Springe nei ynhâld

Boppenatuerlike

Ut Wikipedy

It boppenatuerlike (in lienfertaling fan it Midsiuwsk Latynske supernaturalis, in term dy't foar it earst brûkt waard yn 'e 1520-er jierren) is de oantsjutting foar alles dat net troch de wittenskip of de natoerwetten ferklearre wurde kin. Dêrby moat men tinke oan wêzens dy't net echt besteane of wêrfan't it bestean net wittenskiplik oantoand wurde kin, lykas goaden, ierdgeasten, wearwolven, fampieren, spûken, ensfh., en teffens oan foarfallen of ûntwikkelings dy't har oan 'e natuerlike prosessen ûntlûke of lykje te ûntlûken, lykas wûnders, profesijen, heldersjendheid, seânses, in libben nei de dea, tillekineze, tilleportaasje, autolevitaasje, ensfh. It boppenatuerlike is fierhinne synonym mei it paranormale. Hoewol't men by it hearren fan 'e term 'it boppenatuerlike' al gau de assosjaasje mei okkultisme leit, kin in grut part fan it ferskynsel godstsjinst as boppenatuerlik omskreaun wurde, en itselde is it gefal mei byleauwe, lykas de oanname dat it ûngelok bringt as in swarte kat jins paad krúst of om ûnder in ljedder troch te rinnen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.