Springe nei ynhâld

Das

Ut Wikipedy
Dit artikel is in stobbe oer biology.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Das
Ferspriedingsgebiet

De Europeeske das (Meles meles) is in swierboud middelgrut rôfdier dat ta de famylje fan de martereftigen (Mustelidae) heart. It is de ienige soarte út it geslacht Meles. Dassen wurde ek as ynformele kloft klassifisearre, dêr't de europeeske das ien fan is. In das libbet yn in hoale ek wol burcht neamd, dy't meardere generasjes meigiet. Hy is benammen nachts aktyf en hat in omnivoar dieet.

Beskriuwing

De das hat in herkenbere fachttekening. De boppeside is griis fan kleur, de ûnderside en poaten binne swart. De kop, hierren op de earen en de sturtpunt binne wyt. Der rinne twa brede lykop rinnende streken oer beide siden fan de kop, fan de snút oer de eagen nei de earen en de efterholle. Albinistyske, melanistyske (hielendal swarte) en erytristyske (rossige) dieren kommme yn bepaalde gebiet algemien foar.

De das is oanpast oan it libben yn de gongen fan de burcht. Hy hat in kylfoarmich lichem, mei in wat lytse kop en in lange snút. Ek hat er koarte stevige poaten en in koarte sturt.

Sjoch ek