Springe nei ynhâld

Additive kleurminging

Ut Wikipedy
It mingskema by additive kleurminging.

Additive kleurminging is in proses foar it mingen fan ljocht fan ferskillende kleuren. Troch dat mingen kin in oare kleur ûntstean. As de trije ljochtboarnen mei de primêre kleuren read (R), grien (G) en blau (B) gearfalle, ûntstiet yn prinsipe wyt ljocht. (Yn 'e praktyk moatte de ljochtsterkten dêrfoar sekuer opinoar ôfstimd wêze, om't der oars al rillegau in swymke kleur yn it ljocht trochbliedt.)

Additive kleurminging wurdt û.m. brûkt foar it werjaan fan kleuren troch byldskermen fan tillefyzjes, kompjûters en mobile tillefoanen. By dy technyk wurdt elts fan 'e trije ljochtboarnen werjûn wurdt troch hiel lytse ljochtpuntsjes, dy't piksels neamd wurde. Foar it minsklik each falle de boarnen dan gear ta ien gehiel en foarmje sa in mearkleurige ôfbylding.

De term 'addityf' betsjut "optellend", mei't optellen it útgongspunt fan dizze foarm fan kleurminging is. It begjint sûnder ljocht, dus mei in swarte ûndergrûn, dêr't ljocht mei beskate kleuren by opteld wurde. Dy wurking is krekt oarsom as by subtraktive kleurminging, wêrby't ien of mear kleuren út it wjerkeatste ljocht absorbearre wurde. De ôfkoartings foar de primêre kleuren fan additive kleurminging (R, G en B) jouwe it byhearrende systeem foar kleurkodearring de namme RGB-kleursysteem.

Primêre additive kleuren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
 read
 grien
 blau

Sekundêre additive kleuren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
 read + grien = giel
 read + blau = maginta
 grien + blau = syaan

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.