Waregem
Waregem is in plak en gemeente yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen. It leit yn de delte fan de Leie tusken Kortrijk en Gint en makket diel út fan it arrondissement Kortrijk. De gemeente bestiet út de plakken Beveren-Leie, Desselgem, Sint-Eloois-Vijve en Waregem sels. Waregem en it westliker lizzende Sint-Eloois-Vijve rinne yn inoar oer en foarmje tegearre in lytse stêd mei likernôch 30.000 ynwenners. De twa dielgemeentes Beveren-Leie en Desselgem lizze westlik fan Waregem en hawwe elts likernôch 5.000 ynwenners.
Waregem | |
---|---|
lokaasje Waregem yn it arrondissemint Kortrijk yn de provinsje West-Flaanderen | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Belgje |
Lânsdiel | Flaanderen |
Landkreis | West-Flaanderen |
Sifers | |
Ynwennertal | 38.350 (2020) |
Oerflak | 44,5 km² |
Befolkingstichtens | 861,85/km² |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Koördinaten | 50° 53´N 3° 26´E |
Webside | www.waregem.be |
Oarsprong
bewurkje seksjeDe earste bewenners fan it boskrike gebiet setten harren noch foar de Romeinske tiid nei wenjen oan de Leie. Fynsten fan brûnzen munten en oare saken dy't ferbân hâlde mei de Gallo-Romeinske kultuer wize op in grutte aktiviteit yn de earste iuwen fan de jiertelling. Nuver is dat net want Sint-Eloois-Vijve lei op de krusing fan twa wichtige Romeinske rûtes. De namme fan de hjoeddeiske gemeente ferwiist nei de Waro-stamme, dy't yn de Frankyske tiid yn it gebiet wenne.
Midsiuwen
bewurkje seksjeYn de 10e iuw waard it grutste diel fan it grûngebiet fan Waregem oan de Sint-Pitersabdij fan Gint jûn. It lokale benediktynske bestjoerssintrum stiet noardlik fan it sintrum fan Desselgem en stiet bekend as de 'hôfstede Munkenhof'. Yn de folgjende iuwen makke it midsiuwske feodale systeem it mooglik dat it lân stadichoan ferkavele waard en machtige hearen harren mei de kleastergrûn ferrykten. Yn de 12e iuw eigenen de hearen fan Dendermond harren ek Waregem ta, útsein it doarpssintrum dat oerdroegen waard oan it kapitel fan Uw Leaffrouwe fan Doarnik. Lykas yn de rest fan Flaanderen bestie it grutste diel fan de bewenners yn dy tiid út boeren, spinners en wevers. 13e-iuwske belestingdokuminten tsjûgje fan in grutte ekonomyske aktiviteit. Tsjin it besykjen fan Waregem yn 1635 om rjochten om in eigen merk te krijen waard setten oanbuorjende stêd it yn de kant. In sneonsmerk ward lang om let yn 1784 goedkard troch Joazef II fan Eastenryk.
18e iuw oant hjoed-de-dei
bewurkje seksjeIn soad fan it midsiuwske lânsbesit bleau oant de Frânske Revolúsje tsjin it ein fan de 18e iuw itselde, doe't de stêd sa'n 4.500 ynwenners telde. De oanlis fan de strjitwei tusken Kortrijk en Gint makke de bou mooglik fan in belangrike herberch foar it ferkear yn Waregem, dêr't hynders hierd wurde koene. De Frânske Revolúsje brocht grutte beheinings foar de religieuze frijheid, mar joech de regio ek in modern bestjoerlik systeem mei mear politike autonomy. Yn de 19e iuw rekke de earder bloeiende tekstylproduksje yn it neigean. De lokaasje oan de Leie wie lykwols in segen foar Waregem, want de flaaksyndustry dreau oant fier yn de 20e iuw de lokale ekonomy oan.
Yn de Earste Wrâldkriich wie Waregem fan oktober 1914 oant oktober 1918 in wichtich ferkearssintrum foar Dútske troepen. Amerikaanske en Frânske troepen befrijden de gemeente yn 1918 nei in fûle striid.
Waregem waard op 1 jannewaris 2000 offisjeel in stêd.
Demografyske ûntjouwing
bewurkje seksjeAlle histoaryske opjeften slagge op de hjoeddeiske gemeente, ynklusyf dielgemeentes, lykas dy ûntstiene nei de fúzje fan 1 jannewaris 1977.
Yndieling gemeente
bewurkje seksjeIt besjen wurdich
bewurkje seksje- It 'Flanders Field American Cemetery and Memorial' is in Amerikaansk militêr begraafplak dat leit op it krúspunt fan de Wortegemseweg en de Bosstraat, tichteby de ôfrit fan de E17. It is it iennige Amerikaanske begraafplak yn Belgje mei fallen soldaten út de Earste Wrâldkriich. Op it begraafplak rêste 368 soldaten dy't ferstoaren by de befrijing fan Belgje. Yn de kapel steane de nammen gravearre fan 43 fermiste soldaten, fan wa't de resten nea fûn of idintifisearre binne.
- It Kastiel Casier leit yn in 8-hektare grut park yn it sintrum fan de stêd. It park is oanlein yn de Ingelske lânskipsstyl mei fivers en fonteinen.
- Waregem besit in pear midsiuwske tsjerken (de Sint-Amandus- en Sint-Blasiustsjerke en de Sint-Eligiustsjerke). In oare monumintale tsjerke is de 20e-iuwske Hillige Famyljetsjerke. Fierder is de gemeente ryk oan kapellen dy't oan de wei steane.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Waregem fan Wikimedia Commons. |
West-Flaanderen | |
---|---|
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem | |
· · |