Bill Paxton
Bill Paxton | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | William Paxton | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 17 maaie 1955 | |
berteplak | Fort Worth (Teksas) | |
stoarn | 25 febrewaris 2017 | |
stjerplak | Los Angeles (Kalifornje) | |
etnisiteit | Dútsk Frânsk Ingelsk Nederlânsk Noarsk Skotsk Ulstersk Welsk | |
jierren aktyf | 1975 – 2017 | |
prizen | Saturn Award 1986 SAG Award 1995 | |
offisjele webside | ||
Bill Paxton yn 'e IMDb |
Bill Paxton (folút: William Paxton; Fort Worth (Teksas), 17 maaie 1955 – Los Angeles, 25 febrewaris 2017) wie in Amerikaansk akteur, dy't û.m. bekend wie fan syn rollen yn films as Aliens, Tombstone, Predator 2, Apollo 13, Twister en Titanic. Op 'e tillefyzje wied er û.m. te sjen yn de searje Big Love. Hy wûn yn 1986 in Saturn Award en yn 1995 in Screen Actors Guild Award, en ek waard er fjouwer kear nominearre foar in Golden Globe en ien kear foar in Emmy. Njonken syn aktearwurk wie Paxton ek aktyf as regisseur en as sjonger.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Paxton waard yn 1955 berne yn Fort Worth, yn 'e Amerikaanske steat Teksas, as de soan fan John Lane Paxton en dy syn frou Mary Lou Gray. Syn heit wie in sakeman, gruthanneler yn hout en museumdirekteur, dy't út en troch aktearre. Syn mem wie roomsk, en hy en syn bruorren en susters waarden yn dat leauwe grutbrocht.
Paxton wie fan mingd etnysk komôf, mei Dútske, Frânske, Ingelske, Nederlânske, Skotske en Ulsterske (d.w.s. protestantske Noardierske) foarâlden yn 'e lêste pear generaasjes, mei fierder ôf noch wat Noarsk en Welsk bloed dêropta. Ien fan syn betoerpakes wie Elisha Franklin Paxton, dy't ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) as brigadegeneraal tsjinne yn it leger fan 'e Súdlike Konfederearre Steaten fan Amearika, en yn 1863 yn Firginia sneuvele yn 'e Slach by Chancelorsville. Paxton wie ek út 'e fierte besibbe oan aktrise Sara Paxton.
Paxton makke ûnderdiel út fan 'e kliber folk dy't bûten stie te wachtsjen doe't presidint John F. Kennedy op 'e moarn fan 22 novimber 1963 yn Fort Worth út it Hotel Texas nei bûten kaam. Letter dy deis soed er ûnder in riidtoer troch de oanswettende stêd Dallas deasketten wurde. Foto's dêr't op te sjen is hoe't in achtjierrige Paxton boppe de mannichte út tild wurdt om in glimp fan 'e presidint op te fangen, meitsje diel út fan 'e kolleksje fan it Sixth Floor Museum at Dealy Plaza, yn Dallas, dat oan 'e moard op Kennedy wijd is.
Paxton genoat fuortset ûnderwiis oan 'e Arlington Heights High School yn Fort Worth, dêr't er yn 1973 slagge foar syn eineksamens. Dêrnei stiek er mei syn skoalfreon Danny Martin de Atlantyske Oseaan oer om yn Ingelân te studearjen oan Richmond, De Amerikaanske Ynternasjonale Universiteit yn Londen. De beide maten kamen dêr yn 'e kunde mei in oare Teksaan, Tom Huckabee. Trijeresom makke de mannen ûnder harren stúdzje koarte films mei in Super 8-kamera, dêr't se sels de sets foar bouden. Yn 1975, doe't er tweintich jier wie, ferfear Paxton nei Los Angeles, dêr't er foar regisseur leare woe. Hy ûnderhold himsels dêr troch by ferskate filmstudio's op 'e rekwisite-ôfdieling te wurkjen. Nei't er troch ferskate filmopliedings yn Súdlik Kalifornje ôfwiisd wie, besleat er op in stuit om ynstee fan regisseur akteur te wurden.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It begjinnen fan in aktearkarriêre woe foar Paxton earst net bot slagje, en dêrfandinne figurearre er jierrenlang yn lytse roltsjes. Sa wied er yn 1984 te sjen as in strjitkrimineel yn 'e science fiction-film The Terminator, mei Arnold Schwarzenegger, en ferfolle er de rol fan 'e narjende âldere broer Chet yn Weird Science, fan regisseur John Hughes, út 1985. Datselde jiers spile er ek in plysje yn 'e aksjefilm Commando, op 'e nij mei Arnold Schwarzenegger.
