Koksijde
Koksijde (Frânsk: Coxyde ) is in kustplak en gemeente yn 'e Belgyske provinsje West-Flaanderen. De gemeente hat hast 22.000 ynwenners.
Koksijde | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Belgje | |
gewest | Flaanderen | |
provinsje | West-Flaanderen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 21.851 (2022)[1] | |
Oerflak | 50,36 km² | |
Befolkingsticht. | 434 ynw./km² | |
Oar | ||
Postkoade | 8670 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 51° 6' N 2° 39' E | |
Offisjele webside | ||
webstee Koksijde | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe fynst fan in grêffjild mei 53 skeletten út de Merovingyske tiid wiist út dat it gebiet doe al bewenne waard. Op grûn fan wiidweidich genetysk ûndersyk troch Prof. Maarten Larmuseau wiene de persoanen net nau oan inoar besibbe. Boppedat hienen hja ferskate itenswensten (guon ieten fisk, oaren net). Dat betsjut dat hja út de wide omkriten kamen en net út ien lytse groep.
Tusken 1127-1128 ûnstie by in klús fan de benediktynske muonts Ligerius in kleastermienskip ûnder lieding fan Fulco. Yn 1138 slette de mienskip him oan by de sistersjinzers. Earste abt waard Robrecht fan Brugge út Clairvaux, dy't letter yn 1153 Bernard yn Clairvaux opfolgje soe. Yn de tiid fan de reformaasje fernielden byldestoarmers de tsjerken en it kleaster en neitiid waard in grut part fan de abdij ôfbrutsen. De muontsen kamen letter werom en der folge nochris in tiid fan bloei, dy't troch ynfallen fan de Frânske revolúsjonêren yn 1796 einige.
Op de Ferraris-kaarten út 1777 is Koksijde te sjen as it tige lyts doarpke 'Cauxyde'. Yn de dunen stie hielendal gjin bebouwing, it bestie allinnich út in tsjerke en in stik of wat pleatsen.
Mei de ferlinging fan it tramspoar Oostende-Nieuwpoort nei Veurne waard Koksijde better te berikken. Tusken 1904 en 1909 ried der ek in hynstetram tusken it doarp en de kust.
Yndieling gemeente
bewurkje seksjeDe gemeente Koksijde bestiet út de trije dielgemeenten Koksijde, Oostduinkerke en Wulpen. It âlde doarp Koksijde leit likernôch twa kilometer fan de Noardseekust ôf. Under de dielgemeente Koksijde falle ek it nijere toeristyske sintrum Koksijde-Bad oan de kust en mear nei it west ta Sint-Idesbald. Ek Oostduinkerke hat in kearn mear as in kilometer fan de kust ôf, mei Oostduinkerke-Bad oan de kust en Groenendijk op de grins mei Nieuwpoort. It polderdoarp Wulpen leit mear as 4 kilometer fan de kust ôf yn it binnenlân.
Nû. | Namme | Oerflak (km²) |
Ynwennertal (01/01/2007) |
Kaart |
---|---|---|---|---|
I (IV) (V) |
Koksijde - Koksijde-Dorp - Koksijde-Bad - Sint-Idesbald |
14,19 |
12.358 3.413 5.711 3.234 |
|
II | Oostduinkerke | 17,47 | 8.534 | |
III | Wulpen | 12,29 | 520 |
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeAlle histoaryske ynformaasje giet oer de hjoeddeiske gemeente (dus ynklusyf de dielgemeenten), lykas dy ûntstie nei de weryndieling fan 1 jannewaris 1977.
- *Boarne:NIS, 1831 oan en mei 1981 binne folkstellingen; 1990 en letter binne de ynwennertallen op 1 jannewaris.
It besjen wurdich
bewurkje seksjeMusea
bewurkje seksje- Koksijde: It abdijmuseum Onze-Lieve-Vrouw ter Duinen jout in histoarysk oersjoch fan it libben fan de muotsen fan 1107 oant de lêste dúnhear yn 1833. Op de twadde ferdjipping fan it museum is in kolleksje liturgysk sulverwurk te sjen. De argeologyske lokaasje mei de resten fan de de sistersjinzerske gebouwen binne iepen foar it publyk. Tichtby leit de Súdabdijmûne en de Abdijbuorkerij Ten Bogaerde.
- Koksijde: Yslânfarderhûske Nys-Vermoote oan de Tulpenlaan datearret út de 19e iuw en fertelt oer de skiednis fan Koksijde en de ûntjouwing fan lânboudoarp nei fiskersdoarp oant toeristysk baaiplak.
.
- Koksijde: Abdijhoeve Ten Bogaerde.
- Koksijde: Vanneuvillehuis mei in permaninte útstalling fan de samling Walter Villain
- Oostduinkerke: it Nationaal Visserij Museum mei in kolleksje oer fiskerij en natoer.
- Oostduinkerke: Hiemkundich museum Florishof.
- Sint-Idesbald: Museum 't Krekelhof mei in kolleksje rariteiten (webstee).
- Sint-Idesbald: Paul Delvaux Museum mei in samlink fan de surrealistyske skilder Paul Delvaux.
Tsjerken
bewurkje seksje- Koksijde-Bad: De Us-Leaffrouwe-yn 'e-Dunen (Onze-Lieve-Vrouw-ter-Duinenkerk) yn Koksijde-Bad is modernistyske tsjerke en stiet ek bekend as de ljochtkatedraal.
- Koksijde-Dorp: De Sint-Piterstsjerke (Sint-Pieterskerk) is in tsjerke fan giele bakstien út de jierren 1845-1848.
- Oostduinkerke: De Sint-Niklaastsjerke is in moderne tsjerke út 1952 dy't de midsiuwske tsjerke ferfong nei't dy oan it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch ferneatige waard troch in bom.
- Wulpen: De 19e-iuwske Sint-Willibrordustsjerke mei in 13e-iuwske toer
Militêre begraafplakken
bewurkje seksje- Koksijde: by de tsjerke it Frânske militêre begraafplak.
- Koksijde, R. Vandammestraat: it Britske militêre begraafplak.
- Oostduinkerke, Kerkhofstraat: Britsk militêr begraafplak.
- Wulpen, by de tsjerke in lyts Britsk militêr begraafplak.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Koksijde
|
West-Flaanderen | |
---|---|
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem | |
· · |