Bart Tammeling
Barend Pieter Tammeling (Grins, 1934 - dêre, 19 maart 1993) wie in Nederlânsk sjoernalist, kollumnist-kommentator en auteur.
Tammeling wie hikke en tein yn de stêd Grins, en waard wol de "peetheit fan de sjoernalistyk yn Grins" neamd.
Tammeling begûn syn sjoernalistike karrière by de lokale kranten Ons Noorden en de Nieuwe Provinciale Groninger Courant. Yn 1965 stichte hy Parseburo Tammeling en levere bydragen oan ûnder oare Trouw, it ANP en it NOS Journaal.
As haadredakteur makke hy in súkses fan it hûs-oan-hûsblêd De Groninger Gezinsbode. Hy skreau kollumns yn ûnder oare de Winschoter Courant, it Groninger Dagblad Stad en de Ljouwerter Krante.
Tammeling skreau in soad tinkboeken en in standertwurk oer de kranten yn Grinslân en Drinte mei as titel De krant bekeken (1988).