Ein santiger, begjin tachtiger jierren regisearre Paxton sels ferskate koarte films en teffens de fideoklip fan it nûmer Fish Heads, fan Barnes en Barnes, dy't te sjen wie ûnder it tillefyzjeseizoen 1980-1981 fan it komyske sketcheprogramma Saturday Night Live. Ek ferfolle Paxton rollen yn in pear fideoklips, wêrûnder dy foar it nûmer Shadows of the Night, fan Pat Benatar, út 1982, dêr't er in nazy-ofsier yn spile. Datselde jiers besochten Paxton en syn maat Andrew Todd Rosenthal om it yn 'e muzykyndustry te 'meitsjen' as it duo Martini Ranch. Yn 1988 brochten se by de platemaatskippij Sire Records in album út mei as titel Holy Cow. De fideoklip foar harren single Reach waard regisearre troch James Cameron.
Ien fan Paxton syn earste gruttere rollen as akteur wie dy fan 'e romtemarinier Hudson yn 'e science fiction-fim Aliens, út 1986, mei Sigourney Weaver. Foar dy rol wûn er in Saturn Award. Yn 1990 spile Paxton in resjersjeur yn 'e science fiction-film Predator 2, mei Danny Glover. Yn 1994 wurke er wer gear mei James Cameron, doe't er yn dy syn film True Lies spile. Trije jier letter hied er ek in byrol yn Cameron syn spektakelfilm Titanic (1997), oer it sinken fan 'e Titanic.
Yn 1993 spile Paxton Morgan Earp (in broer fan Wyatt Earp) yn 'e western Tombstone, oer de histoaryske Sjitpartij by de O.K.-kraal. Yn 1995 fertolke er de rol fan astronaut Fred Haise yn 'e histoaryske film Apollo 13, mei Tom Hanks, dêr't se (mei de rest fan 'e cast) in Screen Actors Guild Award foar wûnen. Ek spile er in tornadojager yn Twister (1996), fan regisseur Jan de Bont, as tsjinspiler fan Helen Hunt. Teffens hie Paxton yn 'e 1990-er jierren haadrollen in dûnkere drama's, lykas One False Move (1992) en A Simple Plan (1998). Foar syn rol yn 'e tillefyzjefilm A Bright Shining Lie waard er yn 1999 nominearre foar in Golden Globe.
Paxton regissearre de spylfilms Frailty (2001), dêr't er ek de haadrol yn spile, en The Greatest Game Ever Played (2005). Yn 2001, fjouwer jier nei't er yn 'e film Titanic spile hie, gied er mei regisseur James Cameron op ekspedysje nei it plak dêr't de echte RMS Titanic sonken wie. Ghosts of the Abyss, de dokumintêre dêroer, kaam yn 2003 út, en Paxton fersoarge dêr de voice-over by. Datselde jiers spile Paxton ek mei, as sheriff, yn 'e fideoklip fan it nûmer Eat You Alive, fan Limp Bizkit. Fan 2006 oant 2011 spile er fierders de haadrol fan Bill Henrickson yn 'e tillefyzjesearje Big Love, oer in polygamistyske mormoan dy't mei trije froulju troud is. Foar dy rol waard er trije kear nominearre foar in Golden Globe, yn 2007, 2008 en 2010. Fierders waard er yn 2012, tegearre mei syn tsjinspiler Kevin Costner, nominearre foar in Emmy Award foar harren rollen yn 'e minysearje Hatfields & McCoys.
