Dualisme (filosofy)
It dualisme is yn 'e filosofy, en yn it ferlingde dêrfan ek yn 'e polityk, it njonken inoar bestean fan twa saken. Dêrmei is it in foarm tusken monisme en pluralisme.
Wiisbegearte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e wiisbegearte is dualisme it gebrûk fan twa ûnderskate grûnbeginsels. Meastal wurdt hjirby tocht oan twa grûnbeginsels foar it ferklearjen fan 'e wurklikheid, bygelyks geast en matearje, mar fansels kin ek foar de observaasje fan 'e wurklikheid útgien wurde fan twa grûnbeginsels, bygelyks gefoel en ferstân.
Polityk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e polityk wurdt de term "dualisme" almeast brûkt foar de skieding fan útfierende en wetjaande organen. Bygelyks, sûnt 2002 is it bestjoer fan gemeenten yn Nederlân dualistysk: leden fan it útfierende orgaan, it kolleezje fan boargemaster en wethâlders, meie gjin lid wêze fan it wetjaande orgaan, de gemeenterie.