Springe nei ynhâld

Alcatraz

Ut Wikipedy
Alcatraz
polityk
soarte gebiet eilân
lân Feriene Steaten
steat Kalifornje
county San Francisco County
gemeente San Francisco
sifers
ynwennertal ûnbewenne
oerflak 8,9 ha
befolkingstichtens 0 / km²
oar
tiidsône UTC –8
simmertiid UTC –7
koördinaten 37°49′36″ N 122°25′22″ W
status NRHP (1976)
NHLD (1986)
behear National Park Service
offisjele webside
www.nps.gov/alca
Kaart
Alcatraz (San Francisco)
Alcatraz
Lokaasje by San Francisco.

Alcatraz (útspr.: [ˈælkətɹæːz], likernôch: "el-kuh-trêz") is in lyts eilân dat yn 'e Baai fan San Francisco leit, by de stêd San Francisco, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. It eilantsje waard mids njoggentjinde iuw foarsjoen fan in fjoertoer en teffens waard der doe in militêre fêsting mei in militêre finzenis boud. Alcatraz waard yn 'e tweintichste iuw berucht troch de Federale Finzenis Alcatraz, dy't fan 1934 oant 1963 op it eilân fêstige wie. De sterke streamings yn 'e Baai fan San Francisco en de kâlde temperatueren fan it wetter makke ûntsnappings frijwol ûnmooglik. Sadwaande wie it tichthûs in ekstra befeilige ynrjochting dêr't de gefaarlikste kriminelen opburgen waarden. Nei de sluting fan 'e finzenis krige it eilân yn 1986 de status fan nasjonaal histoarysk distrikt. It is no ien fan 'e wichtichste toeristyske attraksjes fan San Francisco.

Alcatraz is in rotseftich eilantsje dat yn 'e Baai fan San Francisco leit, yn it ferlingde fan 'e Golden Gate, de see-ingte dy't tagong jout ta de Stille Oseaan. It leit rjocht benoarden de stêd San Francisco, op in ôfstân fan 2,01 km fan it fêstelân. (Op in fearboat duorret it minder as in kertier om nei it eilân oer te farren.) Alcatraz mjit 511 m by 180 m en hat in oerflak fan 8,9 hektare. By floed stiket de top fan it eilân 41 m boppe seenivo út.

In plattegrûn fan Alcatraz.

De ierst bekende bewenners fan Alcatraz en de Baaikrite, it gebiet om 'e Baai fan San Francisco hinne, wiene de Ohlone, in Yndiaansk folk. Neffens de mytology fan 'e Miwok in oar Yndiaansk folk út 'e kustregio fan Noardlik Kalifornje, wie Alcatraz in plak dat bewenne waard troch kweageasten.

De earste Jeropeaan dy't it eilân beskreau, wie de Spaanske ûntdekkingsreizger Juan de Ayala, dy't yn 1775 de Baai fan San Francisco yn kaart brocht. Hy neamde in oar eilân, it hjoeddeistige Yerba Buena, la Isla de los Alcatraces, dat "it Eilân fan 'e Ginten" betsjut, mar ornaris opfet wurdt as "it Eilân fan 'e Pilekanen", om't der gjin ginten oan 'e westkust fan Noard-Amearika libje. It moderne Spaanske wurd foar "pilekaan" is pelicano, mar mooglik dat doedestiden ek it wurd alcatraz foar dy fûgels brûkt waard. Hoe dan ek, hoewol't Isla de la Alcatraces op 'e kaart fan Ayala dúdlik ferwiisde nei Yerba Buena, rekke de ferkoarte foarm fan dy namme, "Alcatraz", letter ferbûn mei it hjoeddeistige Alcatraz troch in flater fan 'e Ingelske ûntdekkingsreizger Frederick William Beechey.

De ierst bekende private eigner fan Alcatraz wie in Wiliam Workman (ek bekend ûnder syn doopnamme Julian Workman), in kolonist fan Noardlik Kalifornje dy't ôfkomstich wie út 'e Feriene Steaten. Him waard it eilân yn juny 1846 taparte troch de Meksikaanske gûverneur fan Opperkalifornje, Pio Pico, op it betingst dat Workman der in fjoertoer bouwe soe. Doe't letter datselde jiers lykwols de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch útbriek, wêrby't Kalifornje troch de Amerikanen ferovere waard, kocht kolonel John C. Fremont it eilân op foar de Amerikaanske oerheid yn syn hoedanichheid as militêre gûverneur fan Kalifornje. Under it Ferdrach fan Guadalupe Hidalgo die Meksiko yn 1848 ôfstân fan hiel Opperkalifornje. Sa kaam ek Alcatraz foargoed yn Amerikaanske hannen.