Yn 2013 wie Paxton mei û.o. Denzel Washington en Mark Wahlberg te sjen yn misdiefilm 2 Guns, wêryn't er de rol fan in korrupte CIA-agint fertolke. Fierders spile Paxton yn 2014 de rol fan 'e smjunt John Garret yn 'e tillefyzjesearje Agents of S.H.I.E.L.D. Ek hied er datselde jiers in byrol as sersjant-ynstrukteur yn 'e film Edge of Tomorrow, mei Tom Cruise en Emily Blunt. Yn 'e mande mei Jon Bernthal, Rose McGowan en John Malkovich wied er in spylber personaazje yn it fideospultsje Call of Duty: Advanced Warfare, dat yn 2014 útkaam. Yn 2015 spile Paxton de rol fan Sam Houston, de earste presidint fan 'e Republyk Teksas, yn 'e minysearje Texas Rising, oer de Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch. En yn 'e postúm yn 2017 útstjoerde (mar yn febrewaris 2016 opnommen) tillefyzjesearje Training Day spile er resjersjeur Frank Roarke.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Paxton troude yn 1979 mei in Kelly Rowan, mar dat houlik einige al yn 1980 yn in skieding. Yn 1987 wertroude er mei in Louise Newbury, mei wa't er de rest fan syn libben troud bleau. Mei syn twadde frou hie Paxton twa bern, dochter Lydia en soan James Paxton, dy't ek akteur waard.
Ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bill Paxton litte al sûnt syn trettjinde oan in hertoandwaning (in skansearre aortyske hertklep), feroarsake troch in oanfal fan akute reuma. Op 14 febrewaris 2017 ûndergied er in iepenhertoperaasje yn it Cedars-Sinai Medical Center, in foaroansteand sikehûs yn Los Angeles, om 'e skea te reparearjen en tagelyk in aorta-aneurysma wei te nimmen. De útkomst wie net wat men derfan ferwachte hie, en in dei letter moast er op 'e nij in operaasje ûndergean om in skansearre krânsslachier te reparearjen. Oer de tsien dagen dêrnei gie syn tastân fluch efterút, en op 25 febrewaris 2017 krige er in oerhaal dy't er net oerlibbe.
Bill Paxton waard 61 jier âld. Syn stoflik omskot waard kremearre en byset op it Forest Lawn-begraafplak by Hollywood. Syn djipdrôven spanden in jier letter in rjochtsaak oan tsjin 'e sjirurch dy't de oarspronklike operaasje útfierd hie. Hja beskuldigen him derfan dat er "riskante en ûnkonvinsjonele" metoaden brûkt hie en sels net yn 'e operaasjekeamer oanwêzich wie doe't de tastân fan Paxton te lijen krige ûnder komplikaasjes.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Aktearwurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
1975 | Crazy Mama | John | net fermeld op 'e ôftiteling |
1981 | Butcher, Baker, Nightmare Maker | Eddie | ek bekend as Night Warning |
1981 | Stripes | soldaat #8 | |
1983 | Reckless | "Bobo" | |
1983 | The Lords of Discipline | Gilbreath | |
1983 | Mortuary | Paul Andrews | |
1983 | Taking Tiger Mountain | Billy Hampton | |
1984 | Streets of Fire | barkeeper Clyde | |
1984 | Impulse | Eddie | |
1984 | The Terminator | strjitkrimineel | |
1985 | Weird Science | Chet Donnelly | |
1985 | Commando | plysje #1 by ûnderskepping | |
1986 | Aliens | marinier William Hudson | wûn de Saturn Award foar bêste byrol fan in akteur |
1987 | Near Dark | Severen | |
1988 | Pass the Ammo | Jesse Wilkes | |
1989 | Slipstream | Matt Owens | |
