Springe nei ynhâld

Colin Greenland

Ut Wikipedy
Colin Greenland
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Colin Greenland
nasjonaliteit Britsk
berne 17 maaie 1954
berteplak Dover (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre science fiction
útjouwer Unwin Hyman, HarperCollins
prizen BSFA Award 1990
Arthur C. Clarke Award 1991
jierren aktyf 1982 – no
offisjele webside
gjint

Colin Greenland (Dover, 17 maaie 1954) is in Britsk skriuwer fan science fiction. Syn bekendste wurk is de roman Take Back Plenty út 1990, dy't de beide wichtichste Britske prizen foar science fiction-literatuer wûn. Njonken syn skriuwwurk is Greenland ek aktyf as publisist en filmkritikus.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Greenland waard yn 1954 berne yn Dover, yn it Ingelske greefskip Kent. Hy genoat syn oplieding oan 'e Universiteit fan Oxford, dêr't er yn 1978 in mastergraad en yn 1981 in doktoraat yn 'e filosofy behelle.

Greenland brocht yn 1982 in earste koarte ferhaal út, dat de twadde priis wûn yn 'e kompetysje dy't útskreaun wie troch útjouwerij Faber & Faber. Syn earste publisearre boek, in non-fiksjewurk dat basearre wie op it proefskrift foar syn stúdzje filosofy, wie in kritysk besjen fan 'e New Wave yn 'e science fiction-literatuer, mei as titel The Entropy Exhibition: Michael Moorcock and the British 'New Wave' in Science Fiction. It kaam út yn 1983.

Greenland waard it bekendst troch syn romansearjes Daybreak (1984-1988) en Plenty (1990-1998). Fral Take Back Plenty, it earste diel fan 'e Plenty-trilogy, dat yn 1990 útkaam, wie in grut súkses. Mei dy roman wûn Greenland de beide wichtichste Britske literêre prizen op it mêd fan science fiction: de British Science Fiction Association Award fan 1990 en de Arthur C. Clarke Award fan 1991. It boek waard ek nominearre foar de Amerikaanske Philip K. Dick Award fan 1992 foar de bêste orizjinele paperback yn 'e Feriene Steaten fan dat jier. Greenland skreau twa ferfolchromans op Take Back Plenty, te witten: Seasons of Plenty (1995) en Mother of Plenty (1998), mei dêropta de ferhalebondel The Plenty Principle (1997).

Njonken syn fiksjewurk skriuwt Greenland ek non-fiksjeboeken en -artikels, en yn 'e 1980-er jierren wied er aktyf as filmkritikus foar it fideospultsjeblêd Imagine. Hy hat ek yn it bestjoer sitten fan 'e Science Fiction Foundation en yn 'e redaksje fan it tydskrift Interzone. Teffens wied er gastsprekker op fjouwer ûnderskate edysjes fan science fiction- en fantasykonvinsje Microcon: yn 1988, 1989, 1993 en 1994.

Greenland is troud mei de romanskriuwster Susanna Clarke. Se wenje al gear sûnt 1996.

  • Daybreak-searje
    • 1984 – Daybreak on a Different Mountain
    • 1987 – The Hour of the Thin Ox
    • 1988 – Other Voices
  • Plenty-searje
    • 1990 – Take Back Plenty
    • 1995 – Seasons of Plenty
    • 1997 – The Plenty Principle (ferhalebondel)
    • 1998 – Mother of Plenty
  • 1993 – Harm's Way
  • 2000 – Spiritfeather
  • 2002 – Finding Helen
  • 1983 – The Entropy Exhibition: Michael Moorcock and the British 'New Wave' in Science Fiction
  • 1987 – Storm Warnings: Science Fiction Confronts the Future (mei Eric S. Rabkin en George E. Slusser)
  • 1992 – Michael Moorcock: Death is No Obstacle

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.