Springe nei ynhâld

Pyongyang

Ut Wikipedy
Net te betiizjen mei Pyeongchang, in distrikt yn Súd-Koreä.
Pyongyang
Bestjoer
Lân Noard-Koreä
Regio Pyongyang
Sifers
Ynwennertal 2.514.692 (2013)
Oerflak 1100 km²
Befolkingsticht. 1.560 / km²(2010)
Hichte 38 m
Oar
Stifting 1122 f.Kr.
Koördinaten
Lizzing fan de regio Pyongyang

Pyongyang is de haadstêd en de sit fan it regear fan Noard-Koreä. De stêd leit yn it súdwesten fan it lân oan de rivier de Taedong. De stêd hat in lytse 3 miljoen ynwenners. De stêd is it politike-, ekonomyske- en kulturele sintrum fan it lân, mei tal fan teaters, museums en monuminten.

Skiednis nei 1945

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1945 waard Pyongyang de tydlike haadstêd fan Provisjoneel Noard-Koreä. It waard de de facto haadstêd fan de yn 1948 stifte Demokratyske Folksrepublyk fan Koreä. Yn dy tiid wie it regear yn Pyongyang fan doel om Koreä's offisjele haadstêd, Seoul, te feroverjen. Pyongyang waard op 'en nij bot rekke yn de Koreaanske Kriich, doe't de stêd in koart skoft beset wie troch Súd Koreaanske troepen — die iennichste kear yn de skiednis dat in kommunistyske haadstêd yn hannen fan fijanlike troepen foel. Yn 1952 wie it plak it doel fan de grutste loftoanfal út de kriich; dêr wienen 1400 fleantugen fan de FN by belutsen.

Nei de Koreaanske Oarloch waard der in suver folslein nije stêd boud, dy't symboal wurde moast fan it nije, kommunistyske Noard-Koreä. De stêd bestiet foar it grutste part út gebouwen yn "stalinistyske" styl en typysk 'kommunistyske' flats fan beton. Dochs binne der in stikmannich gebouwen te finen yn de tradisjonele Koreaanske boustyl.

Op hast alle strjithoeken binne bylden, posters of oare foarmen fan propaganda te finen ta eare fan de eardere lieder en dy fan no, efter elkoar Kim Il-sung en syn soan Kim Jong-il. Ek binne dêr in soad ôfbylden te sjen fan Lenin en Stalin, de grûnlizzers fan it kommunisme. Reklame wie oant 2004 net finen, mar dat jier waarden in tal propagandaposters ferfongen troch reklameposters foar it automerk Pyeonghwa Motors.

Op ferskate plakken binne monuminten om de lieders, it lân of de juche-ideology te earjen. Foarbylden dêrfan binne de 150 meter hege Juche-toer en de Triomfbôge, dy't krekt wat grutter is as de Arc de Triomphe (Parys). It heechste gebou fan de stêd is it net foltôge Ryugyong Hotel. At de bou klear west hie soe it mei 329 meter ien fan de heechste yn de wrâld wêze.

Untjouwing befolking

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It neifolgjend oersjoch jout it ynwennertal fan de stêd sûnder de foarstêden.[1]

Jier Ynwennertal
1890 40.000
1906 43.000
1911 36.800
1920 58.600
1922 86.500
1924 102.700
1929 120.000
1932 144.200
1935 182.100
1938 234.700
1940 286.000
Jier Ynwennertal
1944 388.000
1962 653.000
1965 800.000
1967 840.000
1970 940.000
1978 1.250.000
1981 1.283.000
1986 1.300.000
1993 2.354.898
2002 2.724.700
2007 3.059.678

Troch de stêd rinne lange, brede en streekrjochte strjitten. Der is in netwurk fan trams, bussen, trolleybussen en twa metrolinen. De metro is, nei sovjet-Russysk foarbyld, ryk fersierd mei propagandistyske keunst.

Tichtby Pyongyang leit de lofthaven Sunan International Airport. Ien flecht de wike nei Peking is de wichtichste reguliere ynternasjonale flecht, mar geregeldwei binne der ek flechten op Bangkok, Makao, Vladivostok, Chabarovsk en Shenyang. Al de flechten wurde fersoarge troch de ienige loftfeartmaatskippij dy't lâningsrjochten hat op Sunan, de nasjonale loftfeartmaatskippij fan Noard-Koreä, Air Koryo.

Om de twa dagen kin der mei de tein nei de Sineeske haadstêd reizge wurde en ienris yn de wike nei Moskou.

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jan Lahmeyer, Universiteit Utert: Populstat: North Korea - Urban Population