1989 | Next of Kin | Gerald Gates | |
1989 | Back to Back | Bo Brand | |
1990 | Brain Dead | Jim Reston | |
1990 | The Last of the Finest | Howard "Hojo" Jones | |
1990 | Navy SEALs | Floyd "God" Dane | |
1990 | Predator 2 | resjersjeur Jerry Lambert | |
1991 | The Dark Backward | Gus | |
1992 | One False Move | sheriff Dale "Hurricane" Dixon | |
1992 | The Vagrant | Graham Krakowski | |
1992 | Trespass | Vince | |
1993 | Boxing Helena | Ray O'Malley | |
1993 | Indian Summer | Jack Belston | |
1993 | Monolith | Tucker | |
1993 | Tombstone | Morgan Earp | |
1994 | Future Shock | Vince | |
1994 | True Lies | Simon | |
1995 | Apollo 13 | Fred Haise | wûn de Screen Actors Guild Award foar bêste cast |
1995 | The Last Supper | Zachary Cody | |
1995 | Frank and Jesse | Frank James | |
1996 | Twister | Bill Harding | nominearre foar de Saturn Award foar bêste akteur |
1996 | The Evening Star | Jerry Bruckner | |
1997 | Traveller | Bokky | |
1997 | Titanic | Brock Lovett | nominearre foar de Screen Actors Guild Award foar bêste cast |
1998 | A Simple Plan | Hank Mitchell | |
1998 | Mighty Joe Young | prof. Gregory O'Hara | |
2000 | U-571 | luitenant-op-see Mike Dahlgren | |
2000 | Vertical Limit | Elliot Vaughn | |
2001 | Frailty | heit Meiks | ek regisseur |
2002 | Spy Kids 2: The Island of Lost Dreams | "Dinky" Winks | cameo |
2003 | Ghosts of the Abyss | ferteller | dokumintêre |
2003 | Resistance | majoar Ted Brice | |
2003 | Spy Kids 3-D: Game Over | "Dinky" Winks | cameo |
2004 | Broken Lizard's Club Dread | "Coconut Pete" Wabash | |
2004 | Thunderbirds | Jeff Tracy | as stimakteur |
2004 | Haven | Carl Ridley | |
2005 | Magnificent Desolation: Walking on the Moon 3D | Edgar Mitchell | koarte film |
2007 | The Good Life | Robbie | |
2011 | Haywire | John Kane | |
2011 | Tornado Alley | ferteller | dokumintêre |
2012 | Shanghai Calling | Donald | |
2013 | The Colony | Mason | |
2013 | 2 Guns | CIA-agint Earl | |
2013 | Red Wing | Jim Verret | |
2014 | Million Dollar Arm | Tom House | |
2014 | Edge of Tomorrow | sersjant-ynstrukteur Farell | |
2014 | Nightcrawler | Joe Loder | |
2015 | Pixies | Eddie Beck | as stimakteur |
2016 | Term: Life | resjersjeur Joe Keenan | |
2016 | Mean Dreams | Wayne Caraway | |
2017 | The Circle | Vinnie Holland | postúm útbrocht |
tillefyzje | |||
1983 | Deadly Lessons | Eddie Fox | tillefyzjefilm |
1985 | An Early Frost | Bob Maracek | tillefyzjefilm |
1985 | The Atlanta Child Murders | Campbell | minysearje |
1986 | Fresno | Billy Joe Bobb | minysearje |
1986 | Miami Vice | resjersjeur Vic Romano | gastrol; ôfl. Streetwise |
1987 | The Hitchhiker | Trout | gastrol; ôfl. Made for Each Other |
1993 | Tales from the Crypt | Billy DeLuca | gastrol; ôfl. People Who Live in Brass Hearses |
1998 | A Bright Shining Lie | John Paul Vann | tillefyzjefilm; nominearre foar de Golden Globe foar bêste akteur yn in minysearje of tillefyzjefilm |
2003 | Frasier | Ernie | gastrol; ôfl. Analyzed Kiss |
2006–2011 | Big Love | Bill Henrickson | fêste rol; 53 ôfl. 3 × nominearre foar de Golden Globe foar bêste akteur yn in dramasearje (2007, 2008, 2010) 3 × nominearre foar de Satellite Award foar bêste akteur yn in dramasearje (2006, 2007, 2009) |
