringe, wêrnei't se de koade en in spesjale bril mei de iris fan 'e bankdirekteur (dy't se fan Greene kocht hat) brûke sil om 'e kompjûter opdracht te jaan en meitsje it jild oer nei har bankrekken. Se hat lykwols noch net útfigelearre hoe't se de bank berikke moat, en hat Mac nedich om in manear te betinken om 'e befeiliging fan 'e Petronas Towers te omsilen. Dêrfoar jout se him $1 miljard fan 'e $8 miljard dy't se stelle sil. Mac seit dat it ûnmooglik is om soks yn twa dagen te plannen, en pas as se har oanbod ferhege hat ta $4 miljard, foeget er deroan ta dat it foar oaren ûnmooglik wêze mei, mar dat hý it wol kin.

Dyselde deis noch ferkent Mac yn 'e momkape fan in toerist de Petronas Towers, wêrnei't er syn plannen makket. As Gin lykwols de Rembrandt en it masker by Greene bringe wol om se om te ruiljen foar de koade en de bril, docht bliken dat it masker út it kofferke mist. Mac hat nammentlik besletten fan 'e ynbraak ôf te sjen om't er it te gefaarlik fynt. Hy moetet Thibadeaux, oan wa't er it masker besiket te jaan, mar dan docht bliken dat de ferhâldings net binne sa't se lieken te wêzen, want Thibadeaux makket Mac yn net mis te fersteane bewurdings dúdlik dat der fan ôfsjen fan 'e ynbraak gjin sprake wêze kin, en Mac hat gjin oare kar as him derby del te lizzen dat er dochs trochsette moat. As er mei it masker weromkeart, is Gin, om it sêft út te drukken, net sa wiis mei him, mar se lizze harren skeel by. Gin bringt it masker dochs noch by Greene en ûntfangt dêrfoar de bril, dy't er efterholden hie. Underwilens dûkt ek Cruz yn Kuala Lumpur op, dy't dêr troch Thibadeaux, dy't dûbel spul liket te spyljen, nei ta helle is.

Op âldjiersjûn 1999 kringe Mac en Gin de Petronas Towers binnen, dêr't op dat stuit in feest geande is. Cruz is dêr ek, en hy hat de Maleizyske plysje en de befeiliging fan it gebou op 'e hichte brocht fan 'e oanwêzigens fan 'e beide ynbrekkers, hoewol't se net witte hokker doelwyt Mac en Gin op it each hawwe. Mac en Gin witte op yngenieuze wize de befeiliging te ûntrinnen en berikke de bank, dêr't Gin de koade en de bril brûkt om tagong ta it kompjûtersysteeem te krijen. Se slút har eigen kompjûter op it systeem oan om 'e $8 miljard nei har bankrekken oer te meitsjen as it ôftellen nei it nije jier ynset wurdt, en yn 'e lêste tsien tellen fan 1999 wurde sy en Mac miljardêr. As se neitiid lykwols har laptop fan it systeem loskeppelet, geane alle alaarmen ôf. Mac en Gin witte krekt op 'e tiid út bank te ûntkommen, dêr't de doarren út harsels ticht en op 't slot geane.

Om oan 'e tahastige befeilingsminsken te ûntkommen, moatte se oerstekke nei de sudertoer fan 'e Petronas Towers, hûnderten meters boppe de grûn hingjend oan 'e lampkes dy't foar de nijjiersfestiviteiten oan 'e ûnderkant fan 'e brêge tusken de tuorren ophongen binne. Nei't se nauwerneed oan 'e dea ûntkommen binne by it brekken fan it snoer, berikke se in fentilaasjeskacht dêr't se Mac syn Plan B yn 'e praktyk bringe sille troch har mei miny-parasjutes fia de skacht nei de begeane grûn sakje te litten. Om't Gin har miny-parasjute kwytrekke is doe't se hast in kilometer boppe de grûn oan it snoer bingele, jout Mac har sines. Gin ûntsnapt en Mac bliuwt efter en seit har dat er har de oare moarns op it treinstasjon Pudu treffe sil. It is ûndúdlik hoe't hy tinkt oan syn efterfolgers ûntkomme te kinnen.

De oare moarns bejout Gin har nei it stasjon om op Mac te wachtsjen. As er úteinlik opdaagjen komt, hat er Aaron Thibadeaux by him, dy't himsels identifisearret as in FBI-agint. Mac leit Gin út dat er in pear jier lyn by in ynbraak troch Thibadeaux oppakt is, dat er sûnt as ynformant foar de FBI wurkje moatten hat. De FBI hat Gin nammentlik al langer op it each en hie syn help nedich om har út te lokjen, sadat se arrestearre wurde koe. Mac hat lykwols in Plan C, dat ynhâldt dat er Gin helpe sil te ûntkommen. De ymplikaasje is dat er fereale op har wurden is. Lûdop fertelt er har dat er Thibadeaux de stellen $7 miljard "weromjûn" hat, en flústerjend heakket er dêroan ta dat Gin harsels mar tefredenstelle moat mei $1 miljard. As it stasjon oandien wurdt troch in trein, lit er himsels troch har gizelje mei har revolver dy't er no krekt wer yn har bûse stoppe hat. Op dy wize wit se mei de trein te ûntkommen.

