Brûnei
| |||||
Offisjele taal | Maleisk | ||||
Haadstêd | Bandar Seri Begawan | ||||
Steatsfoarm | Sultanaat | ||||
Gebiet % wetter |
5.765 km² 8,6% | ||||
Ynwenners (2008) | 379.000 | ||||
Munt | Bruneiske dollar (BND) | ||||
Tiidsône | UTC +8 | ||||
Nasjonale feestdei | - | ||||
Lânkoade | BRN | ||||
Ynternet | .bn | ||||
Tillefoan | 673 |
Brûnei, offisjeel Negara Brunei Darussalam: de "Naasje Brûnei, de Wente fan 'e Frede", is in lân yn Súdeast-Aazje. De haadstêd is Bandar Seri Begawan en de sultan fan de absolute monargy is sûnt 1967 Hassanal Bolkiah.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It sultanaat Brûnei bestiet út twa net oanienslettende stikken lân oan de noardwestkust fan Borneo en wurdt begrinzge troch de Súd-Sineeske See yn it noarden en it Maleizyske Sarawakgeberchte yn it easten, suden en westen. It grut part fan it lân wurdt bedekt troch tropysk reinwâld dêr't in protte dieresoarten libje. De kuststripe dy't tichtbefolke is, bestiet út mangroven ûnderbrutsen troch koraalsânstrannen.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der hearsket in tropysk reinklimaat.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de 15e iuw waard troch Islamityske Maleizjers it sultanaat Brûnei stifte dat yn 1888 ûnder Britsk protektoraat kaam. Yn de Twadde Wrâldkriich wie it tusken 1941 en 1945 beset troch de Japanners. Nei de kriich waard it in Britske koloanje oant en mei 1959 doe't it in eigen grûnwet krige en autonomy. Folsleine ûnôfhinklikens folge foarfêst yn 1984. De sultan dy't yn 1967 op de troan kaam, regearret lykwols sûnt dy tiid it lân as absolút foarst.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Likernôch twatredde fan de befolking is fan Maleizyske komôf. De Sinezen foarmje de wichtichste etnyske minderheid (15 prosint fan de befolking).
Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De offisjele taal is it Maleisk; dêrneist is Sineesk in wichtige taal. Ek wurdt yn Brûnei in soad Ingelsk sprutsen.
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Islam is de offisjele religy fan Brûnei, en de sultan stiet oan it haad fan de islam yn syn lân. Oare religys yn Brûnei binne Boedisme (benammen ûnder de Sinezen), en it Kristendom.