Veronica Avluv (Rowlett (Teksas), 23 novimber 1972) is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Iersk-Nederlânsk-Skotsk etnysk komôf, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenamme Victoria Sweet. Neffens har offisjele opjefte is se 1.60 m lang, mei in gewicht fan 48 kg en kupmaat 34D, wêrfoar't se in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien hat.

Veronica Avluv
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Victoria Sweet
echte namme Veronica Avluv
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 23 novimber 1972
berteplak Rowlett (Teksas)
etnisiteit Iersk
Nederlânsk
Skotsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2010 – no
offisjele webside
www.clubveronicaavluv.com

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Avluv waard yn 1972 berne yn Rowlett, yn 'e steat Teksas. Har mem wie in konsertpianiste, en as bern song Avluv yn in Teksaansk koar en learde se pianospyljen. Op 'e middelbere skoalle, dy't hja yn har berteplak trochrûn, wie hja it iennichste famke dat oan skateboarden die. Ek song se yn dy snuorje in bandsje.

Sûnt 1990, doe't se achttjin waard, wurke Avluv as stripper yn in ferskaat oan Amerikaanske stripklubs, yn 't earstoan benammen yn Dallas en omkriten. Ek posearre se wol foar neakenblêden. Nei't se in hoartsje opholden wie mei strippen, pakte se dat wurk wer op nei't se ferfearn wie nei Los Angeles, yn súdlik Kalifornje. Dêrnjonken wie Avluv ek wurksum as profesjoneel hierknipster en fisazjiste.

Yn febrewaris 2010, doe't se 37 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film foar it label Girlfriends Films, yn in lesbyske sêne mei kollega-pornoaktrise Jessi Palmer. Neitiid waard hja troch de pornowebside Brazzers frege om har earste heteroseksuële sekssêne te dwaan. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Avluv sûnt yn mear as 250 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande studio's as Penthouse, Wicked Pictures, Jules Jordan Video, Evil Angel, Zero Tolerance, Adam & Eve, Elegant Angel, Digital Playground, Digital Sin, Diabolic Video, Hustler Video en Devil's Film. Teffens hat se wol wurke foar minder bekende labels, lykas West Coast Productions en Pure Play Media. Fierders hat Avluv ek in protte yn 't spier west foar pornosites op it ynternet, wêrûnder Brazzers en Kink.com.

Avluv hat ûnderwilens (anno 2015) trettjin nominaasjes opgarre foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld), en yn 2015 wûn se ek yndie in AVN Award, yn 'e kategory bêste byrol fan in aktrise. Fierders wûn hja yn 2013 de XRCO Award yn 'e kategory milf fan it jier.

Yn 2012 fertolke Avluv de gastrol fan Victoria Vandenberg yn fjouwer ôfleverings fan 'e tillefyzjesearje Girls of Sunset Place, dy't útstjoerd waard op it Amerikaanske kabelnetwurk Showtime. Mei kollega-pornoaktrise Teagan Presley begûn Avluv yn 2014 in Twitterkampanje (#BoycottChase) tsjin 'e ûnrjochtfeardige behanneling troch de Chase Bank fan guon fan syn klanten, wêrby't bankrekkens opheft waarden dy't Chase as 'riskant' beoardiele. (Dat belied trof net inkeld lju yn 'e pornoyndustry, mar bgl. ek José Antonio Ocampo, de minister fan Bûtenlânske Saken fan Kolombia.)

Priveelibben

bewurkje seksje

Avluv hat harsels yn fraachpetearen omskreaun as "tige biseksueel," en dêrby oanjûn dat se al sûnt har puberteit seksuële relaasjes mei froulju hân hat. Fan 1996 oant syn ferstjerren oan in hertoanfal op 26 maart 2013 wie Avluv troud mei Hans Avluv. Hja is de mem fan trije bern.

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2012 AVN Award nominearre milf/cougar-artyste fan it jier n.f.t.
Xbiz Award nominearre milf-artyste fan it jier n.f.t.
2013 AVN Award nominearre bêste anale sekssêne (mei Manuel Ferrara) Oil Overload 7
nominearre bêste groepsekssêne (mei Vanilla DeVille, Francesca Le, Ava Addams en Kieran Lee) Big Tits at Work 14
nominearre milf/cougar-artyste fan it jier n.f.t.
Xbiz Award nominearre bêste sekssêne yn in publikaasje oer in pearke (mei Marcus London) My Mother's Best Friend 6
nominearre milf-artyste fan it jier n.f.t.
XRCO Award wûn milf fan it jier n.f.t.
2014 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Belle Noire en Tanya Tate) College Cuties Seduce MILF Beauties
nominearre bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Sheena Shaw en Manuel Ferrara) Rump Raiders 4
nominearre milf/cougar-artyste fan it jier n.f.t.
nominearre bêste webside fan in pornostjer (foar ClubVeronicaAvluv.com) n.f.t.
Xbiz Award nominearre milf-artyste fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre orgastysk analiste n.f.t.
nominearre milf fan it jier n.f.t.
2015 AVN Award nominearre bêste orale sekssêne Facialized
nominearre bêste POV-sekssêne (mei Mark Wood) A POV Sphinctacular
nominearre bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Veruca James en Lexington Steele) Anal Boot Camp 2
nominearre bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Rico Strong en Wesley Pipes) Freaky MILFs
nominearre milf/cougar-artyste fan it jier n.f.t.
wûn bêste byrol fan in aktrise Cinderella XXX: An Axel Braun Parody
Xbiz Award nominearre milf-artyste fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre milf fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.