Abdij fan Bobbio
Appearance
De Abdij fan Bobbio (Italjaansk: Abbazia di San Colombano) wie in kleaster dat yn 614 stifte waard troch de Ierske muonts en sindeling Kolumbanus. Om de abdij hinne woeks de hjoeddeiske stêd Bobbio, dy't yn de Italjaanske provinsje Piacenza yn de streek Emilia-Romagna leit. De abdij waard wijd oan de hillige Kolumbanus en wie ferneamd om syn ferset tsjin it arianisme. Yn it skriptoarium fan de abdij waarden in soad hânskriften yn lytse letters (ûnderkast) skreaun. Yn 982 wiene der wol 700 hânskriften bewarre bleaun. De Abdij fan Bobbio hie ien fan de grutste biblioteken fan de Midsiuwen. De Abdij waard yn 1803 opheft doe't it ûnder Frânsk bewâld, ûnder Napoleon kaam. In soad fan de gebouwen krigen oare bestimmings.