2012 | Hatfields & McCoys | Randolph McCoy | minysearje nominearre foar de Emmy Award foar bêste akteur yn in minysearje of tillefyzjefilm nominearre foar de Screen Actors Guild Award foar bêste akteur yn in minysearje of tillefyzjefilm |
2013 | JFK: The Day that Changed Everything | ferteller | dokumintêre |
2014 | Agents of S.H.I.E.L.D. | John Garrett | weromkearende rol; 6 ôfl. |
2015 | Texas Rising | Sam Houston | minysearje |
2015 | The Gamechangers | Jack Thompson | tillefyzjefilm |
2017 | Training Day | resjersjeur Frank Roarke | fêste rol; 13 ôfl.; postúm útstjoerd |
fideoklips | |||
1980 | Fish Heads | haadpersoan | nûmer fan Barnes & Barnes; ek regisseur |
1982 | Love Tap | haadpersoan | nûmer fan Barnes & Barnes |
1982 | Shadows of the Night | nazy-ofsier | nûmer fan Pat Benatar |
1983 | Soak It Up | haadpersoan | nûmer fan Barnes & Barnes |
1984 | Ah Ā | byrol | nûmer fan Barnes & Barnes |
1986 | How Can the Labouring Man Find Time for Self-Culture? | byrol | nûmer fan Martini Ranch |
1987 | Touched by the Hand of God | byrol | nûmer fan New Order |
1988 | Reach | haadpersoan | nûmer fan Martini Ranch |
2003 | Eat You Alive | sheriff | nûmer fan Limp Bizkit |
fideospultsjes | |||
2015 | Call of Duty: Advanced Warfare | Kahn | spylber personaazje |
Produksjewurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy as regisseur, produsint en senarioskriuwer | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1977 | The Egyptian Princess: An Unfolding Fantasy | filmprodusint | koarte film |
1980 | Saturday Night Live | regisseur | 1 ôfl. |
1980 | Fish Heads | regisseur útfierend produsint senarioskriuwer |
fideoklip by it nûmer fan Barnes & Barnes |
1981 | Love Tap | senarioskriuwer | fideoklip by it nûmer fan Barnes & Barnes |
1982 | Scoop | filmprodusint senarioskriuwer |
koarte film |
1988 | Reach | filmprodusint | fideoklip by it nûmer fan Martini Ranch |
1988 | How Can the Laboring Man Find Time for Self-Culture? | filmprodusint | fideoklip by it nûmer fan Marini Ranch |
1997 | Traveller | filmprodusint | |
2001 | Frailty | regisseur | nominearre foar de Saturn Award foar bêste regisseur |
2005 | The Greatest Game Ever Played | regisseur | |
2007 | The Good Life | útfierend produsint | |
2011 | Tattoo | regisseur senarioskriuwer |
|
2013 | Parkland | filmprodusint |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Amerikaansk telefyzje-akteur
- Amerikaansk filmakteur
- Amerikaansk stimakteur
- Amerikaansk filmregisseur
- Amerikaansk koarte-filmregisseur
- Amerikaansk fideoklipregisseur
- Amerikaansk sjonger
- Persoan dy't omkommen is troch komplikaasjes by in operaasje
- Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Eastenryksk komôf
- Amerikaansk persoan fan Switsersk komôf
- Amerikaansk persoan fan Frânsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Nederlânsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Noarsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Skotsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Ulstersk komôf
- Amerikaansk persoan fan Welsk komôf
- Persoan berne yn 1955
- Persoan stoarn yn 2017