Amman
Amman | ||
Bestjoer | ||
Lân | Jordaanje | |
gûvernemint | Amman | |
Boargemaster | Omar Maani | |
Sifers | ||
Ynwennertal | Grut Amman ± 4.500.000 (2016) | |
Oerflak | 1.680 km² | |
Befolkingsticht. | 2.380 / km² | |
Hichte | 700 - 1100 m | |
Oar | ||
Stifting | 7250 f.Kr. | |
Tiidsône | UTC+2 | |
Simmertiid | UTC+3 | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
Webstee gûvernemint Amman |
Amman (عمان; yn de âldheid: Philadelphia) is de haadstêd fan Jordaanje. De stêd leit yn it noarwesten fan it lân, mar inkelde tsientallen kilometers fan de Westlike Joardaanouwer en de Deade See. Yn 2000 hie de stêd likernôch 1,5 miljoen ynwenners.
Amman is it politike-, kulturele- en kommersjele sintrum fan Jordaanje en ien fan âldste trochgeand bewenne stêden fan de wrâld. De stêd is frijwat 'ferwestere' fergelike mei oare grutte stêden yn de regio. De stêd leit mids en op hichten (no 19). De wichtichste stedsdielen binnen neamd nei de hichte dêr't sy op boud binne. Wichtige ferfiermiddels binne de bus, de taksy, en de dielde taksy. Amman is it foarneamste ferkearsknooppunt fan it lân.
Ut de skiednis
Yn de omkriten fan Amman binne archeologyske fynsten út de Nije Stientiid dien. Yn de 13e iuw f.Kr. hjitte de stêd Rabbath Ammon of Rabat Amon (troch de Ammoniten. Yn de bibel wurdt Amman oantsjut as Rabbat Ammon. Yn de rin fan de iuwen waard de stêd ferôvere troch de Assyrjers, folge troch de Perzen en de Griken. Ptolemaeus II Philadelphus, de Hellenisyske hearsker oer Egypte, werneamde it Philadelphia. De stêd hearde ûnder it Nabateeske keninkryk oant 106; dêrnei sloegen de Romeinen dêr foar master op. Yn de Romeinske perioade hearde Amman, doe Philadelphia, ta de stêden fan de Dekapolis.
It moderne Amman waard stifte yn 1878, doe't it Ottomaanske Ryk dêr in groep Tsjerkessyske ymmigranten ûnderbrocht. Sy foarmen oant healwei de 20e iuw de mearderheid fan de befolking. Under oaren troch de grutte ymmigraasje fan Palestinen, dy't fanwege de Israelysk-Arabyske oarloggen nei 1948 nei Jordaanje flechten, hat de stêd in grutte groei trochmakke.
It besjen wurdich yn Amman
- it Romeinske teater fan Amman
- it Odeum fan Amman
- it Romeinske forum
- it folkloaristysk museum
- de timpel fan Herkules
- it archeologysk museum
- de Byzantynse tsjerke
- het paleis fan de Umayyaden
- de Hoesseinimoskee
- de kening Abdullah moskee
- it nasjonaal museum
- de Abdounbrêge, in tuibrêge dy't part is fan de rûnwei om de stêd
-
Romeinsk teater
-
Timpel fan Herkules
-
Kening Abdoellah I moskee
-
Wakalat-stjitte
Keppeling om utens
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Amman fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|