Constantin Héger
Constantin Héger | ||
Héger om 1865 hinne | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Belgysk | |
berne | 1809 | |
berteplak | Brussel | |
stoarn | 1896 | |
stjerplak | Brussel | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Learaar | |
reden bekendheid |
learaar fan Emily en Charlotte Brontë |
Constantin Georges Héger (Brussel, 1 july 1809 – dêre, 6 maaie 1896) wie in Belgyske learaar. Neist syn aktiviteiten yn it Keninklik Atheneum fan Brussel wie er foaral warber as learaar oan de priveeskoalle Pensjonnat de Demoiselles van Héger dy 't syn twadde frou oprjochte. Héger is benammen bekend fan syn ferneamde learlingen Emily en Charlotte Brontë.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Héger waard berne yn Brussel en ferhuze yn 1825 nei Parys om wurk te sykjen. Hy wurke in skoft as sekretaris fan in notaris, mar troch jildkrapte koe er sels gjin juridyske karriêre begjinne. Yn 1829 kaam er werom nei Brussel, dêr't er learaar Frânsk en wiskunde waard oan it Keninklik Atheneum. Yn 1830 troude er mei syn earste frou, Josephine Noyer. Doe't yn Brussel de revolúsje útbruts, focht Héger fan 23 oant 27 septimber op de barrikaden oan de kant fan de nasjonalisten. Yn septimber 1833 stoar de frou fan Héger by in goalera-epidemy. Syn soan Gustave stoar yn juny 1834, doe 't er njoggen moanne âld wie.
Hy waard beneamd ta learaar talen, wiskunde, ierdrykskunde en Belgyske skiednis oan de feedokterijkskoalle yn de Brusselske Terarkenstrjitte. Hy bleau lesjaan oan it Keninklik Atheneum doe't dat yn 1839 nei de Douze Apôtresstraat ferhuze. Héger moete Claire Zoë Parent (1804-1887), direktrise fan it njonkenlizzende famkesynternaat yn de Isabellastrjitte, dêr't er les jaan soe. Sy trouden yn 1836 en krigen seis bern.
Susters Brontë
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn febrewaris 1842 kamen Emily en Charlotte Brontë nei Brussel, en om harren talekennis te ferbetterjen folgen se les yn de skoalle fan Héger en syn frou. Yn ruil foar kost en ynwenning joegen se sels ek les yn de skoalle: Charlotte joech Ingelsk en Emily muzykles. Mar yn oktober fan datselde jier ferstoar harren muoike Elizabeth Branwell, dy 't it famyljekatrimonium behearde. Dêrnei gienen se werom nei Ingelân.
Charlotte kaam yn jannewaris 1843 allinnich werom nei Brussel om les te jaan yn it ynternaat. By har twadde ferbliuw dêr wie hja net gelokkich; se waard iensum, waard ûnwennich en rekke bot hechte oan Constantin Héger. Uteinlik kaam se yn jannewaris 1844 werom nei de pastorij fan Haworth en letter brûkte se har tiid op it ynternaat as ynspiraasje foar in part fan de romans De professor en Villette.
De grutte fan Charlotte Brontë har fielen foar Héger waarden earst folslein dúdlik yn 1913, doe't har brieven oan him foar it earst publisearre waarden. Héger hie se foar it earst oan Elizabeth Gaskell sjen litten doe't sy him yn 1856 besocht by it ûndersyk foar har biografy The Life of Charlotte Brontë, mar sy ferswijde harren wiere betsjutting. Dy brieven, dy't de 'Brieven fan Héger' neamd wurde, wiene op in stuit troch Héger ferskuord, mar syn frou hie de stikken út de fodkoer helle en se minusjeus wer oaninoar naaid. Paul Héger, harren soan, en syn susters joegen dy brieven oan it British Museum, en se waarden koart dêrnei ôfprinte yn 'e krante The Times
Lettere libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Héger waard yn 1853 haad fan it Keninklik Atheneum yn Brussel, mar út ûnfrede mei de ynspeksje naam er twa jier letter ûntslach. Hy bleau wol lesjaan oant syn pensjoen om 1880 hinne. Syn frou Claire stoar yn 1890 en hysels yn 1896. Beide waarden beïerdige op it gemeentlik tsjerkhôf fan Watermaal-Bosvoorde.
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Constantin Héger fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|