Derek de Lint
Derek de Lint | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Dick Hein de Lint | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 17 july 1950 | |
berteplak | De Haach (Súd-Hollân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
jierren aktyf | 1975 – no | |
offisjele webside | ||
Derek de Lint yn 'e IMDb |
Derek de Lint (folút: Dick Hein de Lint; De Haach, 17 july 1950) is in Nederlânsk tillefyzje- en filmakteur, dy't yn Nederlân benammen bekend waard troch syn rollen yn films as Soldaat van Oranje en it mei in Oskar bekroande De Aanslag. Hy boude ek in súksesfolle ynternasjonale karriêre op, wêrby't er it bekendst waard mei syn rol yn 'e dramarige Poltergeist: The Legacy.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Lint waard yn 1950 berne yn De Haach. Fan 1970 oant 1972 studearre er fotografy en grafysk ûntwerpen yn Ynskedee, oan wat no de AKI ArtEZ Academie voor Art & Design is, folge troch nochris twa jier oan 'e Amsterdamske Toanielskoalle en Lytskeunstakademy. Under en fuort nei syn stúdzje ûnderhold De Lint himsels mei in bybaantsje as fotomodel.
Aktearkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1975 makke De Lint syn debút as akteur mei de rol fan Rik Vandaele yn it toanielstik Thuis fan 'e Flaamske skriuwer Hugo Claus. Dêr kaam er oan trochdat syn learaar Spaanske dûns, in Marino Westra, kunde hie oan Claus en dy syn frou, aktrise Sylvia Kristel. Sadwaande mocht De Lint foar de rol audysje dwaan yn in leech Keninklik Teäter Carré yn Amsterdam, yn in dekôr fan it stik Cyrano de Bergerac, foar Claus sels en Guus Oster. Neitiid sei Oster tsjin him: "Kinst skielk yn elts gefal sizze dat dyn karriêre begûn is yn Carré."
Nei in lyts roltsje yn it Amerikaanske tillefyzjeprogramma The Rocky Horror Show en in pear rollen yn Nederlân dy't net folle mear as figuranteroltsjes wiene, mocht De Lint yn 1976 audysje dwaan foar ien fan 'e haadrollen yn 'e film Soldaat van Oranje, fan regisseur Paul Verhoeven. Foarôf hied er in petear mei produksje-assistinte Ineke van Weezel, dy't him fertelde dat it in projekt fan ƒ5 miljoen wie, en dêrmei de djoerste Nederlânske film ea. De Lint skrok him dea, waard sa senuweftich as wat, en ferprutste de audysje. Mar Van Weezel en filmprodusint Rob Houwer hiene him yn Thuis sjoen en wiene fan syn spyljen ûnder de yndruk. Sadwaande krige er yn 1977 dochs de rol fan Alex yn Soldaat van Oranje. Dat bestjutte foar De Lint daliks syn Nederlânske trochbraak.
Nei Soldaat van Oranje hie De Lint yn 1979 de haadrol yn 'e film Kort Amerikaans, nei de roman mei deselde namme fan Jan Wolkers. Koart nei't dy film útkaam, hie De Lint in moeting mei Paul Verhoeven, dy't him frege en doch audysje foar de rol fan Rien yn syn nije film Spetters. Doe't er dat dien hie, sei Verhoeven tsjin him dat er de rol hie, mar in pear dagen letter krige er in bryfke fan Hans Kemna, de assistint fan Verhoeven, dêr't yn stie dat Kort Amerikaans harren film foar de fuotten rûn, en dat se fierders net mear mei De Lint gearwurkje woene.
