Springe nei ynhâld

Das: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
(3 tuskenferzjes fan deselde meidogger net werjûn)
Rigel 1: Rigel 1:
{{Bistesoarte
{{Soarte útwreide|
|Namme=das
Ofbyld= [[Ofbyld:Meles meles MHNT.jpg|250px]]|
|Ofbyld= [[Ofbyld:Meles meles MHNT.jpg|250px]]
Ryk= [[dieren]] (''Animalia'')|
|lûd=[[File:European Badger (Meles meles) (W1CDR0001490 BD4).ogg|250px]]
Stamme= [[rêchstringdieren]] (''Chordata'')|
Klasse= [[sûchdieren]] (''Mammalia'')|
|Ryk= [[dieren]] (''Animalia'')
Skift= [[rôfdieren]] (''Carnivora'') |
|Stamme= [[rêchstringdieren]] (''Chordata'')
Famylje= [[martereftigen]] (''Mustelidae'') |
|Klasse= [[sûchdieren]] (''Mammalia'')
|Skift= [[rôfdieren]] (''Carnivora'')
Skaai= [[Jeraziatyske dassen (skaai)|Jeraziatyske dassen]] (''Meles'') |
|Famylje= [[martereftigen]] (''Mustelidae'')
Namme= Meles meles |
|Skaai= [[Jeraziatyske dassen (skaai)|Jeraziatyske dassen]] (''Meles'')
Beskriuwer, jier= [[Linnaeus]], 1758 |
|Wittenskiplike namme= Meles meles
IUCN-status= [[IUCN-status]]: net bedrige
|Beskriuwer, jier= [[Linnaeus]], 1758
|IUCN-status= [[IUCN-status]]: net bedrige
----
|lânkaart=[[File:European Badger area.png|center|250px]]
}}
}}
De '''das''' of '''taks''' ([[Latyn]]ske namme: ''Meles meles''), om ûnderskie te meitsjen mei oare dassesoarten ek wol '''Jeropeeske das''' neamd, is in middelgrut [[sûchdieren|sûchdier]] út 'e famylje fan 'e [[martereftigen]] (''Mustelidae''), dat ek yn [[Fryslân]] foarkomt, benammentlik yn 'e súdeasthoeke fan 'e provinsje. It is nau besibbe oan 'e [[Aziatyske das]] en de [[Japanske das]], dêr't it mei feriene is yn it [[taksonomy]]ske [[skaai (taksonomy)|skaai]] fan 'e [[Jeraziatyske dassen (skaai)|Jeraziatyske dassen]] (''Meles''). De [[dassen]] as groep foarmje in ynformele kloft dy't ferdield is oer trije ûnderfamyljes fan 'e martereftigen. In mantsjedas wurdt in bear neamd, en in wyfke in sûch of mot.
De '''das''' of '''taks''' ([[wittenskiplike namme]]: ''Meles meles''), om ûnderskie te meitsjen mei oare [[dassen|dassesoarten]] ek wol de '''Jeropeeske das''' neamd, is in [[sûchdier]] út it [[skift]] fan 'e [[rôfdieren]] (''Carnivora''), de [[famylje (taksonomy)|famylje]] fan 'e [[martereftigen]] (''Mustelidae''), de [[ûnderfamylje]] [[Jeraziatyske dassen (ûnderfamylje)|Jeraziatyske dassen]] (''Melinae'') en it lyknammige [[skaai (taksonomy)|skaai]] fan 'e [[Jeraziatyske dassen (skaai)|Jeraziatyske dassen]] (''Meles''). It is middelgrut, [[omnivoar]] [[nachtdier]], dat yn famyljegroepen libbet en oerdeis yn in eigengroeven ûndergrûnsk tunnelstelsel tahâldt. In [[mantsje]]sdas wurdt in bear neamd, en in [[wyfke]] in sûch of mot. De das komt ek yn [[Fryslân]] foar, benammentlik yn it súdeasten en it súdwesten fan 'e [[provinsje]]. Dit bist is nau besibbe oan 'e [[Aziatyske das]] (''Meles leucurus'') en de [[Japanske das]] (''Meles anakuma''). De [[dassen]] as groep foarmje in [[parafyly|parafyletyske]] en dêrom ynformele kloft bistesoarten, dy't ferdield is oer trije ûnderfamyljes fan 'e martereftigen. De [[IUCN]] klassifisearret de Jeropeeske das as net bedrige.


== Fersprieding ==
==Fersprieding==
===Algemien foarkommen===
[[Ofbyld:European Badger area.png|right|thumb|300px|Fersprieding fan 'e das.]]
De das komt yn frijwol hiele [[Jeropa]] foar, útsein op [[Iislân]], boppe de [[poalsirkel]] yn [[Skandinaavje]] en [[Ruslân]], en op 'e measte [[eilannen]] yn 'e [[Middellânske See]], al besteane der op 'e [[Grikelân|Grykske]] eilannen [[Kreta]] en [[Roados]] wol [[populaasje (biology)|dassepopulaasjes]]. Bûten Jeropa is de das ek lânseigen yn [[Lyts-Aazje]], de westlike helte fan [[Syrje]], frijwol hiele [[Libanon]], de noardlike helte fan [[Iraan]] en parten fan [[Irak]], [[Turkmenistan]], [[Afganistan]], [[Oezbekistan]] en [[Tadzjikistan]].
[[File:European Badger (Meles meles) (W1CDR0001490 BD4).ogg|right]]
[[File:Badger 25-07-09.jpg|left|thumb|250px|In das op 'e sneup nei [[iten|fretten]].]]
De das komt yn frijwol hiele [[Jeropa]] foar, útsein op [[Yslân]], yn [[Skandinaavje]] en [[Ruslân]] boppe de [[poalsirkel]], en op 'e measte eilannen yn 'e [[Middellânske See]], al besteane der op 'e [[Grikelân|Grykske]] eilannen [[Kreta]] en [[Roados]] wol dassepopulaasjes. Bûten Jeropa is de das ek lânseigen yn [[Lyts-Aazje]], de westlike helte fan [[Syrje]], frijwol hiele [[Libanon]], de noardlike helte fan [[Iran|Iraan]] en parten fan [[Irak]], [[Turkmenistan]], [[Afganistan]], [[Oezbekistan]] en [[Tadzjikistan]].


===Foarkommen yn Nederlân en Fryslân===
Yn [[Nederlân]] en [[Belgje]] komt er allinne mar yn 'e eastlike helte fan it lân foar. Yn Nederlân rint syn ferspriedingsgebiet fan 'e súdeasthoeke fan [[Fryslân]] en de súdlike stripe fan [[Grinslân]] nei it suden ta en omfettet hiele [[Drinte]], [[Oerisel]], [[Gelderlân]] en [[Limboarch]], en fierders [[it Goai]] en it easten fan [[Utert (provinsje)|Utert]] en [[Noard-Brabân]]. It swiertepunt fan 'e Nederlânske dassepopulaasje leit op 'e [[Feluwe]], yn súdlik Gelderlân, eastlik Noard-Brabân en Limboarch.
Yn [[Nederlân]] komt de das allinne mar yn 'e eastlike helte fan it lân foar. Foar [[Belgje]] jildt trouwens itselde. Yn Nederlân rint it [[ferspriedingsgebiet]] fan 'e das fan súdlik [[Fryslân]] en de súdlike stripe fan [[Grinslân]] nei it suden ta en omfettet hiele [[Drinte]], [[Oerisel]], [[Gelderlân]] en [[Limburch (Nederlân)|Limburch]], en fierders [[it Goai]] yn [[Noard-Hollân]], de [[Utertske Heuvelrêch]] yn it easten fan [[Utert (provinsje)|Utert]] en de [[Peel]] en oangrinzgjende gebieten yn it easten fan [[Noard-Brabân]]. It swiertepunt fan 'e Nederlânske dassepopulaasje leit op 'e [[Feluwe]], yn súdlik Gelderlân, eastlik Noard-Brabân en Limburch.


Yn [[Fryslân]] komme dassen benammen foar yn 'e súdeasthoeke fan 'e provinsje, yn 'e [[gemeente (bestjoer)|gemeenten]] [[Opsterlân]], [[It Hearrenfean (gemeente)|It Hearrenfean]], en de [[Stellingwerven]]. Dêrnjonken hawwe se har ek yn 'e Fryske [[Súdwesthoeke]] fêstige. Yn it foarjier fan [[2023]] kamen dassen yn it nijs dy't mei harren dasseboarch by [[Molkwar]] it [[spoar fan Ljouwert nei Starum]] ûndergroeven hiene, sadat it [[trein]]ferkear dêr ferskate [[wike]]n stil kaam te lizzen oant de dassen ûnder twang ferhuze wiene.
== Uterlike skaaimerken ==
De das is in gnobsk en swierboud bist mei yn ferhâlding koarte poarten en teffens in koarte sturt. De krêftige poaten binne bedoeld om mei te graven, en mei syn leech-by-de-grûnske, kylfoarmige lichem is de das folslein oanpast oan it libben yn in ûndergrûnske hoale. In folwoeksen eksimplaar hat trochinoar in kop-romplingte fan 67-80 sm, mei in sturtlingte fan 12-19 sm en in gewicht fan 6½-16½ kg. Mantsjes binne dúdlik swierder as wyfkes. De das hat in werkenbere koptekening, sa werkenber sels, dat de measte minsken dêr wierskynlik it earst oan tinke as hja har in das foarstelle: de frij brede kop is wyt, mar der rinne twa oerlânse streken fan 'e snút oer de eagen en earen hinne nei de nekke, wat de das in bytsje oan in maskere strûkrôver tinken docht. De tsjûkbehierre rêch is fierders griis fan kleur, wylst de bealch en de poaten swart binne. De beide earpuntsjes en de sturt binne wyt. [[Albinisme|Albinistyske]], [[melanisme|melanistyske]] (hielendal swarte) en [[erytrisme|erytristyske]] (rodzige) eksimplaren kommme yn beskate kriten frij algemien foar.
[[Ofbyld:Meles meles norway 2.JPG|thumb|left|250px|In das foar de yngong fan syn boarch.]]


== Biotoop ==
==Uterlike skaaimerken==
De [[folwoeksen]] das hat trochinoar in kop-romplingte fan 67–80&nbsp;[[sintimeter|sm]], mei in sturtlingte fan 12–19&nbsp;sm en in gewicht fan 6<sup><small>1</small></sup>/<sub><small>2</small></sub>–16<sup><small>1</small></sup>/<sub><small>2</small></sub>&nbsp;[[kg]]. [[Mantsje|Bearen]] binne dúdlik swierder as [[wyfke|sûgen]]. Fan lichemsbou is de das gnobsk en swierboud mei yn ferhâlding koarte [[poat]]en en teffens in koarte [[sturt]]. De krêftige [[foarpoat]]en binne bedoeld om mei te [[graven]], en mei syn leech-by-de-grûnske, kylfoarmige [[lichem (biology)|lichem]] is de das folslein oanpast oan it libben yn in ûndergrûnske [[hoale]].
De das komt foar yn in ferskaat oan lânskipstypes, mar hat in foarkar foar fersnipele bou- en greidlân mei hjir en dêr boskjes, hagen en beamwâlen. Fral fiele dassen har goed thús yn rivierdellingen.
[[File:Mäyrä Ähtäri 4.jpg|right|thumb|250px|In das yn it lange [[gers]].]]


Dassen hawwe in tige werkenbere koptekening, sa werkenber sels, dat de measte minsken dêr wierskynlik it earste oan tinke as hja har in das foarstelle: de frij brede kop is [[wyt]], mar der rinne twa oerlânse streken fan 'e [[snút]] oer de [[eagen]] en [[ear (anatomy)|earen]] hinne nei de [[nekke]] ta, wat de das in bytsje op in [[masker]]e [[strûkrôver]] lykje lit. Op 'e tsjûkbehierre [[rêch]] is de [[pels]] fierders [[griis]] fan [[kleur]], wylst de [[bealch]] en de poaten swart binne. De beide earpuntsjes en de sturt binne wyt. [[Albinisme|Albinistyske]] (hielendal wite), [[melanisme|melanistyske]] (hielendal swarte) en [[erytrisme|erytristyske]] ([[readbrún|rodzige]]) eksimplaren kommme yn beskate kriten frij algemien foar.
== Hâlden en dragen ==
Dassen binne sosjale bisten, dy't yn famyljegroepen fan ornaris trije oant seis bisten libje, al kinne yn tige fiedingsrike gebieten wol troepen fan tweintich dassen foarkomme. Se libje yn in eigengroeven hoale dy't in "boarch" neamd wurdt; sa'n dasseboarch hat almeast trije oant tsien yngongen, mar hiel âlde kinne yn ekstreme gefallen wol tachtich yngongen telle. Al dy yngongen liede nei in sintrale "wentsjettel", dêr't de dassen mei-inoar sliepe salang't it bûten ljocht is.


==Biotoop==
De das is nammentlik in [[nachtdier]], dat him mar komselden foar de jûnsskimer sjen lit en mei de moarnsdage syn boarch wer opsiket. Nachts kinne se wol 4 km fier omdoarmje. Under geunstige omstannichheden omfettet it [[territoarium]] fan in dassekloft net mear as in 30 ha, mar yn marzjinale [[biotoop|biotopen]] kin it wol 400 ha beslaan.
De das komt foar yn in ferskaat oan [[biotopen]], mar hat in foarkar foar fersnipele [[bou (lânbou)|bou]]- en [[greidlân]] mei hjir en dêr [[strewelleguod]], [[bosk]]jes, [[hage]]n en [[beamwâl]]en. Yn 't bysûnder fiele dassen har goed thús yn [[rivier]][[delling]]en.


==Hâlden en dragen==
De peartiid falt foar dassen yn 'e betide maityd, al pearje se ek wol yn oare jiertiden. Nei in [[ferlinge draachtiid]] wurdt it [[embryo]] pas yn desimber ek echt ymplantearje yn it [[limoer]] en dan wurde der nei in wike as sân, ornaris tusken mids jannewaris en maart, 2-3 (1-5 is mooglik) jongen smiten. Nei twa moanne komme de jongen foar it earst boppegrûnsk en nei noch in moanne wurde se ôfwûn. As it fretten krap is, wurde de jongen noch foar de winter fan harren bertejier út 'e boarch en it territoarium ferdreaun; is der genôch te beplúzjen, dan meie se bliuwe, al geane de jonge bearen dan op 'en doer dochs op 'e swalk.
Dassen binne sosjale bisten, dy't yn famyljegroepen fan ornaris 3–6&nbsp;bisten libje, al kinne yn tige fiedingsrike gebieten wol troepen fan 20 eksimplaren foarkomme. Se libje yn in mânske eigengroeven [[hoale]], dy't in "boarch" neamd wurdt. Sa'n dasseboarch omfettet in kompleks gongestelsel mei almeast 3–10 ûnderskate yngongen, mar hiel âlde boargen kinne yn ekstreme gefallen wol 80 yngongen telle. Al dy yngongen liede nei in sintrale "wentsjettel", dêr't de dassen mei-inoar sliepe salang't it bûtendoar ljocht is.
[[File:Meles meles norway 2.JPG|thumb|left|180px|In das foar de yngong fan syn boarch.]]


De das is nammentlik in [[nachtdier]], dat him mar komselden foar de [[jûnsskimer]] sjen lit en mei de [[moarnsdage]] syn boarch wer opsiket. [[Nacht]]s kinne se wol 4&nbsp;[[km]] fier omdoarmje. Under geunstige omstannichheden (d.w.s. it oerfloedich foarkommen fan fretten) omfettet it [[territoarium (biology)|territoarium]] fan in dassekloft net mear as in 30&nbsp;[[hektare|ha]], mar yn marzjinale [[habitat]]s kin it wol 400&nbsp;ha beslaan.
== Fretten ==
Dassen binne [[omnivoar|allesiters]], dy't benammen libje fan [[wjirmen]], boskfruchten en nuten, [[poddestuollen]], lytse [[kjifdieren]], [[slakken]] en [[ynsekten]]. De das is it iennichste bist dat [[stikelbaarch|stikelbargen]] fret, dy't er mei syn lange krêftige graafklauwen útrôlet fan 'e bal dêr't se har ta oprôlje, sadat er by de kwetsbere bealch kin, dêr't gjin stikels op groeie. As er der kâns ta sjocht yt de das fierders ek graach lânbouprodukten, lykas [[nôt]] en [[maïs]].


De [[peartiid]] falt foar dassen yn 'e iere [[maityd]], al [[pearing|pearje]] se ek wol yn oare [[jiertiden]]. Nei in [[ferlinge draachtiid]] wurdt it [[embryo]] pas yn [[desimber]] ek echt ymplantearje yn it [[limoer]] fan 'e sûch en dan wurde der nei likernôch 7&nbsp;[[wike]]n, ornaris tusken mids [[jannewaris]] en [[maart]], 1–5 (mar ornaris 2–3) jongen smiten. Mei 2&nbsp;[[moanne (tiid)|moanne]] komme de jongen foar it earst boppegrûnsk en nei noch in moanne wurde se [[ôfwûn]]. As it fretten krap is, wurde de jongen noch foar de [[winter]] fan harren bertejier út 'e boarch en it territoarium ferdreaun; is der genôch te beplúzjen, dan meie se bliuwe, al geane de jonge bearen dan op 'en doer dochs ek op 'e swalk.
== Status ==
De das hat de [[IUCN-status]] fan "net bedrige", wat sizze wol dat der wrâldwiid gjin kâns op útstjerren bestiet. Yn Nederlân is de sitewaasje lykwols justjes oars. Om [[1900]] hinne wiene der nei skatting noch wol 10.000 dassen, mar bejaging en útrûging mei lânbougif (om't de das as skealik bist beskôge waard) soarge derfoar dat der om [[1980]] hinne noch mar in 1200 oer wiene. Trochdat de das dêrnei de status fan beskerme bistesoart krige, en troch de bemuoienissen fan 'e partikuliere feriening ''[[Das en Boom]]'' (oprjochte yn [[1981]]), is it tal dassen yn Nederlân sûnt wer tanommen ta likernôch 4500 yn [[2006]]. Yn Fryslân woeks it tal dassen tusken [[1995]] en [[2001]] oan mei 36%.


==Fretten==
[[Ofbyld:Deiker Jagdbare Tiere 1093210.jpg|thumb|right|300px |In yllústraasje fan in das dy't opjage wurdt troch in takshûn.]]
Dassen binne [[omnivoar]]en, dy't benammen libje fan [[wjirmen]], [[bei]]en, [[nút (frucht)|nuten]], [[poddestuollen]], lytse [[kjifdieren]], [[slakken]] en [[ynsekten]]. De das is it iennichste bist dat [[stikelbaarch|stikelbargen]] fret, dy't er mei syn lange krêftige graafklauwen útrôlet fan 'e bal dêr't se har ta oprôlje, sadat er by de kwetsbere bealch kin, dêr't gjin stikels op groeie. As er der kâns ta sjocht yt de das fierders ek graach [[lânbougewaaks|lânbouprodukten]], lykas [[nôt]] en [[maïs]].
Dassen hawwe suver gjin natuerlike fijannen mear. Bisten as de [[wolf]], de [[lynks]] of de [[brune bear]] komme yn fierwei it grutste part fan harren ferspriedingsgebiet net mear foar. Sadwaande is de [[minske]] foar harren de wichtichste fijân wurden. Oant it begjin fan 'e tweintichste iuw waard der in protte jacht makke op 'e das, wêrfoar't sels in spesifyk [[hûneras]] mei koarte poatsjes ûntwikkele waard, dat de das yn syn boarch folgje en him derút jeie koe: de [[takshûn]] of tekkel. Tsjintwurdich wurde dassen troch minsken fral by ûngelok deade yn it ferkear, as se in drokke dyk oerstekke. Om dat foar te kommen, binne, fral op 'e Feluwe en omkriten, dassetunnels ûnder snelwegen troch oanlein.
[[File:Deiker Jagdbare Tiere 1093210.jpg|thumb|right|300px |In [[yllústraasje]] fan in das dy't opjage wurdt troch in [[takshûn]].]]


==Status==
Ek al hawwe dassen hjoed de dei in beskerme status, dochs binne der noch withoefolle lju dy't miene dat se skealik foar de lânbou binne of dat se hûnsdûmens ferspriede. Wittenskiplik ûndersyk hat útwiisd dat dat mearkes binne, mar guon minsken wegerje planút har mispleatste opfettings te wizigjen en sadwaande wurde dasseboargen spitigernôch noch faak moedwillich fersteurd.
De das hat de [[IUCN-status]] fan "net bedrige", wat sizze wol dat der wrâldwiid gjin kâns bestiet op it [[útstjerren (biology)|útstjerren]] fan dit bist. Yn [[Nederlân]] is de sitewaasje lykwols justjes oars. Om [[1900]] hinne wiene der nei skatting noch wol 10.000 dassen, mar [[jacht (aktiviteit)|bejaging]] en útrûging mei [[lânbougif]] (om't de das as skealik bist beskôge waard) soarge derfoar dat der om [[1980]] hinne noch mar in 1.200 oer wiene. Trochdat de das dêrnei de status fan beskerme bistesoart krige, en troch it krewearjen fan 'e partikuliere [[feriening]] [[Das en Boom]] (oprjochte yn [[1981]]), is it tal dassen yn Nederlân sûnt wer tanommen ta likernôch 4.500 yn [[2006]]. Yn Fryslân woeks it tal dassen tusken [[1995]] en [[2001]] oan mei 36%.


Dassen hiene lang hast gjin [[rôfdier|natuerlike fijannen]] mear. Bisten as de [[wolf]] (''Canis lupus''), de [[lynks]] (''Lynx lynx'') of de [[brune bear]] (''Ursus arctos'') kamen yn fierwei it grutste part fan harren [[ferspriedingsgebiet]] net mear foar. Sadwaande waard de [[minske]] foar harren de wichtichste fijân. Oant it begjin fan 'e [[tweintichste iuw]] waard der in protte jacht makke op 'e das, wêrfoar't sels in spesifyk [[hûneras]] mei koarte poatsjes ûntwikkele waard, dat de das yn syn boarch folgje en him derút jeie koe: de [[takshûn]] of tekkel. Tsjintwurdich wurde dassen troch minsken fral by ûngelok deade yn it [[ferkear]], as se in drokke [[wei]] oerstekke. Om dat foar te kommen, binne, fral op 'e [[Feluwe]] en omkriten, [[dassetunnel]]s ûnder [[snelwegen]] troch oanlein. Mei it weromkommen fan 'e wolf yn Nederlân, oan it begjin fan 'e [[ienentweintichste iuw]], hat de das wer in echte, natuerlike fijân krigen, wat perfoarst in positive útwurking hawwe sil op it natuerlik lykwicht.
== Domestisearring ==
Der besteane ferskate ferslaggen fan dassen dy't domestisearre binne. Nuete dassen skine oanhellerige húsdieren wurde te kinnen en men kin se beleare om te kommen as men har namme ropt. Se binne net dreech te fuorjen, mei't se hast alle wol ite wolle, al hat bliken dien dat se in swak hawwe foar bargefleis. Se kinne de minske helpe troch [[rotten]], [[mol]]len en [[wylde knyn|kninen]] te bejeien. Hoewol't der ien ferhaal bestiet oer in das dy't befreone rekke mei in [[foks]], duldzje se oer it algemien gjin [[hûn]]en of [[kat]]ten om har hinne. Mei't dassen no in beskerme bistesoarte foarmje, is it hâlden en domestisearjen fan dassen hjoed de dei strang ferbean.


Ek al hawwe dassen hjoed de dei in beskerme status, dochs binne der noch withoefolle lju dy't miene dat se skealik foar de [[lânbou]] binne of dat se [[hûnsdûmens]] (rabiës) ferspriede. [[Wittenskip]]lik ûndersyk hat útwiisd dat dat fabeltsjes binne, mar guon minsken wegerje planút har mispleatste opfettings te wizigjen en sadwaande wurde dasseboargen spitigernôch noch faak moedwillich fersteurd.
== Opsomming fan ûndersoarten ==

Der binne 8 (stân fan saken fan [[2005]]) erkende [[ûndersoarte]]n fan 'e Jeropeeske das:
==Domestisearring==
* de Ferganadas (''Meles meles severzovi'')
Der besteane ferskate ferslaggen fan dassen dy't [[domestisearre]] binne. Nuete dassen skine oanhellerige [[húsdier]]en wurde te kinnen en men kin se beleare om te kommen as men har namme ropt. Se binne net dreech te fuorjen, mei't se hast alles wol frette wolle, al hat bliken dien dat se in swak hawwe foar [[bargefleis]]. Se kinne de minske helpe troch [[rotten]], [[mol]]len en [[wylde knyn|kninen]] te [[jacht (aktiviteit)|bejeien]]. Hoewol't der ien ferhaal bestiet oer in das dy't befreone rekke mei in [[foks]], duldzje se oer it algemien gjin [[hûn]]en of [[kat]]ten om har hinne. Mei't dassen no in beskerme bistesoarte foarmje, is it hâlden en domestisearjen fan dassen hjoed de dei alteast yn Nederlân strang ferbean.
* de gewoane of Westjeropeeske das (''Meles meles meles'')
[[File:'Honey' and Laura - geograph.org.uk - 2458524.jpg|right|thumb|250px|In ferweesde jonge das dy't grutbrocht wurdt troch in oppasser.]]
* de Ibearyske das (''Meles meles marianensis'')

* de Kizlyardas (''Meles meles heptneri'')
==Undersoarten==
* de Kretinzyske das (''Meles meles arcalus'')
* de Noarske das (''Meles meles milleri'')
Der binne 8 <small>(stân fan saken yn 2023)</small> erkende [[ûndersoarte]]n fan 'e das (''Meles meles''):
*de Ferganadas (''M. m. severzovi'') <small>([[Sintraal-Aazje]])</small>
* de Rodinzyske das (''Meles meles rhodius'')
*de gewoane of Westjeropeeske das (''M. m. meles'') <small>(grutste part fan [[Jeropa]], ynkl. de [[Britske Eilannen]])</small>
* de Transkaukazyske das (''Meles meles canascens'')
*de Ibearyske das (''M. m. marianensis'') <small>([[Ibearysk Skiereilân]])</small>
*de Kizlyardas (''M. m. heptneri'') <small>([[Lyts-Aazje]] en de [[Levant]])</small>
*de Kretinzyske das (''M. m. arcalus'') <small>([[Kreta]])</small>
*de Noarske das (''M. m. milleri'') <small>([[Skandinavysk Skiereilân]])</small>
*de Rodinzyske das (''M. m. rhodius'') <small>([[Roados]])</small>
*de Transkaukazyske das (''M. m. canascens'') <small>([[Transkaukaazje]], [[Iraan]] en [[Irak]])</small>


== Keppelings om utens ==
== Keppelings om utens ==
* [http://www.dasenboom.nl/frameset.html/ Offisjele webside fan 'e feriening ''Das en Boom'']
*{{nl}}[http://www.dasenboom.nl/frameset.html/ Offisjele webside fan 'e feriening Das en Boom]
* [http://www.dassenwerkgroepbrabant.nl/ Webside fan 'e ''Stichting Dassenwerkgroep Brabant'']
*{{nl}}[http://www.dassenwerkgroepbrabant.nl/ Webside fan 'e Stichting Dassenwerkgroep Brabant]
* [http://www.dassenwerkgroeputrecht.nl/ Webside fan 'e ''Stichting Dassenwerkgroep Utrecht & 't Gooi'']
*{{nl}}[http://www.dassenwerkgroeputrecht.nl/ Webside fan 'e Stichting Dassenwerkgroep Utrecht & 't Gooi]
* [http://www.waarneming.nl/soort/maps/383 Kaart fan Nederlân mei waarnimmingen fan dassen]
*{{nl}}[http://www.waarneming.nl/soort/maps/383 Kaart fan Nederlân mei waarnimmingen fan 'e das]
* [http://www.censusnature.nl/ Webside fan 'e ''Stichting Census'']
*{{nl}}[http://www.censusnature.nl/ Webside fan 'e Stichting Census]
* [http://www.censusnature.nl/documents/Van_Moll-Lutra-Badger_survey_internetversion.pdf/ Fersprieding fan 'e das yn Nederlân yn 2001 (pdf-download)]
*{{en}}[http://www.censusnature.nl/documents/Van_Moll-Lutra-Badger_survey_internetversion.pdf/ Fersprieding fan 'e das yn Nederlân yn 2001 (pdf-download)]


{{boarnen|boarnefernijing=
{{boarnen|boarnefernijing=
* Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, ''Zoogdieren van West-Europa'', Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.
* {{Aut|Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van,}} ''Zoogdieren van West-Europa'', Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770, s. 180–184.
----
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/European_badger ''References'', op dizze side].
----
----
{{commonscat|Meles meles}}
{{commonscat|Meles meles}}
Rigel 115: Rigel 128:
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Monako]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Monako]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Nagorno-Karabach]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân]]

De hjoeddeiske ferzje sûnt 1 jan 2024 om 22.18

das
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje martereftigen (Mustelidae)
skaai Jeraziatyske dassen (Meles)
soarte
Meles meles
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De das of taks (wittenskiplike namme: Meles meles), om ûnderskie te meitsjen mei oare dassesoarten ek wol de Jeropeeske das neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae), de ûnderfamylje Jeraziatyske dassen (Melinae) en it lyknammige skaai fan 'e Jeraziatyske dassen (Meles). It is middelgrut, omnivoar nachtdier, dat yn famyljegroepen libbet en oerdeis yn in eigengroeven ûndergrûnsk tunnelstelsel tahâldt. In mantsjesdas wurdt in bear neamd, en in wyfke in sûch of mot. De das komt ek yn Fryslân foar, benammentlik yn it súdeasten en it súdwesten fan 'e provinsje. Dit bist is nau besibbe oan 'e Aziatyske das (Meles leucurus) en de Japanske das (Meles anakuma). De dassen as groep foarmje in parafyletyske en dêrom ynformele kloft bistesoarten, dy't ferdield is oer trije ûnderfamyljes fan 'e martereftigen. De IUCN klassifisearret de Jeropeeske das as net bedrige.

Algemien foarkommen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De das komt yn frijwol hiele Jeropa foar, útsein op Iislân, boppe de poalsirkel yn Skandinaavje en Ruslân, en op 'e measte eilannen yn 'e Middellânske See, al besteane der op 'e Grykske eilannen Kreta en Roados wol dassepopulaasjes. Bûten Jeropa is de das ek lânseigen yn Lyts-Aazje, de westlike helte fan Syrje, frijwol hiele Libanon, de noardlike helte fan Iraan en parten fan Irak, Turkmenistan, Afganistan, Oezbekistan en Tadzjikistan.

In das op 'e sneup nei fretten.

Foarkommen yn Nederlân en Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederlân komt de das allinne mar yn 'e eastlike helte fan it lân foar. Foar Belgje jildt trouwens itselde. Yn Nederlân rint it ferspriedingsgebiet fan 'e das fan súdlik Fryslân en de súdlike stripe fan Grinslân nei it suden ta en omfettet hiele Drinte, Oerisel, Gelderlân en Limburch, en fierders it Goai yn Noard-Hollân, de Utertske Heuvelrêch yn it easten fan Utert en de Peel en oangrinzgjende gebieten yn it easten fan Noard-Brabân. It swiertepunt fan 'e Nederlânske dassepopulaasje leit op 'e Feluwe, yn súdlik Gelderlân, eastlik Noard-Brabân en Limburch.

Yn Fryslân komme dassen benammen foar yn 'e súdeasthoeke fan 'e provinsje, yn 'e gemeenten Opsterlân, It Hearrenfean, en de Stellingwerven. Dêrnjonken hawwe se har ek yn 'e Fryske Súdwesthoeke fêstige. Yn it foarjier fan 2023 kamen dassen yn it nijs dy't mei harren dasseboarch by Molkwar it spoar fan Ljouwert nei Starum ûndergroeven hiene, sadat it treinferkear dêr ferskate wiken stil kaam te lizzen oant de dassen ûnder twang ferhuze wiene.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De folwoeksen das hat trochinoar in kop-romplingte fan 67–80 sm, mei in sturtlingte fan 12–19 sm en in gewicht fan 61/2–161/2 kg. Bearen binne dúdlik swierder as sûgen. Fan lichemsbou is de das gnobsk en swierboud mei yn ferhâlding koarte poaten en teffens in koarte sturt. De krêftige foarpoaten binne bedoeld om mei te graven, en mei syn leech-by-de-grûnske, kylfoarmige lichem is de das folslein oanpast oan it libben yn in ûndergrûnske hoale.

In das yn it lange gers.

Dassen hawwe in tige werkenbere koptekening, sa werkenber sels, dat de measte minsken dêr wierskynlik it earste oan tinke as hja har in das foarstelle: de frij brede kop is wyt, mar der rinne twa oerlânse streken fan 'e snút oer de eagen en earen hinne nei de nekke ta, wat de das in bytsje op in maskere strûkrôver lykje lit. Op 'e tsjûkbehierre rêch is de pels fierders griis fan kleur, wylst de bealch en de poaten swart binne. De beide earpuntsjes en de sturt binne wyt. Albinistyske (hielendal wite), melanistyske (hielendal swarte) en erytristyske (rodzige) eksimplaren kommme yn beskate kriten frij algemien foar.

De das komt foar yn in ferskaat oan biotopen, mar hat in foarkar foar fersnipele bou- en greidlân mei hjir en dêr strewelleguod, boskjes, hagen en beamwâlen. Yn 't bysûnder fiele dassen har goed thús yn rivierdellingen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dassen binne sosjale bisten, dy't yn famyljegroepen fan ornaris 3–6 bisten libje, al kinne yn tige fiedingsrike gebieten wol troepen fan 20 eksimplaren foarkomme. Se libje yn in mânske eigengroeven hoale, dy't in "boarch" neamd wurdt. Sa'n dasseboarch omfettet in kompleks gongestelsel mei almeast 3–10 ûnderskate yngongen, mar hiel âlde boargen kinne yn ekstreme gefallen wol 80 yngongen telle. Al dy yngongen liede nei in sintrale "wentsjettel", dêr't de dassen mei-inoar sliepe salang't it bûtendoar ljocht is.

In das foar de yngong fan syn boarch.

De das is nammentlik in nachtdier, dat him mar komselden foar de jûnsskimer sjen lit en mei de moarnsdage syn boarch wer opsiket. Nachts kinne se wol 4 km fier omdoarmje. Under geunstige omstannichheden (d.w.s. it oerfloedich foarkommen fan fretten) omfettet it territoarium fan in dassekloft net mear as in 30 ha, mar yn marzjinale habitats kin it wol 400 ha beslaan.

De peartiid falt foar dassen yn 'e iere maityd, al pearje se ek wol yn oare jiertiden. Nei in ferlinge draachtiid wurdt it embryo pas yn desimber ek echt ymplantearje yn it limoer fan 'e sûch en dan wurde der nei likernôch 7 wiken, ornaris tusken mids jannewaris en maart, 1–5 (mar ornaris 2–3) jongen smiten. Mei 2 moanne komme de jongen foar it earst boppegrûnsk en nei noch in moanne wurde se ôfwûn. As it fretten krap is, wurde de jongen noch foar de winter fan harren bertejier út 'e boarch en it territoarium ferdreaun; is der genôch te beplúzjen, dan meie se bliuwe, al geane de jonge bearen dan op 'en doer dochs ek op 'e swalk.

Dassen binne omnivoaren, dy't benammen libje fan wjirmen, beien, nuten, poddestuollen, lytse kjifdieren, slakken en ynsekten. De das is it iennichste bist dat stikelbargen fret, dy't er mei syn lange krêftige graafklauwen útrôlet fan 'e bal dêr't se har ta oprôlje, sadat er by de kwetsbere bealch kin, dêr't gjin stikels op groeie. As er der kâns ta sjocht yt de das fierders ek graach lânbouprodukten, lykas nôt en maïs.

In yllústraasje fan in das dy't opjage wurdt troch in takshûn.

De das hat de IUCN-status fan "net bedrige", wat sizze wol dat der wrâldwiid gjin kâns bestiet op it útstjerren fan dit bist. Yn Nederlân is de sitewaasje lykwols justjes oars. Om 1900 hinne wiene der nei skatting noch wol 10.000 dassen, mar bejaging en útrûging mei lânbougif (om't de das as skealik bist beskôge waard) soarge derfoar dat der om 1980 hinne noch mar in 1.200 oer wiene. Trochdat de das dêrnei de status fan beskerme bistesoart krige, en troch it krewearjen fan 'e partikuliere feriening Das en Boom (oprjochte yn 1981), is it tal dassen yn Nederlân sûnt wer tanommen ta likernôch 4.500 yn 2006. Yn Fryslân woeks it tal dassen tusken 1995 en 2001 oan mei 36%.

Dassen hiene lang hast gjin natuerlike fijannen mear. Bisten as de wolf (Canis lupus), de lynks (Lynx lynx) of de brune bear (Ursus arctos) kamen yn fierwei it grutste part fan harren ferspriedingsgebiet net mear foar. Sadwaande waard de minske foar harren de wichtichste fijân. Oant it begjin fan 'e tweintichste iuw waard der in protte jacht makke op 'e das, wêrfoar't sels in spesifyk hûneras mei koarte poatsjes ûntwikkele waard, dat de das yn syn boarch folgje en him derút jeie koe: de takshûn of tekkel. Tsjintwurdich wurde dassen troch minsken fral by ûngelok deade yn it ferkear, as se in drokke wei oerstekke. Om dat foar te kommen, binne, fral op 'e Feluwe en omkriten, dassetunnels ûnder snelwegen troch oanlein. Mei it weromkommen fan 'e wolf yn Nederlân, oan it begjin fan 'e ienentweintichste iuw, hat de das wer in echte, natuerlike fijân krigen, wat perfoarst in positive útwurking hawwe sil op it natuerlik lykwicht.

Ek al hawwe dassen hjoed de dei in beskerme status, dochs binne der noch withoefolle lju dy't miene dat se skealik foar de lânbou binne of dat se hûnsdûmens (rabiës) ferspriede. Wittenskiplik ûndersyk hat útwiisd dat dat fabeltsjes binne, mar guon minsken wegerje planút har mispleatste opfettings te wizigjen en sadwaande wurde dasseboargen spitigernôch noch faak moedwillich fersteurd.

Domestisearring

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der besteane ferskate ferslaggen fan dassen dy't domestisearre binne. Nuete dassen skine oanhellerige húsdieren wurde te kinnen en men kin se beleare om te kommen as men har namme ropt. Se binne net dreech te fuorjen, mei't se hast alles wol frette wolle, al hat bliken dien dat se in swak hawwe foar bargefleis. Se kinne de minske helpe troch rotten, mollen en kninen te bejeien. Hoewol't der ien ferhaal bestiet oer in das dy't befreone rekke mei in foks, duldzje se oer it algemien gjin hûnen of katten om har hinne. Mei't dassen no in beskerme bistesoarte foarmje, is it hâlden en domestisearjen fan dassen hjoed de dei alteast yn Nederlân strang ferbean.

In ferweesde jonge das dy't grutbrocht wurdt troch in oppasser.

Der binne 8 (stân fan saken yn 2023) erkende ûndersoarten fan 'e das (Meles meles):

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770, s. 180–184.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.