Alcatraz by sinne-ûndergong.

Amerikaanske militêre fêsting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1850 joech de presidint fan 'e Feriene Steaten Millard Fillmore oarder dat Alcatraz omreden fan syn strategyske lizzing yn 'e Baai fan San Franciso reservearre wurde moast foar de Amerikaanske Striidkrêften. Fremont hie it eilân mei eigen jild opkocht en ferwachte dêrfoar kompinsearre te wurden, mar Fillmore besleat Alcatraz gewoan te ûnteigenjen fan 'e doetiidske besitter, dat Fremont wie. Dat late ta in slepende juridyske striid mei de Amerikaanske oerheid, dy't oant yn 'e 1890-er jierren duorre, mar úteinlik neat opsmiet foar Fremont en syn erven.

Underwilens waard Kalifornje troch de Kalifornyske Goudkoarts fan grut belang foar de Feriene Steaten, en om 'e Amerikaanske belangen dêre te beskermjen, sette it Sjenykorps fan it Amerikaanske Leger yn 1853 û.l.f. Zealous B. Tower útein mei de bou fan 'e Sitadel fan Alcatraz, dy't yn 1858 foltôge waard. De earste operasjonele fjoertoer oan 'e Amerikaanske westkust waard yn dyselde snuorje op it eilân boud. Doe't yn 1861 de Amerikaanske Boargeroarloch útbriek (dy't Kalifornje net direkt trof), beskikte de militêre fêsting op Alcatraz oer 85 kanonnen, ferdield oer kazematten by de hiele kust lâns. It lytse garnizoen betsjutte lykwols dat mar in fraksje fan dy wapens tagelyk ynset wurde koene. Nettsjinsteande dat wie it tal kanonnen yn 1866 fergrutte ta 105.

De âlde Sitadel fan Alcatraz, boud tusken 1853 en 1858 (foto út 1908).

Omreden fan 'e isolaasje fan Alcatraz, dy't fuortkaam út 'e sterke streaming yn en kâlde temperatueren fan it wetter om it eilân hinne, wie de Sitadel fan Alcatraz fan it begjin ôf oan in soarte fan strafkamp, dêr't inkeld soldaten legere waarden dy't feroardiele wiene foar misdriuwen. Tsjin 1861 funksjonearre de Sitadel fan Alcatraz as it militêr tichthûs foar it Departemint fan 'e Stille Oseaan fan it Amerikaanske Leger. Oant de ein fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch, yn 1865 waarden der Konfederearre kriichsfinzenen húsfêste en fan 1863 ôf ek Amerikaanske boargers dy't fertocht waarden fan Konfederearre sympatyen. Begjin 1865 berikte de befolking fan it eilantsje dêrtroch in hichtepunt fan 433 minsken.

Tsjin 'e ein fan 'e Boargeroarloch wiene de kanonnen en fortifikaasjewurken fan Alcatraz alwer efter de tiid rekke, dat neitiid waard der gâns ferboud en modernisearre. In ambisjeus plan om in stelsel fan tunnels yn 'e rots út te houwen om kommunikaasje- en befoarriedingsrûtes mei alle kazematten te hawwen dy't ûnkwetsber wêze soene foar fijannige artillerybesjittings, waard tusken 1870 en 1876 mei úteinset mar nea ôfmakke. Yn 1867 waard fan bakstien in earste finzenisgebou oplutsen (earder wiene de finzenen simpelwei yn 'e kelders fan 'e sitadel opsletten). Dêr waarden Konfederearre militêren fêstset dy't wegeren har oer te jaan en yn 'e 1870-er jierren ek guon Hopy-Yndianen út Arizona dy't wegeren gehoar te jaan oan it befel om harren bern nei Yndiaanske kostskoallen te stjoeren dêr't har harren eigen taal en kultuer ûntnommen wurde moast.

De fjoertoer fan Alcatraz.

Yn 1898, ûnder de Spaansk-Amerikaanske Oarloch, waarden Spaanske kriichsfinzenen op Alcatraz fêstset en gie de finzenispopulaasje yn in pear moannen omheech fan 26 oant mear as 450. Nei't yn 1906 de swiere Ierdbeving fan San Francisco de stêd fierhinne yn ferrinnewearre hie, waarden boargerlike finzenen út 'e stikkene tichthuzen dêre tydlik nei Alcatraz stjoerd, sadat se feilich opsletten wurde koene. Op 21 maart 1907 waard de legerbasis op it eilân offisjeel omneamd ta de "Westlike Amerikaanske Militêre Finzenis". Yn 1915 waard dat "Pasifyske Ofdieling, Amerikaanske Dissiplinêre Barakken".

