Baldur von Schirach
Baldur Benedikt von Schirach (Berlyn, 9 maaie 1907 – Kröv, 8 augustus 1974) wie de Dútske oanfierder fan de Hitlerjugend en letter Gauleiter en Reichsstatthalter fan Wenen.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Von Schirach wie fan Dútsk-Amerikaansk komôf (syn mem wie Amerikaansk). Syn heit wie ritmaster en teäterdirekteur. Yn 1924 sleat Von Schirach him oan by in nasjonalistyske jongerein, neidat syn 7 jier âldere broer, in feteraan fan de Earste Wrâldoorloch, himsels te koart dien hie omdat er net hawwe koe dat it keizerryk fallen wie en it Ferdrach fan Fersailles koe er ek net kerkropje, en yn 1925 by de NSDAP. Yn 1927 gong er nei de universiteit fan München om germanistyk te studearjen.
Von Schirach waard 1928 foarsitter fan it nasjonaalsosjalistyske Dútske Studintebûn (NSDStB) en yn 1931 waard er beneamd ta Reichsjugendführer; teffens krige er de rang fan Gruppenführer by de SA. Yn 1932 boaske er oan Henriette Hoffmann, de dochter fan Heinrich Hoffmann, de hoffotograaf fan Adolf Hitler. As Reichsjugendführer wie er ferantwurdlik foar de yndoktrinaasje fan de Dútske jeugd mei ekstreem-nasjonalistyske en antysemityske ideeën, en ek mei de persoansferhearliking fan Adolf Hitler. Von Schirach waard yn 1936 teffens ryksminister fan jeugdsaken.
Yn 1940 organisearre er de evakuaasje fan 5 miljoen bern út de stêden dy't bedrige waarden troch de Alliearde bombardeminten. Letter dat jier lei er syn funksjes as minister en jeugdlieder del en gie it leger yn en joech er him frijwillich op foar tsjinst yn Frankryk. Hy waard dêr ûnderskieden mei it Izeren Krús foardat er werom roppen waard nei Dútslân om rykssteedhâder (Reichsstatthalter) en goalieder (Gauleiter) fan Wenen te wurden. Arthur Axmann wie syn opfolger by de Hitlerjugend. As goalieder fan Wenen wie Von Schirach ferantwurlik foar de deportaasje fan 185.000 Joaden. Von Schirach syn frou Henriette hie yn 1943 iepenlik krityk op Hitler yn in priveepetear yn dy syn simmerhûs it Berghof (Berchtesgaden) oangeande de anty-Joadske pogroms dy't se yn Amsterdam sjoen hiene. Mei dêrom waard it oansjen fan de Von Schirachs by Hitler bot minder. Hoewol't er steedhâlder fan Wenen bleau, wie er út 'e graasje by de Führer.
Nei de oarloch waard ynearsten tocht dat Von Schirach yn 1945 sneuvele wie by de fjochterij yn Wenen, mar hy siet lykwols ferskûle. Hy fûn sels in baantsje as fertaler yn it Amerikaanske leger. Uteinlik joech er himsels oan omdat er ferantwurding ôflizze woe by de rjochtbank yn it Proses fan Neurenberch. Op 20 novimber 1945 waard er offisjeel oanklage. Hy bekende diels skuld, benammentlik foar syn part yn de yndoktrinaasje fan de jongerein. Om reden fan syn rol yn de Joadeferfolging yn Wenen, mar ek fanwege syn rol yn de Hitlerjugend waard Baldur von Schirach op 1 oktober 1946 ta 20 jier finzenisstraf feroardield. Hy hat syn straf útsitten yn de Berlynske Spandaufinzenis. Under syn finzenis skiede er yn 1950 fan syn Henriëtte Hoffman, mei wa't er 4 bern (3 jongens en 1 famke) hie. Op 1 oktober 1966 waard er tagelyk mei Albert Speer frijlitten. Yn de autbiografy 'Ich Glaubte an Hitler' dy't 1967 ferskynde ûntkende er, lykas in protte nazy-pommeranten diene, alle witten fan de moard en tramtaasjepraktiken yn de konsintraasje- en ferneatigingskampen.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (dú) Biografy
- Revolution der Erziehung fan Baldur von Schirach
- Die Hitler-Jugend – Idee und Gestalt fan Baldur von Schirach
- Die Fahne der Verfolgten, samling poëzy
- Goethe an uns fan Baldur von Schirach
- Das Lied der Getreuen; poëzy
- United States Holocaust Memorial Museum – Baldur von Schirach
- Ynterview mei David Frost
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Baldur von Schirach fan Wikimedia Commons. |
- Dútsk amtner
- Dútsk politikus
- Dútsk parlemintslid
- Lid fan de NSDAP
- Lid fan de SA
- Dútsk ofsier
- Dútsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich
- Dielnimmer oan de Holokaust
- Dútsk faksist
- Dútske adel
- Dútsk krimineel
- Persoan feroardiele foar oarlochsmisdieden
- Dútsk persoan fan Amerikaansk komôf
- Dútsk persoan fan Ingelsk komôf
- Dútsk persoan fan Sorbysk komôf
- Hitler-Jongerein
- Persoan berne yn 1907
- Persoan stoarn yn 1974