Catherine Zeta-Jones.
Sean Connery.

In stikmannich FBI-aginten, en Cruz, dy't ek oanwêzich is, hastigje har nei it folgjende stasjon, om Gin dêr op te wachtsjen. Mac en Thibadeaux bliuwe allinne efter, en Thibadeaux, dy't net murken hat dat Mac him no krekt oan alle kanten besoademitere hat, befêstiget dat Mac him oan 'e ôfspraken holden hat en no wer frij man is. Nei't Thibadeaux him ôfjûn hat, arrivearret der wer in trein op it stasjon, dêr't ta Mac syn ferrassing Gin útstapt, dy't healwei it folgjende stasjon fan 'e iene nei de oare trein oersprongen is. Se fertelt Mac dat se ferlet hat fan syn ekspertize foar in ynbraak dy't se plant. In binnenkommende trein riidt tusken harren en de kamera lâns, en as er nei inkele sekonden foarby is, binne de beide ynbrekkers ferdwûn.

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Virginia "Gin" Baker Catherine Zeta-Jones
Robert "Mac" MacDougal Sean Connery


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Aaron Thibideaux Ving Rhames
Hector Cruz Will Patton
Conrad Greene Maury Chaykin
Haas Kevin McNally
Quinn Terry O'Neill
haad befeiliging Petronas Towers Madhav Sharma
plysjekommissaris yn Kuala Lumpur David Yip
Millennium Man Tim Potter
direkteur Rolf Saxon

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Entrapment is in Amerikaansk-Britsk-Dútske ko-produksje, dy't regissearre waard troch Jon Amiel nei in senario fan Ronald Bass en William Broyles jr. As produsinten wiene by it projekt belutsen: Michael Hertzberg, Rhonda Tollefson en haadrolspiler Sean Connery. De film waard makke troch de studio Regency Enterprises en (mei) finansierd troch 20th Century Fox. Der wie foar Entrapment in budget beskikber fan $66 miljoen.

De kamerarezjy waard fierd troch Phil Meheux, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Christopher Young. De film waard foar in part opnommen op lokaasje yn Blenheim Palace, it Savoy Hotel Londen, Lloyd's of London, Duart Castle op it Skotske eilân Mull, en de Petronas Towers yn Kuala Lumpur. De opnamen waarden ôfmakke yn 'e Pinewood Studios yn it Ingelske greefskip Buckinghamshire.

De distribúsje fan Entrapment waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 30 april 1999 yn 'e Feriene Steaten yn premiêre, op 27 maaie yn Dútslân en op 2 july yn it Feriene Keninkryk.

Entrapment krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes. Kritisy dy't skreaune foar The New York Times, New York Magazine, Variety en The Washington Post priizgen de film.

Duart Castle yn Skotlân, dat yn 'e film figurearret as de wente fan MacDougal.

Roger Ebert joech Entrapment yn 'e Chicago Sun-Times 3 fan 4 stjerren. Hy skreau: "[De film] wurket om't er stylfol makke is. De plot is gearstald as wie it in Switsersk horloazje dat hieltyd fan tiidsône feroaret: it is sekuer en misliedend tagelyk. De film is opboud út 'e iene heistsêne nei de oare, en stekt Bond-films nei de kroan mei syn klimaktyske aksje." Ebert hie ek lof foar Catherine Zeta-Jones: "Ik kin allinne mar tinke, sa't ik ek die doe't ik har seach yn The Mask of Zorro, dat hoewol't der fan tsjeppe froulju yn films ienentweintich yn in snies geane, tsjeppe froulju mei fjoer, fertoan en humor in stik seldsumer binne."

It tydskrift OK! klage oer de romantyske relaasje dy't him yn 'e film tusken de personaazjes fan Catherine Zeta-Jones en Sean Connery ûntjout. "Der bestiet in mislikmeitsjende tradysje fan filmknarren fan pinsjoengerjochtige leeftyd dy't byinoar set wurde mei moaie mokkels […]." It blêd heakke dêroan ta: "We fûnen Sean en Michelle Pfeiffer yn The Russia House al amper oannimlik; tsien jier letter Sean en Catherine Zeta-Jones? Makkest in grapke, tink? De film is fierders wol ridlik."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Entrapment in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 38%, basearre op 81 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "In min ûntwikkele plot makket dat eltse mooglike gemy tusken de haadrolspilers fan 'e film al by foarbaat om 'e nocht is." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Entrapment in goedkarringspersintaazje fan 54%, basearre op 24 resinsjes.

Entrapment brocht yn 'e bioskopen wrâldwiid $212,4 miljoen yn 't laadsje. As dy opbringst ôfset wurdt tsjin it budget fan $66 miljoen, bliuwt der in winst oer fan $146,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Entrapment in oansjenlik kommersjeel súkses.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.