Yn 1909 waard úteinset mei de bou fan in reuseftich sintraal selleblok, dat ek hjoed de dei noch it eilân dominearret. Dêrfoar waard de Sitadel fan Alcatraz ôfbrutsen oant de 'grûnferdjipping', dy't eins ûnder de grûn lei. De grûnferdjipping fan 'e Sitadel waard de kelderferdjipping fan 'e nije finzenis. It nije gebou kaam ree yn 1912. Yn 'e Earste Wrâldoarloch waarden der gewissebeswierden finzenset, ûnder wa Philip Grosser, dy't neitiid in pamflet skreau oer syn ûnderfinings yn wat er "Uncle Sam's Duvelseilân" neamde (Uncle Sam is in bynamme foar de Feriene Steaten en Duvelseilân is in ferwizing nei in tige beruchte finzenis yn Frânsk-Guyana).

D-Block fan it sellekompleks.

Amerikaansk federaal tichthûs

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Federale Finzenis Alcatraz.

Op 12 oktober 1933 waard it militêr tichthûs, en dêrmei hiele Alcatraz, oerdien oan it Amerikaansk Ministearje fan Justysje, wêrnei't it eilân yn augustus 1934 oanwiisd waard as federale finzenis. Op 11 augustus fan dat jier gie de Federale Finzenis Alcatraz formeel iepen, doe't de earste groep fan 137 finzenen dêrhinne oerbrocht waard út Leavenworth (Kansas). Fanwegen de isolaasje fan Alcatraz waard it eilân wat tsjintwurdich in ekstra befeilige ynrjochting neamd wurde soe, dêr't de swierste en meast flechtgefaarlike kriminelen pleatst waarden. Under harren wiene bgl. de beruchte maffiabaas Al Capone, de bankrôver Machine Gun Kelly, de Portorikaanske terrorist Rafael Cancel Miranda en de moardner Robert Stroud, dy't himsels yn it tichthûs ta ornitolooch ûntjoech en dêrom bekend kaam te stean as de "Fûgelman fan Alcatraz".

De Federale Finzenis Alcatraz waard sadwaande berucht en stiet yn 'e Amerikaanske folkloare bekend as in plak wêrút ûntsnappen ûnmooglik wie. Dat wie krekt wat de Amerikaanske oerheid it publyk leauwe litte woe. Mar eins wie it mei wat lok foar in sûn en fit persoan wol deeglik mooglik om fan Alcatraz te ûntkommen en nei it fêstelân te swimmen. Dat waard yn 1962 bewiist doe't finzene John Paul Scott ûntsnapte en swimmend it fêstelân wist te berikken. Dêr oankommen, wied er lykwols sa troch útputting en ûnderkuolling befongen, dat de plysje him bewusteleas weromfûn. Yn totaal besochten yn it 29-jierrich bestean fan 'e finzenis 39 finzenen by 14 gelegenheden te ûntsnappen. Twa fan dy mannen besochten it twaris. Fan harren waarden 23 wer ynrekkene foar't se it wetter berikke koene; 6 waarden op 'e flecht troch de sipiers deasketten; twa ferdronken yn 'e Baai fan San Francisco; en fiif steane te boek as "fermist en nei't men oannimme mei ferdronken".

Sel 281, dêr't maffiabaas Al Capone finzen holden waard.

De gewelddiedichste episoade út 'e skiednis fan it tichthûs foel foar op 2 maaie 1946, doe't in mislearre ûntsnapping troch seis finzenen ta de twadeiske Slach om Alcatraz late. De meast ferneamde ûntsnapping wie dy troch Frank Morris en de bruorren John en Clarence Anglin yn 'e nacht fan 11 juny 1962. Hja wisten ûngemurken it wetter te berikken, mei't harren ôfwêzigens yn 'e sellen pas de oare moarns opmurken waard. Neffens in offisjeel ûndersyk troch de FBI soene se yn 'e Baai fan San Francisco ferdronken wêze, mar nij bewiismateriaal út 'e 2010-er jierren liket derop te wizen dat harren ûntsnapping slagge. Wat de wierheid is, bliuwt noch altyd in mystearje.

Yn 1963 waard de Federale Finzenis Alcatraz sletten. De redens dêrfoar wiene finansjeel fan aard. Yn it foarste plak wie it rottekrûddjoer om in tichthûs op sa'n isolearre plak draaiende te hâlden: it koste $10 deis foar eltse finzene yn ferhâlding ta $3 deis per finzene foar de Federale Finzenis Atlanta. Dêrnjonken begûnen de gebouwen útinoar te fallen nei in heale iuw bleatsteld te wêzen oan 'e sâlte seelucht en mist. Der wie dus in mânske ynvestearring nedich om it tichthûs te rêden. Dêrta wie de Amerikaanske oerheid net reewillich.

