Springe nei ynhâld

Ellen Fjæstad

Ut Wikipedy

Ellen Elise Fjæstad (Stockholm, 11 febrewaris 1986) is in Sweedske aktrise dy't yn Nederlân ferneamd wurden is troch de telefyzjerol Eva Strömdahl yn de bernerige Eva & Adam. Fjæstad spile fan 1999 oant en mei 2002 yn dy searje. 2001 kaam der ek in bioskoopfilm út mei de titel Eva & Adam – Vier verjaardagen en een blunder.

In kar:

  • 1999: Eva & Adam as Eva Strömdahl
  • 2003: Peter Pan II - Return to Neverland as Jane
  • 2004: Het Ketchup-Effect (Hiep Hiep Hoera!) as Amanda
  • 2006: Over the Hedge as Heather

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]