Nettsjinsteande dy snútslach wie it begjin fan 'e jierren '80 in súksesfolle tiid foar De Lint. Hy spile yn bekende dramasearjes as Herenstraat 10 (1983) en Willem van Oranje (1984), en yn grutte Nederlânske films, lykas Van de Koele Meren des Doods (1982) en Bastille (1984). Dy lêste film wie basearre op in boek fan skriuwer Leon de Winter, en De Lint hie de rol fan Paul de Wit, in 37-jierrige Joadske Amsterdamske skiednisdosint dy't hjitfolge wurdt troch de oantins oan syn yn 'e Holokaust fermoarde famylje. Yn 1986 hie De Lint yn it mei in Oskar foar bêste bûtenlânske film bekroande De Aanslag noch sa'n grutte rol, en dat wie wer ien dy't weromsloech op 'e Twadde Wrâldoarloch. De film wie basearre op 'e roman De Aanslag, fan Harry Mulisch, en De Lint spile Anton Steenwijk, dy't as jonge troch in oanslach fan it ferset op in kollaborateur by harren foar de doar syn âlden en broer kwytrekke is oan in repressaille fan 'e besetter.
Hoewol't De Lint al earder yn it bûtenlân wurke hie, krige er troch De Aanslag in beskate bekendheid yn ynternasjonale filmfermiddens. Dêrop fuortbouwend hied er yn 1987 in lyts roltsje yn 'e komeedzjefilm Three Men and a Baby, spile er datselde jiers yn 'e film Mascara, mei Charlotte Rampling, en yn 1988 hied er in rol yn Philip Kaufman syn The Unbearable Lightness of Being, mei Daniel Day-Lewis en Juliette Binoche, oer de Praachske Maityd fan 1968, nei in boek fan Milan Kundera. Yn Nederlân wie De Lint yn lettere jierren noch te sjen yn films as Rituelen (1989) en Lang Leve de Koningin (1995), mar fierders wurke er yn 'e 1990-er jierren benammen yn 'e Feriene Steaten.
Dêr hied er yn it tillefyzjeseizoen 1989-1990 10 ôfleverings lang in weromkearende rol as dokter Gerard Bernard, de frijer fan haadrolspylster Dana Delany yn 'e dramasearje China Beach. Ek spile er de Russyske KGB-agint Abramov yn 'e tillefyzjefilm The Endless Game (1990), en hied er as Bertrand de Roujay de haadrol yn 'e seisdielige minysearje The Free Frenchman (1989), oer in briljante Frânske aristokraat dy't ûnder de Twadde Wrâldoarloch belutsen rekket by it Frânske ferset. Yn 1991 waard De Lint cast yn 'e (haad)rol fan Conner Macleod yn 'e rige Highlander: The Series, mar om ûndúdlike redens loek er him út dat projekt werom. Yn 1994 hied er in gastrol yn in ôflevering fan 'e Amerikaanske plysjesearje NYPD Blue.
De rol wêrmei't De Lint yn it bûtenlân de measte bekendheid wûn, wie dy fan Derek Rayne, yn 'e searje Poltergeist: The Legacy, dy't fjouwer seizoenen rûn, fan 1996 oant 1999. Nei de iuwwiksel spile er benammen yn tillefyzjesearjes, sawol Amerikaanske as Nederlânske. Sa hied er gastrollen yn 'e plysjesearjes NCIS en Baantjer, spile er yn 'e westernminysearje Into the West, en wied er ek te sjen yn The L Word, Bloedverwanten en Silent Witness. Fan 2006 oant 2009 fertolke er de rol fan dokter Ed Rossi yn 'e dramasearje Gooische Vrouwen, in rol dy't er op 'e nij spile yn 'e films Gooische Vrouwen (2011) en Gooische Vrouwen 2 (2014). Fierders hied er yn dyselde tiid rollen yn 'e Nederlânske films Zwartboek (2006) en De Brief voor de Koning (2008).
