Springe nei ynhâld

Komeedzje

Ut Wikipedy
The printable version is no longer supported and may have rendering errors. Please update your browser bookmarks and please use the default browser print function instead.
Trageedzje en komeedzje, Romeinsk mozayk
Komeedzje en trageedzje

In komeedzje (fan it Aldgrykske κωμῳδία, kōmōidia, letterlik: "feestsang" of mooglik "doarpssang") is in literêr sjenre en in foarm fan toaniel en film dy't him yn 'e Aldheid ûnderskate fan 'e trageedzje trochdat it minder swiersettich fan toan wie en in happy end hie. De komeedzje kin tebekfolge wurde oant 425 f.Kr., nei it oeuvre fan 'e Grykske toanielskriuwer Aristofanes. Yn 'e Renêssânse hat benammen de William Shakespeare dit âlde sjenre nij libben ynblazen. Pas fan 'e njoggentjinde iuw ôf is de betsjutting fan "komeedzje" ferskood yn 'e rjochting fan hilarysk humorisme (yn dy betsjutting wurdt in toanielkomeedzje ek wol in blijspul neamd). Yn it âlde Grikelân bestie dat sjenre trouwens ek, mar waard it gjin komeedzje neamd, mar saterspul.

Der binne ferskillende yndielings foar komeedzjes mooglik:

Teater

It teater en it folksteater (amateurtoaniel) krije noch hast allinnich publyk by jierlikse feesten yn ien of d’oare stêd.[1] Fryslân kipet dêr mei syn toanielferienings en doarpsmienskippen posityf út.

Komeedzjes fan Shakespeare

Tradisjoneel binne de toanielstikken fan William Shakespeare groepearre yn trije kategoryen: trageedzjes, komeedzjes en histoaryske stikken (dat eins ek trageedzjes binne). Komeedzje hie yn de Elizabethaanske tiid in oare betsjutting as dy fan de moderne komeedzje. In komeedzje fan Shakespeare wie in toanielstik mei in happy end, meast mei houliken tusken de net-troude personaazjes, en in mear ludike toan en styl as syn oare stikken. Komeedzjes fan Shakespeare ha faak tema’s as:

  • De striid dy’t jong-ferealen leverje moatte om swierrichheden te oerwinnen, dy’t faak troch âlderen feroarsake wurde
  • Skieding en werferbinen
  • Persoansferwikseling
  • Tûk personiel
  • Ferhege spannings, faak binnen in famylje
  • Meardere, meiïnoar ferweve plots
  • Gâns wurdboarterijen

Ferskate komeedzjes fan Shakespeare, lykas Measure for Measure en All's Well That Ends Well, hawwe in ûngewoane toan mei in net maklike kombinaasje fan humor en tragyk, wêrtroch’t se as probleemstikken kategorysearre wurde.

Film

Tsjintwurdich easket de film yn de bioskoop en de comedy (sitcom[2]) op telefyzje fierwei it measte omtinken op. Komyske langspylfilms ha meast in happy end, mar soms net, dan ha jo it oer in tragikomeedzje. Meast komt der nettsjinsteande in ferminging mei tragyske situaasjes romantyk by om de hoeke. De komyske film hie syn earste hichtepunt foar it trochbrekken fan de lûdsfilm op ‘e ein fan de tweintiger jierren yn de Feriene Steaten: films fan Charlie Chaplin, it duo Stan Laurel, Oliver Hardy en de stuntman Buster Keaton. Yn resintere tiden kinne wy de (koart)films fan Dean Martin, Jerry Lewis, Bob Hope, Peter Sellers, Monty Python, Mel Brooks, Eddie Murphy, Steve Martin, Jim Carrey en Rowan Atkinson (Mr. Bean).

It is ek folle dreger om in komeedzje te skriuwen as in trageedzje (Boarne:?: komeedzjes ha meast in makliker te foarsizzen ein, mar it skriuwen fan de plot is gjin sinekure. Eltse grappige draai (sawol yn teater, stand-upcomedy as yn film) wurdt tsjintwurdich hifke op har wurking foar in foar dit doel gearstald publyk, ear’t de beslissing falt om yn produksje te gean.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

  1. Lykas mei de Gintske Feesten
  2. Inkelde fan de talleaze foarbylden: 'Allo 'Allo! (Eng.), Schone Schijn (Ing.), Smack the Pony (Ing.), 3rd Rock from the Sun (Am.)