Carla Jimenez
Carla Jimenez | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Carla Jimenez | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 14 maaie 1974 | |
berteplak | Los Angeles (Kalifornje) | |
etnisiteit | Meksikaansk | |
jierren aktyf | 2002 – no | |
offisjele webside | ||
www.carlajimenez.com |
Carla Jimenez (Los Angeles, 14 maaie 1974) is in Amerikaansk tillefyzje- en filmaktrise.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jimenez waard yn 1974 berne yn Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Se is in etnyske Latina fan Meksikaansk komôf.
Jimenez sette yn 2002 útein mei in wurkpaad as aktrise. Har earste rol fan betsjutting hie se as it personaazje Virginia yn 'e ûnôfhinklike kultfilm My Life with Morrissey, út 2003, ûnder rezjy fan Andrew Overtoom. Letter hie se op 'e tillefyzje gastrollen yn searjes as Lincoln Heights, Better Off Ted en Little Britain USA. Ek spile Jimenez yn 'e soapsearje Desperate Housewives en yn 'e komeedzjesearje My Name Is Earl. Op it wite doek wie se te sjen yn films as Phat Girlz (2006), Nacho Libre (2006), Lady in the Water (2006), Accepted (2006) en Miss March (2009).
Fan 2012 oant 2015 hie Jimenez in weromkearende rol as húshâldster Blanca Álvarez yn seizoen 2 oant en mei 4 fan 'e populêre komeedzjesearje Last Man Standing, dy't yn 'e Feriene Steaten útstjoerd waard troch it tillefyzjenetwurk ABC. Teffens hie se in weromkearende rol as Rosa yn 'e searje Raising Hope. Fierders spile Jimenez in meiwurkster fan in adopsjeburo yn 'e Netflix-komeedzjesearje Fuller House. Yn 'e komeedzjesearje The Mick wie se te sjen as Alba, de tsjinstfaam fan 'e rike famylje Pemberton.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Carla Jimenez (argivearre)
- (in) Folsleine filmografy fan Carla Jimenez yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|