Yn 'e film Nova Zembla (2011), oer de oerwintering op Nova Zembla, spile De Lint de Skylger seefarder Willem Barents. Yn 2013 hied er in rol yn 'e film Tula: The Revolt, oer de slave-opstân fan 'e histoaryske Kurasauske slavelieder Tula. Yn 2016 wie De Lint as stimakteur belutsen by de Nederlânsktalige neisyngronisearring fan 'e Amerikaanske tekenfilm The Secret Life of Pets. Yn 2015 wie De Lint te sjen as Johan Kievit yn 'e histoaryske film Michiel de Ruyter fan regisseur Roel Reiné, oer de santjinde-iuwske seeheld Michiel de Ruyter. Yn 2018 wurke er fannijs gear mei Reiné, doe't er de rol fan 'e ferrieder Eibert hie yn 'e aventoerefilm Redbad, oer de achtste-iuwske kening fan 'e Friezen mei deselde namme.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Derek de Lint is sûnt 1979 troud mei Dorith Jessurun.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
1976 | Barocco | propagandaman #1 | |
1977 | Blindgangers | Mark | |
1977 | Soldaat van Oranje | Alex | |
1978 | Dag Dokter | Theo van Delft | |
1979 | De Grens | ? | koarte film |
1979 | Kort Amerikaans | Erik van Poelgeest | |
1979 | Dat Moet Toch Kunnen | ? | |
1980 | The Lucky Star | luitenant Steiner | |
1981 | Come-Back | Vriend Marij | |
1982 | Van de Koele Meren des Doods | Ritsaart | |
1983 | Een Zaak van Leven of Dood | Jack de Graaf | |
1984 | Bastille | Paul de Wit / Nathan Blum | |
1985 | Mata Hari | knappe reizger | |
1986 | De Aanslag | Anton Steenwijk | |
1987 | Mascara | Chris Brine | |
1987 | Dagboek van een Oude Dwaas | Philippe | |
1987 | Three Men and a Baby | Jan Clopatz | |
1988 | Stealing Heaven | Abelard | |
1988 | The Unbearable Lightness of Being | Franz | |
1989 | Rituelen | Inni Wintrop | |
1992 | Die Sonne über dem Dschungel | Peter | |
1993 | Angie | Peter Koudbier | |
1994 | Venti dal Sud | Peter | |
1995 | Affair Play | Alex Witsen | |
1995 | Lang Leve de Koningin | Bob Hooke (heit fan Sara) | |
1995 | All Men Are Mortal | Bertus | |
1998 | Deep Impact | ynterviewde astronoom op 'e tillefyzje | cameo |
2000 | The Artist's Circle | ? | koarte film |
2001 | Soul Assassin | Karl Jorgensen | |
2001 | Mon Amour, Mon Parapluie | swalker | koarte film |
2001 | Superstition | Allessandro Censi | |
2002 | Tom & Thomas | Bancroft | |
2003 | The Big Charade | Vlad | |
2006 | Moonlight Serenade | Terence Hill | |
2006 | When a Stranger Calls | dokter Mandrakis | |
2006 | Zwartboek | Gerben Kuipers | |
2008 | De Brief voor de Koning | kening Dagonaut | |
2010 | Villa Joséphine | Levi | koarte film |
2011 | Anatole | Anatole Deibler | koarte film |
2011 | Gooische Vrouwen | dokter Ed Rossi | |
2011 | Nova Zembla | Willem Barents | |
2011 | All That Way for Love | Casper / oarehelte | koarte film |
2011 | U & Eye | timmerman | koarte film |
2012 | Tears of Steel | Alde Thom | |
2012 | Insensibles | dokter Holzmann | |
2013 | Midden in de Winternacht | de krystman | |
2013 | Valentino | Karel | |
2013 | Daglicht | Twan van Benschop | |
2013 | Tula: The Revolt | baron Van Westerholt | |
2013 | Aan de Overkant | ? | koarte film |
2014 | Gooische Vrouwen 2 | dokter Ed Rossi | |
2014 | Snijbonen | Jules | koarte film |
2015 | Michiel de Ruyter | Johan Kievit | |
2015 | Code M | pake Ber | |
2016 | The White King | Silver Hair | |
2016 | Familieweekend | Pieter | |
