Springe nei ynhâld

De Terskflier

Ut Wikipedy
De Terskflier

(grifformearde tsjerke)

Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
plak Seisbierrum
adres Tsjerk Hiddesstrjitte 25
koördinaten 53° 13' N 5° 28' E
Tsjerklike gegevens
status Net mear yn gebrûk
Arsjitektuer
yngenieur Ane Nauta
boujier 1927-1928
Kaart

De Terskflier oan de Tsjerk Hiddesstrjitte is de eardere grifformearde tsjerke fan Seisbierrum. De tsjerke wie ien fan de twa tsjerken fan de PKN-gemeente Seisbierum-Pitersbierrum. Yn 2021 waard foar it lêst in tsjinst holden. De tsjerke sil ferboud wurde ta apparteminten[1].

De grifformearde gemeente fan Seisbierrum ûntstie op 1 desimber 1835 as de kristlik-grifformearde gemeente. De earste tsjerke wie in skuorretsjerke út 1835 oan it Terppaed. De twadde tsjerke ferfong dy tsjerke yn 1882 en stie oan it Achterom.

Geveltekst

Om't de gemeente mei de doleânsje fierder groeide waard yn de jierren 1927-1928 oan de Tsjerk Hiddesstrjitte in nije tsjerke boud neffens ûntwerp fan Ane Nauta. De pastorij kaam yn in monumintaal notarishûs, dat yn 1962 ôfbrutsen wurde moast foar nijbou.

Nauta hat de tsjerke ûntwurpen as in T-foarmich gebou mei in yn de súdwestlike hoeke oanboude toer mei sealtek. Oan de rjochter kant fan de tagong is in gevelstien mei de tekst Dient den Heere met blijdschap, komt voor Zijn aanschijn met vroolijk gezang" (Ps 100 vs 2).

Yn 1962 folge in renovaasje fan de tsjerke. De brune kleuren fan it meubilêr waarden oerskildere en de tsjerke krige kleurde ramen. Dat wie ek in tiid dat de ûnttsjerkliking in begjin makke oan it ein fan de bloei fan de grifformearde mienskip. Stadichoan kamen der ek wer kontakten mei de herfoarme gemeente en yn 2007 waard besletten om oer te gean ta ien Protestantske gemeente Seisbierrum-Pitersbierrum. De grifformearde tsjerke waard doe omdoopt ta 'De Terskflier'.

It oargel fan de grifformearde tsjerke waard yn 1913 foar de herfoarme tsjerke fan Jutryp boud troch de firma Bakker & Timmenga. Doe't de herfoarme tsjerke fan Jutryp ôfbrutsen wurde soe, kaam it oargel te keap. It waard oanskaft troch de grifformearde gemeente fan Seisbierrum en ein 1972 boppe de preekstoel ynboud.

It oargel waard ferkocht oan de Grifformearde Gemeente fan Veen (Noard-Brabân). Dêr waard yn 2021 útein set mei de bou fan in nije tsjerke.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: