Springe nei ynhâld

Hypatia: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - oars: no:Hypatia; tekstwiziging
L r2.7.1) (Bot - derby: zh-min-nan:Hypatia
Rigel 80: Rigel 80:
[[war:Hypatia]]
[[war:Hypatia]]
[[zh:希帕提婭]]
[[zh:希帕提婭]]
[[zh-min-nan:Hypatia]]

De ferzje fan 24 jul 2011 om 09.54

Foarstelling fan Hypatia troch Raffael

Hypatia (Gryksk: Ὑπατία) wie in Grykske wiskundige en filosofe dy't libbe fan 370 oant 415.

Sy wurdt wol de earste froulike wiskundige neamd en libbe yn Aleksandrje (Egypte) dêr't sy wiskunde en neoplatonyske filosofy dosearre. Om't har foarútstribjende en wittenskiplike wize fan tinken en dwaan waard sy yn stikken reten troch in kloft kristenen. Yn de tiid binne der guons west dy't beweard hawwe dat de patriarch Syrillus fan Aleksandrje dêr de hân yn hie.

Libben en wurk

Oer Hypatias libben is net folle bekend en de measte boarnen binne net betrouber. Op it earste plak moat it oan har wijde artikel yn de Suda, de Byzantynske ensyklopedy, fermeld wurde. In protte fan dat ferhaal komt lykwols net út earste hân en is romantisearre. Betrouberder is mooglik de ynformaasje dy't har tiidgenoat Sokrates Skolastikus jout yn syn Tsjerkeskiednis (Historia ecclesiastica, VII 15)). De tredde wichtige boarne binne de brieven fan biskop Synesius fan Cyrene, dy't in learling fan har wie en har ek letter graach rieplachte mocht. Alle lettere artikels oer har binne op dizze trije boarne grûne.

Hypatia wie de dochter fan de wiskundige Theoon fan Aleksandrje dy't as gelearde oan it Mouseion en oan de Biblioteek fan Aleksandrje ferbûn wie. Hy late syn dochter op yn de wiskunde. Letter wreide sy har stúdzje út nei de filosofy, astronomy en muzyk. Sy sammele dêrby in kring fan learlingen om har hinne, dy't sy by har thús ûnderwiis joech. Dêrby falt te tinken oan in soart fan filosofysk-literêr salon, krekt as wy dy yn de 18e ieu werom fine. Faak wurdt gewach dien fan it feit dat sy treflike relaasje ûnderhâlde mei de liedende politisy út dy tiid yn Aleksandrje, benammen mei de Romeinske prefekt Orestes, wat har úteinlik needlottich waard. Har oansjen yn Aleksandrje soe sa grut west hawwe, dat foar har spesjaal in learsit foar de platonyske filosofy ynromd waard.

Oan Hypatia wurde meardere skriftlike wurken taskreaun, wêrûnder kommentaren op Arithmetika fan Diophantus en de Konika (kegelsneden) fan Apollonius. Ek skreau sy kommentaren op it wurk fan de wiskundige en astronoom Klaudius Ptolemaeus. Omdat gjin orzjinele hânskriften oerlevere binne, kinne wy oer de kwaliteit en it nivo fan har wurk gjin eigen byld foarmje. Yn de âldheid wie har reputaasje lykwols legindarysk.

Moard op Hypatia

Yn de moderne tiid is Hypatia fral bekend bleaun troch de grouwélige wize dêr't sy op fermoarde waard. Yn 415 waard sy troch in troch kristlike striders opjutte mannichte op bisteftige wize fermoarde. Oer de details fan de moard en de eftergrûnen dêrfan bestean ferskillende fyzjes.

Wat de reden fan dizze folksútbarsting wie en troch wa it oanwakkere waard, falt net alhiel te ferklearen. Meast wurdt der fan útgien dat oan de yn sêne sette heidenenferfolging fan Hypatia in slommend konflikt tusken de stêdsprefekt Orestes en de letter hillich ferkleare biskop Syrillus fan Aleksanderje ten grûnslach lein hat. Hypatia libbe yn in tiid dat der yn Aleksandrje sprake wie fan in fûleindige machtsstriid tusken evenredige heidenen en kristenen oan de iene kant en fanatike fûnemintalistyske kristenen oan de oare, hokke lêsten de folsleine ferneatiging fan it heidendom easken. Al yn 391 hie de doetiidske patriarch Theophilus fan Aleksandrje de ferneatiging fan alle heidenske timpels ferordonnearre wêrby't it Museion as timpel fan de Muzen slachtoffere waard. Dat lot oerkaam ek it Serapion — timpel en filiaal fan de grutte biblioteek fan Aleskandrje.

In yndruk fan de politike reboelje fan dy tiid jout in brief fan Synesius fan Cyrene, ien fan har meast promininte learling en bewûnderer, dy't hy oan har skreaun hat. Yn ien fan de brieven (nr. 154) beklaget er him oer de kristlike striders: "Har filosofy bestiet út de simpele formule steeds god as tsjûge oan te roppen, krekt as Plato die, wannear't hja wat beweare of bestride. Eltse skim soe dizze lju oertreffen, as er him oer wat útlitte soe. Mar harren ferbylding is grutsk.". Yn dizze brief dielt er boppedat oan Hypatia mei, dat dizze minsken him oankleie hawwe, omdat er ferbean kopyën fan boeken yn syn biblioteek ferberge soe. Nei alle gedachten waard yn dy tiid de bestanden fan de biblioteek bewurke om se yn oerienstimming mei it kristlik dogma te bringen.

It histoaryske martelerskip fan Hypatia fertoant opfallende oerienstimmingen mei de hillige Katarina fan Aleksandrje. Mooglikerwiis is de leginde fan de hillige Katarina in lettere beskriuwing fan wat wurklik foarfallen hat yn de tiid fan Hypatia.

Keppeling om utens