2016 | The Secret Life of Pets | Tiberius | as stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisaasje |
2018 | Redbad | Eibert | |
2018 | Spider-Man: Into the Spider-Verse | Kingpin | |
2019 | Lili | man | koarte film |
20?? | The Blue Mauritius | Jack Bernard | |
tillefyzje | |||
1978 | Uit de Wereld van Guy de Maupassant: De Vlieg | ? | tillefyzjefilm |
1978 | Kant aan m'n Broek | luitenant Chamiroux | weromkearende rol; 4 ôfl. |
1979 | Voor Koningin en Vaderland | Alex | minysearje |
1984 | Willem van Oranje | kening Hindrik II fan Frankryk | minysearje |
1983 | Dolly Dots | Mike Burger / Maarten Flick | weromkearende rol; 4 ôfl. |
1983 | Herenstraat 10 | Karel van Laar | minysearje |
1985 | Slippers | Rob | tillefyzjefilm |
1986–1987 | Dossier Verhulst | Eric Hoogland | minysearje |
1988 | The Great Escape II: The Untold Story | dokter Thost | tillefyzjefilm |
1989 | The Free Frenchman | Bertrand de Roujay | minysearje |
1989–1990 | China Beach | dokter Gerard Bernard | weromkearende rol; 9 ôfl. |
1990 | The Endless Game | Abramov | gastrol; ôfl. 1.2 |
1990 | Burning Bridges | Gus Morgan | tillefyzjefilm |
1991 | Mountain of Diamonds | tillefyzjefilm | Lothar de la Rey |
1992 | Secrets | Paul Rodier | minysearje |
1993 | Civil Wars | ? | gastrol; ôfl. A Liver Runs Through It |
1993 | Remember | Charles Devereaux | tillefyzjefilm |
1994 | Pointman | Jacob Razak | tillefyzjefilm |
1994 | NYPD Blue | Serge | gastrol; ôfl. Serge the Concierge |
1994 | A Perry Mason Mystery: The Case of the Lethal Lifestyle | dokter Estes | tillefyzjefilm |
1995 | Eindeloos Leven | boargemaster | gastrol; ôfl. Oude Botten Breken Niet |
1996 | The Little Riders | Dirk Petersen | tillefyzjefilm |
1997 | The Man Who Made Husbands Jealous | Roberto Rannaldini | minysearje |
1999 | The Outer Limits | sinturion Sulat Ray | gastrol; ôfl. Star Crossed |
1996–1999 | Poltergeist: The Legacy | dokter Derek Rayne | fêste rol; 87 ôfl. |
2000 | The Outer Limits | Carl van der Meer | gastrol; ôfl. Breaking Point |
2002 | Mevrouw de Minister | premier Staal | minysearje |
2002 | Alias | Gerard Cuvée | gastrol; ôfl. Passage: Part 2 |
2003 | Veritas: The Quest | lieder grize mannen | gastrol; ôfl. Reunion |
2003 | Baantjer | Georges van Baaren | gastrol; ôfl. De Cock en de Moord met een Swing |
2004 | NCIS | dokter Stephen Brauer | gastrol; ôfl. Left for Dead |
2004 | Dunya en Desie | menear Govers | gastrol; ôfl. Persoonlijke Vragen |
2005 | The L Word | Manfredi Ferrer | gastrol; Lap Dance |
2005 | Into the West | predikant Hobbes | minysearje |
2005–2009 | Gooische Vrouwen | dokter Ed Rossi | fêste rol; 42 ôfl. |
2008 & 2010 | Deadline | Rogier Lankhorst | weromkearende rol; 24 ôfl. |
2010–2014 | Bloedverwanten | Anton Zwager | fêste rol; 32 ôfl. |
2011 | Silent Witness | Nederlânske ambassadeur | gastrol |
2013 | Sinterklaasjournaal | menear Zilverwerk | gastrol; ôfl. 2013 nû. 4 |
2015 | Flikken Maastricht | Peter Fontein | gastrol; ôf. Het Dispuut |
2015 | Crossing Lines | Victor DuBois | gastrol; ôfl. Obscura |
2016 | Zwarte Tulp | Nick de Ruyter | minysearje |
2018 | Berlin Station | de âlde Henrik Viiding | gastrol; ôfl. Aut Concilio Aut Ense |
2019 | Geub | William van Bronckhorst | minysearje |
2019 | Redbad: The Legend | Eibert | minysearje |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|