Springe nei ynhâld

Englum

Ut Wikipedy

Englum is in buorskip yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân (Nederlân). Hy leit tusken Oldehove en Saaksum tsjin de dyk fan it Reitdjip.

De buorskip is neamd nei de wierde mei deselde namme dy't foar it grutstepart ôfgroeven is. De wierde fan Englum, ek Legewier neamd, leit op in kwelderrêch en soe ien fan de âldste, bewenne, wierden fan Grinslân wêze. Eartiids stie dêr de Englumboarch.

Yn 2000 is de wierde archeologysk ûndersocht yn it ramt fan it Frisia-projekt. Ut de fynst fan diggelguod kin opmakke wurde dat de earste bewenning werom giet ta de fyfde iuw foar Kristus. Yn 2003 is de provinsje begûn mei it restaurearjen fan de wierde. Dêrfoar waard baggelierde út it Reitdjip brûkt.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]