Blommen bloeie yn 'e ruïne fan 'e Sosjalisearringshal, dy't troch brân ferwoastge waard ûnder de Yndiaanske Besetting fan Alcatraz.

Sûnt de sluting fan 'e finzenis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de sluting fan 'e finzenis kaam it gebouwekompleks op Alcatraz leech te stean, wylst it eilân sels ferlitten rekke. Yn 'e 1960-er jierren waard Alcatraz twaris beset troch Yndiaanske aktivisten dy't strieden foar minskerjochten foar harren folken. De earste besetting wie in koart barren op 8 maart 1964 troch Lakota-aktiviste Belva Cottier en 34 oaren.

De folle bekendere, twadde Besetting fan Alcatraz begûn op 20 novimber 1969, doe't in groep aktivisten fan 'e United Indians of All Tribes (UIAT), foar it meastepart jonge Yndianen dy't yn San Francisco studearren, it eilân yn besit namen. Hja easken dat de fasiliteiten op Alcatraz oanpast wurde soene ta in Yndiaansk edukatyf, ekologysk en kultureel sintrum. Se berôpen har dêrby op it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, út 1868, wêryn't de Amerikaanske oerheid ûnthjitten hie dat alle ôftanke, leechsteande en net mear brûkte federale lânerijen en fasiliteiten weromjûn wurde soene oan 'e Yndianen. De besetting, dy't hast twa jier duorre, oant 11 juny 1971, loek oare Yndiaanske aktivisten út hiel Noard-Amearika oan, û.m. fan 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging (AIM).

It binnenplak fan it sellekompleks.

Yn 1972 waard Alcatraz troch it Amerikaanske Ministearje fan Justysje oerdroegen oan 'e Nasjonale Parketsjinst (NPS), dy't it eilân opnaam yn it nije Nasjonaal Rekreaasjegebiet Golden Gate. Presidint Richard Nixon makke $120 miljoen frij foar de ûntwikkeling dêrfan. Sûnt foarmje it eilân en it âlde finzeniskompleks in museum dat eksploitearre wurdt troch de NPS, wêrby't toeristen nei it eilân oerfearn wurde út San Francisco en yn 'e finzenis in rûnlieding krije. Sa ûntjoech Alcatraz him ta ien fan 'e bekendste en wichtichste toeristyske trekpleisters fan San Francisco. Yn 1976 waard Alcatraz as monumint opnommen yn it Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken (NHRP). Yn 1979 waard in diel fan it finzeniskompleks restaurearre foar de opnamen fan 'e film Escape from Alcatraz, oer de ûntsnapping fan Morris en de bruorren Anglin yn 1962. Yn 1986 krige Alcatraz de status fan nasjonaal histoarysk distrikt.

Floara en fauna

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tunen dy't oanplante waarden troch de húshâldings fan 'e ofsieren fan 'e oarspronklike legerbasis, en letter troch de húshâldings fan 'e finzenisdirekteur en fan guon sipiers, rekken nei 1963 alhiel fertutearze. Fjirtich jier letter waarden se nei de iuwwiksel wer opknapt troch in stêf fan frijwilligers. Der blieken op it eilân in protte fariëteiten roazen te groeien, wêrûnder ien Welske roas (Bardou Job), dy't útstoarn waand waard. Fierders groeie der geraniums, apelbeammen, toarnbei- en papsûgerstrûken en gerzen lykas wylde rogge, dy't lânseigen binne op it eilân.

De wettertoer fan Alcatraz mei rjochts de âlde enerzjysintrale fan 'e finzenis.

Wat fauna oangiet libje der in protte seefûgels op Alcatraz, lykas doskoeten, ielskolfers, heermannmiuwen en Kalifornyske miuwen. In stikje strân oan 'e kust wurdt gauris besocht troch gewoane seehûnen. Yn 'e tijpuollen tusken de rotsen libje alderhanne wringeleaze soarten, lykas anemoanen, seestjerren en seeslakken. Heger op it eilân bestiet in populaasje hartemûzen. De drinkwetterreservoirs fan Alcatraz binne in wichtich habitat foar de Kalifornyske ranke salamander.

Alcatraz is brûkt as setting foar in protte films, wêrûnder Birdman of Alcatraz (1962), Point Blank (1967), The Enforcer (1976), Escape from Alcatraz (1979), Murder in the First (1995), The Rock (1996), Catch Me If You Can (2002), X-Men: The Last Stand (2006) en The Book of Eli (2010).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.