Boarnburgum
Boarnburgum | ||
Protestantske tsjerke fan Boarnburgum | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Smellingerlân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.835 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 8,53 km², wêrfan: - lân: 8,31 km² - wetter: 0,22 km² | |
Befolkingsticht. | 220 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 04' N 6° 02' E | |
Lokaasje Boarnburgum (grien) yn 'e gemeente Smellingerlân | ||
Offisjele webside | ||
Side fan Boarnburgum-Koartehimmen | ||
Kaart | ||
Boarnburgum is in doarp yn de gemeente Smellingerlân dat súdwestlik oan Drachten grinzget. Mei Koartehimmen foarmet Boarnburgum in twillingdoarp. Yn it west fan it doarp lizze in gebiet mei boerebedriuwen en de Boarnburgumerpetten.
Boarnburgum hat 1.835 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei Aldegea is Boarnburgum it âldste plak fan Smellingerlân. It earste diel fan de namme ferwiist nei De Boarn. It twade diel ferwiist nei de hichte dêr't it plak op leit. It plak ûnstie dus op in drûch stik grûn oan of by De Boarn. Der wurdt ek wol tocht dat it doarp westliker lein hat, tichter by de Boarn of in sydrivierke dêrfan.
Himrik
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It gebiet dat ûnder it doarp foel wie eartiids folle grutter en lei tusken de Postbrêge oer it rivierke de Drait oant fier yn it westen ta de Botmar. Njonken de buorren om de tsjerke hinne mei It Efterom leine der yn 'e himrik ferskillende buorskippen, dy't letter doarpen waarden: Goaiïngahuzen, De Flearbosk, De Wylgen en Smelle Ie. De Feanhoop ûntstie doe't yn de 19e iuw de Beetster Feart groeven waard mei't de feanterij goed op gong kaam. Oan de ein fan de feart by de slûs setten har jimmeroan mear minsken nei wenjen. En de measte petgatten waarden wer as brûkber boerelân oanmakke.
Sûnt 1955 krigen De Wylgen, Smelle Ie, De Feanhoop en Goaiïngahuzen de status fan doarp, mar it memmedoarp Boarnburgum is noch altyd it sintrum fan it westlik part fan de gemeente Smellingerlân.
It doarp groeide yn de 20e iuw nei it noarden ta. Mei it lêste plan Middelgeast fierder rjochting De Wylgen is in lúks útwreidingsplan mei wetterpartijen oan it doarp tafoege.
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De dowestiennen fan de midsiuwske doarpstsjerke wize op it ûntstean fan Boarnburgum foar 1200. Unbekend is wêr't de tsjerke foar de reformaasje oan wijd wie, mar Otto Derk Jan Roemeling neamde Sint-Sebastianus as mooglike patroanhillige.[3] Yn Sinteklaasnacht 1733 stoarte de sealtektoer fan de âlde tsjerke yn. De doe weropboude tsjerke waard yn 1871 op 'e nij ferfongen troch de hjoeddeiske tsjerke. Yn de yn 1980 restaurearre tsjerke stiet in 17e-iuwske iken preekstoel en om de preekstoel lizze âlde sarken, dy't ûnder de houten flier fûn binne.[4]
Yn 1911 krige Boarnburgum ek in grifformearde tsjerke. De grifformearde tsjerke is net mei de PKN meigien en is no ien fan de Fuortsette Grifformearde tsjerken yn Nederlân.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnburgum hat mei Koartehimmen in feriening foar doarpsbelangen. 't Bynt is it doarpshûs. De doarpskrante Boarnhimster Bining ferskynt fjouwer kear yn 't jier. De stifting BOA organisearret in soad aktiviteiten.
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Protestantske tsjerke fan Boarnburgum.
- De Wikipedy hat ek in side Fuortsette grifformearde tsjerke (Boarnburgum).
Skoallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnburgum hat in soad buertferienings.
- Bernekoar The Young Source
- Biljertklub Trefpunt
- Bridgeklub 't Troefke
- Fanfare Looft den Heer
- Iisklub Foarút
- Toanielferiening Us Fertier
- Sportklub Boarnburgum '80 (fuotbal, gymnastyk, kuorbal, tennis en follybal)
(De list is yn 2023 bywurke mei help fan de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]1840 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 1999 | 2002 | 2003 | 2015 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
328 | 821 | 809 | 833 | 888 | 1324 | 1307 | 1336 | 1689 | 1773 |
(Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2015 en 2020: Alle Cijfers)
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Willem Wilstra (1940), sjoernalist en skriuwer
- Arjan Jongsma (1995), musikus
Kabouterpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn in boskje besuden Boarnburgum is foar de bern in kabouterpaad útset. Frijwilligers hawwe in lytse rûte makke mei kabouterkes, dy't bern opdrachtjes jouwe.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Anemoan, 't Herntsje, Blêdlok, Boerekrookje, Boerestreek, Bosschawei, Bûtenom, Bysitterskamp, De Lege Ein, De Middelgeast, Ds Van Apeldoornwei, Eabekamp, Easterbuorren, Efterom, It Mear, Jouke Jochemswei, Krite, Ljippeblom, Nijewei, Skeanewei, Skoallefinne, Suderom, Tijmen de Boerwei, Titelroas, Westerbuorren, Wiegersmawei.
Publikaasje(s)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jochum Dykstra "It Boereboek" (2006)
- Jochum Dykstra "Bylden út de Skiednis fan Boarnburgum" (2015)
- Jochum Dykstra "Winkels yn Boarnburgum" (2018)
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Smellingerlân | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldegea • Boarnburgum • Drachten • Drachtster Kompenije • De Feanhoop • Goaiïngahuzen • De Houtigehage • Koartehimmen • Nyegea • De Pein • De Rottefalle • Smelle Ie • De Tike • De Wylgen | ||
Buorskippen: Bûtenstfallaat • Eibertsgeasten • De Folgeren • Galhoeke • De Geasten • De Kletten • De Koai • Luchtenfjild • Middelbuorren • Noarderein • Nijtap • Opperbuorren • Puntpeal • Sânbuorren • Sytebuorren • It Súd • Suderheide • Utein • Wierren | ||
· · |