Artik
Artik Արթիկ | ||
Bestjoer | ||
Lân | Armeenje | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 18.900 (2012) | |
Oerflak | 31.5 km² | |
Hichte | 1.859 m | |
Oar | ||
Stifting | 5e iuw | |
Postkoade | 3001-3007 | |
Tiidsône | GMT+4 (UTC+4) | |
Simmertiid | GMT+5 (UTC+5) | |
Offisjele webside | ||
Side fan de stêd |
Artik (Armeensk: Արթիկ) is in stêd yn de Armeenske provinsje Sjirak. Artik leit 105 km. noardwestlik fan de haadstêd Jerevan op de noardwestlike helling fan de Aragats.
De stêd is ferneamd om de roze dowestien. It is in wichtich sintrum fan de produksje fan dowestien en travertyn yn Armeenje.
Yn 'e stêd steane in pear tige âlde tsjerken. Om de stêd hinne lizze in tal belangrike Armeenske monuminten lykas de 7e iuwske Stefanustsjerke.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In soad ynwenners fan Artik stamme oarspronklik út West-Armeenje fan famyljes, dy't yn de jierren 1829–1830 de stêden Kars en Karin ferlieten om harren yn Artik nei wenjen te setten. It ynwennertal naam foars ta yn de jierren 1960 doe't it in yndustrieel sintrum fan Sovjet-Armeenje waard. Sûnt de ûnôfhinklikens fan Armeenje nimt it tal ynwenners wer stadichoan ôf.
Jier | 1831 | 1873 | 1897 | 1975 | 1989 | 2001 | 2011 | 2016 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 647 | 2.359 | 2.950 | 14.726 | 25.100 | 17.561 | 19.534 | 18.800 |
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Artik fan Wikimedia Commons. |