Springe nei ynhâld

Bosksjongerfûgels

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bosksjongers)
Bosksjongerfûgels
Tsjiftsjaf (Phyllosccopus collybita)
Tsjiftsjaf (Phyllosccopus collybita)
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: fûgels (Aves)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
skift: moskeftigen (Passeriformes)
ûnderskift: sjongfûgels (Passeri)
lytsskift: sjongers fan de Alde Wrâld (Sylviida)
boppefamylje: echte sjongers fan de Alde Wrâld (Sylvioidea)
famylje: bosksjongerfûgels (Phylloscopidae)
Alström et al., 2006

De bosksjongerfûgels (Phylloscopidae) binne in famylje yn it skift fan de moskeftigen (Passeriformes). Foarhinne waarden de bosksjongerfûgels mei û.o. de imerkesjongerfûgels, reidsjongerfûgels, hagekrûperfûgels en goudtoefkes ta de famylje fan de sjongers (Sylviidae) rekkene. De famylje omfiemet mar ien skaai, dat fan 'e bosksjongers (Phylloscopus).

De bosksjongerfûgels binne lytse, beweeglike, ynsekte-itende fûgeltsjes. Se binne y it miene ûnopfallend griis-brún of griis-grien mei soms in gieleftig ûnderliif, en wurde meastal earder mei it ear as mei it each waarnommen.

In hiel Jeropa, Afrika en Aazje libbje bosksjongerfûgels fan ferskate soarten. Se binne ôfwêzich yn de Amerikas (mei útsûndering fan de Noardske bosksjonger dy 't ek in Alaska foarkomt) en Austraalje. De bekendste soarten yn Fryslân binne de lytse hôfsjonger {Phylloscopus trochilus) en de tsjiftsjaf {Phylloscopus collybita). De measte in dizze streken briedende fûgels oerwinterje in Súd-Jeropa of Noard-Afrika.

Nei resinte ynsjoggen behearre alle 80 bosksjongerfûgels ta it skaai fan 'e bosksjongers (Phylloscopus), wylst in diel fan de bosksjongers earder (en neffens sommige saakkundigen noch hieltyd) yn de skaaien Seicercus, Acanthopneuste, Abroscopus en oaren foelen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]